Noarder Drachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 5:
It doarpke is neamd nei de Noarder- of Lytse Dracht (ek Drait neamd).<ref>{{Aut|J. J. Spahr van der Koek}}, ''Drentelen door Drachten'', yn Drok, drok Drachten, 1970.</ref> Der wurdt oannaam dat Noarder-Drachten (en Suder Drachten) om 1150 ûntstien is, oan de Aldewei (de Alde Lykwei) en [[de Folgeren]] fan no.<ref>{{Aut|J. J. Spahr van der Koek}}, ''Drentelen door Drachten'', yn Drok, drok Drachten, 1970.</ref> De namme wurdt yn stikken neamd sûnt 1441.
 
De tsjerke, dêr't noch in ienfâldige tekening fan [[Bearn Lap]] fan bekend is, stie op it plak fan it âlde tsjerkhôf oan de Stasjonswei fan no. Foar de grutskalige ferfeanings hie it doarp in djip, grut efterlân dat sa'n bytsje oan de grins mei [[Achtkarspelen]] rûn. Mei it ûnsteanûntstean fan [[Rottefalle]] en [[Drachtster Kompenije]] is himrik tige krompen.
 
Oant 1667 foarmen Noarder- en Suder Drachten in tsjerklike kombinaasje mei [[Boarnburgum]] en [[Koartehimmen]]. Doe waarden de beide doarpen te grut en kaam der ien predikant foar de beide Drachtens.<ref>{{Aut|Oostra, Jolt}}, Drachtster namen. Toponymie van Drachten (1197).Side 14</ref>