Isadora Duncan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Oanf.
No edit summary
Rigel 2:
'''Isadora Duncan''' ([[San Fransisko]], [[26 maaie]] [[1878]] - [[Nice]], [[14 septimber]] [[1927]]) wie in [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] dûnseresse. Se besocht om yn stee fan it [[klassyk ballet]] in oare foarm fan ballet te finen, dy't mear as de dûnsen út de klassike âldheid wie.
 
Fan har 22<sup>e</sup> ôf wenne se yn West-Jeropa en de [[Sovjet-Uny]]. As bern woe se al neat witte fan it klassike [[ballet]]. Se ûntwikkele in eigen styl en wie de earste dy't klassike muzyk omsette yn dûns. Dit hat in grutte rol spile by it ûnsteanûntstean fan de [[moderne dûns]].
 
Se trede foar it earst op yn [[Chicago]] en [[New York (stêd)|New York]], mar har grutte trochbraak kaam yn [[Jeropa]]. Nei optredens yn [[Boedapest]] en [[Londen]], reizge se naar [[Parys]], [[Berlyn]], en [[Moskou]], om dêrnei werom te gean nei Parys. Se gie op toernee troch heal Jeropa en trede op yn de grutte stêden fan [[Noard-Amearika|Noard-]] en [[Súd-Amearika]]. Sûnt 1909 hie hja in eigen dûnskoalle yn Parys. Se ynspirearre oare keunstners. Doe't yn [[1913]] it ''[[Théâtre des Champs-Élysées]]'' boud waard, waard se ôfbyld yn in reliëf troch [[byldhouwer]] [[Émile-Antoine Bourdelle]] en [[Keunstskilder|skilder]] [[Maurice Denis]] naam har byldnis op yn in muorreskildering.