Reaklif: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw De Tynje oanpast fanwege de betsjuttingsside.
No edit summary
Rigel 5:
Tsjintwurdich leit it klif der kultivearre by: de Iselmarkant is belein mei stien en boppekant is egalisearre. Yn eardere tiden, foar it oanlizzen fan de [[Ofslútdyk]] riisde it as in echt klif rûch op oan de westkant fan de [[Sudersee]].
 
Oer it ûnsteanûntstean fan it Reaklif diene earder ferskate mites de rûnte. Neffens guon hie op it plak fan it klif yn de oertiid in fulkaan stien, neffens oaren hie de reade kleur fan it klif te meitsjen mei in fjoerspuiende draak dy't dêr op [[21 juny]] altyd út de grûn kaam. Yn de omkriten fan it klif giet noch altyd it sechje dat tongerbuien boppe it Reaklif yn twaën brekke.
 
Op it Reaklif stiet sûnt [[1951]] in [[monumint]] ta oantinken oan de [[Slach by Warns]] dy't yn dy omkriten yn [[1345]] plakfûn hat. Dat bestiet út in 14&nbsp;ton swiere [[stien]], suver in [[rots]]blok eins, op in [[fuotstik]]. Op 'e stien stiet de [[tekst]]: ''1345 - leaver dea as slaef''.<ref>[http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?code=LC&date=19510925&id=LC-19510925-3001 ''Weerbarstige Steen'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 25 septimber 1951.]</ref> De stien wie skonken troch de [[kommunist]] [[Gerrit Roorda]] fan [[De Tynje (doarp)|De Tynje]].<ref>{{Aut|[[Klaas Jansma|Jansma, Klaas]]}}, ''Friesland en Zijn 44 Gemeenten'', Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.</ref> Op it klif fynt alle jierren op [[26&nbsp;septimber]] of dêromtrint de offisjele [[Betinking fan de Slach by Warns]] plak.