Loadewyk de Dútser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Iere libben: Hôf is tún
dien
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ludwig der Deutsche.jpg|thumb|It Segel fan Loadewyk de Dútser]]
[[Ofbyld:East Francia 843.svg|250px|thumb|Keninkryk East-Frânsje yn 843]]
'''Loadewyk de Dútser''' ([[806]] — [[Frankfurt am Main]], [[28 augustus]] [[876]]) wie de tredde soan fan keizer [[Loadewyk de Fromme]] en [[Ermengarde fan Haspengoa]]. Hy waard as '''Loadewyk II''' kening fan [[East-Frânsje]], it lettere [[Dútslân]]. Letter waard hy ek kening fan [[Loataringen]], hjir as '''Loadewyk I'''. Hy krige de bynamme '''de Dútser''' om him te ûnderskieden fan syn omkesizzer, [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]], dy't [[kening fan Itaalje]] wie, en ek de keizerskroan droech.

Mei it [[Ferdrach fan Ferdun]] waard it [[Frankyske ryk]] fan Loadewyk de Fromme ferparte oer syn trije soannen: Loadewyk de Dútser, [[Karel de Keale]] en [[Lotarius I]]. Sa al earder sein krige Loadewyk [[East-Frânsje]]. Nei de dea fan syn âldste broer Lotarius I waard syn part fan it Frankyske ryk, it [[Midden-Frânsje|Middenryk]], fierder ferparte ûnder syn trije soannen: [[Lotarius II]], [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]] en [[Karel fan Provence|Karel de Jonge]]. Dizze trije omkesizzers fan Loadewyk koenen harren sels net hanthavenje. Yn [[869]] pikte Loadewyk Loataringen yn.

Loadewyk de Dútser wurdt tsjintwurdich beskôge as de meast bekwame telch fan de doetiidske [[Karolingen]].
Line 7 ⟶ 8:
Loadewyk wie yn syn iere jierren gauris oan it hof fan syn pake, keizer [[Karel de Grutte]], dêr't er in goede relaasje mei hie. Nei't syn heit Loadewyk de Fromme keizer waard nei it ferstjerren fan Karel de Grutte, stelde dy yn [[817]] it ''[[Ordinatio Imperii]]'', in feroardering dy't de ferdieling fan it ryk oer syn trije soannen regele, gear en waard Loadewyk de Dútser as [[ûnderkening]] fan it [[hartochdom Beieren]] oansteld. Karel de Grutte begûn mei sokke praktiken; dat er in famyljelid oanwiisde om as ûnderkening fan in pleatslike keninkryk te wurden. Loadewyk regearre fanút [[Regensburch]], de âlde haadstêd fan de [[Bajuwaren]]. Yn [[825]] rekke er belutsen yn oarloggen tsjin de [[Wenden]] oan de eastlike grins. Yn [[827]] boaske er mei [[Emma]], suster fan syn styfmem [[Judit fan Beieren]], beide dochters fan [[Welf]], de stifter fan it Hûs fan de [[Welfen]] dy't besittings hie fan de [[Elsas]] oant Beieren.

==Rebûlje tsjin syn heit==
Yn de earste boargerkriich tsjin it regear fan syn heit wie er amper by belutsen. Yn de twadde boargerkriich hiene syn bruorren [[Lotarius I]], doe [[kening fan Itaalje]], en [[Pepyn I fan Akwitaanje|Pepyn I]], hartoch fan [[Akwitaanje]], him oerhelle [[Hartochdom Swaben|Alemanje]], dy't harren heit oan harren jongere healbroer [[Karel de Keale]] jûn hie, oan te fallen. Hja seine Loadewyk it ferôvere lân ta nei in oerwinning. Yn [[832]] late er in leger [[Slaven (folk)|Slaven]] yn Alemanje, mar syn heit treau him werom. Loadewyk de Fromme hie him ûnturven, mar de opstannige soannen wisten harren heit finzen te nimmen en ôf te setten, mar waard gau wer oanstald. De keizer sleat doe frede mei syn soannen en Loadewyk krige yn [[836]] Beieren wer werom, dat er winliken nea ferlern hie.

Loadewyk begûn de tredde boargerkriich yn [[839]], nei't in stripe fan syn lân oan Karel de Keale jûn waard. Loadewyk foel Alemanje fannijs oan. Ditkear andere Loadewyk de Fromme fluch en de jongere Loadewyk waard fier yn it sudeasten fan syn gebiet treaun en waard twongen frede te sluten.

==Boargerkriich 840-843==
[[Ofbyld:Die deutschen Kaiser Ludwig der Deutsche.jpg|220px|thumb|Portret fan Loadewyk de Dútser]]
Doe't keizer Loadewyk de Fromme yn 840 ferstoar en Lotarius it hiele Keizerryk opeaske, gie Loadewyk in alliânsje oan mei Karel de Keale en hja fersloegen Lotarius en harren omkesizzer [[Pepyn II fan Akwitaanje]], de soan fan Pepyn I dy't yn [[838]] ferstoar, yn de [[Slach by Fontenoy]] yn juny [[841]].

Yn juny [[842]] moeten de trije bruorren op in eilân yn de rivier de [[Saône]] en ûnderhannelje oer de frede. Elts stelde 40 fertsjinwurdigers oan dy't de grinzen fan harren keninkriken fêststelden. Dat late ta it [[Ferdrach fan Verdun]], ôfsletten yn augustus [[843]], dêr't Loadewyk it measte gebiet beëasten [[Grut-Fryslân|Fryslân]] en de [[Ryn]] krige. It gebiet om [[Speyer]], [[Worms]] en [[Mainz]] hinne, oan de westigge fan de Ryn kamen ek ta Loadewyk syn keninkryk [[East-Frânsje]], neffens de [[Ede fan Straasburch]] fan 842. Syn gebiet omfieme [[Hartochdom Beieren|Beieren]], dêr't syn haadstêd Regensburch yn lei, [[Hartochdom Swaben|Swaben (of Alemanje)]], [[Hartochdom Franken|Franken]], [[Tueringen]] en [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]].

Loadewyk kin wol sjoen wurde as de stifter fan it [[Keninkryk Dútslân]], dochs syn besykjen it gânse Keizerryk te ferienigjen wiene om'e nocht. Yn 842 ûnderdrukte er de [[Stellinga]]-opstân yn Saksen en yn [[844]] twong er de Slavyske [[Abodriten]] syn hearskippij te erkennen en hy liet harren hartoch Gozmovil ombringe. Syn hartoch fan Tueringen, Takolf, late ekspedysjes tsjin de [[Bohemen]], [[Moraavje]]rs en oare Slavyske folken, mar hie net in soad súkses tsjin de plonderjende [[Wytsingen]].

==Skeel mei Karel de Keale==
Yn [[852]] stjoerde Loadewyk syn soan [[Loadewyk de Jongere]] nei Akwitaanje, dêr't pleatslike eallju harren tsjin it regear fan Karel de Keale fersetten. De jongere Loadewyk ferfear net earder as [[854]] en kaam in jier letter wer werom.

Fan [[853]] ôf besocht Loadewyk ferskate kearen de kroan fan [[West-Frânsje]] te krijen. Neffens de [[Annales Fuldenses|Annalen fan Fulda]] (''Annales Fuldenses'') hawwe minsken yn dat lân him de kroan oanbean, om't hja it wrede bewâld fan Karel de Keale ferspijden. Nei oanmoediging fan syn omkesizzers Pepyn II fan Akwitaanje en [[Karel fan Provence]] foel Loadewyk West-Frânsje yn [[858]] oan. Karel de Keale koe sa gau gjin leger opbringe en moast nei [[Boergonje (hartochdom)|Boergonje]] flechtsje. Letter yn dat jier fêstige er syn gesach yn West-Frânsje, mar dat duorre net lang. Opskuor yn it leger en de trou fan de Akwitaanske biskoppen oan Karel de Keale makken it hiele ûndernimmen dêrfan ta in mislearrring. Op [[7 juny]] [[860]] sleaten Karel en Loadewyk yn [[Koblenz]] de frede ûnthieten dat yn it iepenbier.
Nei't keizer Lotarius I yn [[855]] ferstoar, makken Karel en Loadewyk plannen en ferdiel syn keninkryk [[Midden-Frânsje]]. Mar Lotarius hie syn keninkryk krekt foar syn dea tusken syn trije soannen ferdield. [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]] krige it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]] en de keizerstitel, [[Lotarius II]] krige it keninkryk [[Loataringen]] en Karel fan Provence krige [[Provence]] en [[Opperboergonje]]. Doe't Lotarius II yn [[869]] ferstoar wie Loadewyk de Dútser siik en syn legers wiene yn'e striid tsjin de Moraavjers ferwikkele. Karel de Keale naam Lotarius syn lân hastich yn, mar doe't Loadewyk wer better waard, twong him ûnder kriichsdriging werom te lûken. Hja sleaten it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn [[870]] en ferdielden Loataringen.

==Ferdieling fan syn keninkryk ûnder syn soannen==
De lettere jierren fan Loadewyk de Dútser stie yn it ramt fan rebûljes fan syn soannen. De âldste soan [[Karloman fan Beieren]] kaam yn [[861]] yn opstân en twa jier letter wer ris. Dêrnei folgen syn twadde soan Loadewyk de Jongere, dy't stipe waard troch syn broer [[Karel de Grouwe]]. Yn [[864]] waard Loadewyk twongen Beieren oan Karloman te skinken, itjinge er sels earder ek die ûnder syn heit. Yn [[865]] ferdielde er it rest fan it lân. Saksen, Franken mei Tueringen gie nei Loadewyk de Jongere En Swaben mei [[Raetia]] gie nei Karel de Grouwe.

Berjochten dat keizer Loadewyk II fan Itaalje dea wie, late ta frede tusken Loadewyk en syn soannen mei de hope op de keizerskroan foar syn âldste soan Karloman. Ek Karel de Keale besocht nei Itaalje te gean om de kroan te krijen. Mar Loadewyk II wie net dea en hja koene allegear wer nei hûs keare.

Loadewyk makke himsels klear foar in nije kriich doe't er op [[28 augustus]] [[876]] yn [[Frankfurt am Main|Frankfurt]] ferstoar. Hy waard begroeven yn de abdij fan [[Lorsch]]. Syn soannen namen de eardere ferdielings fan it keninkryk oan en wiene tefreden mei harren eigen gebieten.

==Houlik en bern==
Loadewyk wie boaske mei [[Emma]] (ferstoar op [[31 jannewaris]] 876) en hja hiene:
*Hildegard, (828–856)
*[[Karloman fan Beieren]], (829–880), Kening fan Beieren
*Irmgard fan Chiemsee ek bekend as Ermengard, (ferstoarn 866) kleasteroerste fan Chiemsee
*Gisela, boaske mei Bertold I, [[paltsgreve]] fan Swaben, en mem fan Kunigunde fan Swaben, frou fan [[Koenraad I fan Franken|Koenraad I]] fan Dútslân.
*[[Loadewyk de Jongere]], (835–882)[10]
*Bertha, (died 877)
*[[Karel de Grouwe]], (839–888)

[[Kategory:Kening fan de Franken]]