Willem Barendsz (I): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 40:
De earste Nederlânske walfiskfeartekspedysje mei de ''Willem Barendsz'' (I) duorre fan desimber 1946 oant maaie 1947. Op 17 desimber begûn de fangst, op 21 maai 1947 gie it skip werom nei Amsterdam.
 
[[Ofbyld:De Amsterdamse haven groeit, Bestanddeelnr 911-5700.jpg|thumb|left|De Bloemendael, 1960]]
Yn 1951 bestelde de maatskippij in nij skip en it seizoen 1954-1955 wie it lêste dêr't de ''Willem Barendsz'' (I) as memmeskip oan meidie. Nei de oplevering fan it nije skip, de [[Willem Barendsz (II)|''Willem Barendsz'']] (II), yn july 1955 waard it âlde skip omdoopt ta '''''Bloemendael'''''. Under dy namme bleau it skip noch oant juny 1960 foar de maatskippij yn tsjinst yn syn oarspronklike funksje fan tanker. Yn it fangstseizoen fierde it as "shuttle tanker" tusken it nije memmeskip en de fêste wâl branje oan en helle traan op. Bûten it fangstseizoen waard it as tanker oan tredden ferhierd.