De Lawei (teater): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
 
Rigel 1:
[[File:De Lawei in Drachten.JPG|thumb|250px|De Lawei, 2012]]
'''De Lawei''' is it [[teaterTeäter (gebou)|teäter]], [[skouboarch]] en kultureel sintrum oan de Boargemaster Wuitewei yn [[Drachten]].
 
== Skiednis ==
Doe't Drachten yn de jierren fyftich fan de 20e iuw begûn te groeien, meifoaral troch de komst fan [[Philips]], waard yn [[1955]] in stifting oprjochte om in kultureel sintrum op te setten.<br>
Op [[20 maaie]] [[1960]] waard De Lawei feestlik iepene. De skouboarch waard neamd nei in [[lawei]] of 'lavei', de tiidwizer foar de feanarbeiders, ek wol de 'klok fan it fean' neamd, dy't ûnder mear it skoft oanjoech. Earste direkteur wie oant 1 juny [[1962]] J.W. van Zanten, dêrnei naam [[Roel Oostra]] it oer.<br>
It gebou De Lawei hie in romme [[foyer]] en boppeseal, yn [[1972]] kaam der in repetysjeromte, kantoaren en ekstra klaaikeamers foar de [[Noorder Compagnie]]. Fierders wie der in grutte binnentún. Ek de muzykskoalle "Meldij" waard útwreide en der kaam in romte foar eksposysjes by. Yn [[1984]] folge in grutte útwreiding mei help fan arsjitekt [[Abe Bonnema]].
 
Ynearsten wienen der fjouwer beropsfoarstellings, yn seizoen 1962-1963 acht, yn 1965-1966 tolfe, yn 1987-1988 130 en yn 2010 mear as 250. Der binne foarstellings foar begjinnede kabaretiers oant grutte musicals lykas dy fan [[Joop van den Ende]]. Neist teäterfoarstellings wurde der kongressen, seminars, presintaasjes, hafabrawedstriden[[HaFaBra]]wedstriden (lykas ONFK), symposiums, lêzingen, ensfh. hâlden. De keunstútlien fan de gemeente Smellingerllân hat ek jierrenlang yn it gebou fan De Lawei húsmanne. De Lawei groeide fan in kultureel sintrum nei in skouboarch fan lokaal, regionaal en lanlik belang.
 
== Keppeling om utens ==