Ferdrach fan Ferdun: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling
Rigel 1:
It '''Ferdrach fan Ferdun''' yn [[843]] regele it ferpartsjen fan it [[Frankyske ryk]], ek wol it ryk fan de [[Karolingen]] neamd, nei de dea fan [[Loadewyk de Fromme]] († [[840]]) ûnder syn trije soannen, [[Lotarius de AldsteI]], [[Loadewyk de Dútser]] en [[Karel de Keale]]. Dizze ryksferparting en it derút folgjende fierdere ferdielen fan it Frankyske ryk foarmet de grûnslach fan de iuwenlange polarisaasjestriid yn [[Jeropa]] dêr't pas yn ús tiid in ein oan komd is.
[[Ofbyld:Verdrag_van_Verdun_1-660x500.jpg|thumb|400 px|right]]
 
== Betsjutting ==
It Ferdrach fan Ferdun late ta it ferparten fan [[West-Jeropa]] yn trije grutte parten. Ut it westlike part ûntstie [[Frankryk]], út it eastlike part [[Dútslân]] en út it midden, [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]], [[Switserlân]] en [[Itaalje]]. Lang om let hat it ferdrach de fûneminten lein foar it moderne Jeropa.
 
==Eftergrûn==
Nei't keizer [[Karel de Grutte]] yn [[814]] ferstoar naam syn soan Loadewyk de Fromme it ryk oer. Under syn regear ferdielde er syn ryk tusken al syn soannen, sa't dy as [[ûnderkening]] ûnder harren heit oer harren eigen keninkriken hearskje koene. Lotarius I, de âldste soan, krige de keizerstitel. Mar nei ferskate feroarings yn de ferdieling en de rebûljes fan de oare soannen, waard syn macht net al te grut. Doe't Loadewyk de Fromme yn [[840]] ferstoar, easke Lotarius it opperhearskippij fan it gânse keizerryk op. Hy stipe syn omkesizzer, [[Pepyn II fan Akwitaanje]], dy't [[Akwitaanje]], in hartochdom yn it westen fan it Frankyske Ryk, hawwe woe. Lotarius syn broer [[Loadewyk de Dútser]] en syn healbroer [[Karel de Keale]] wegeren it opperhearskippij fan Lotarius te erkennen en ferklearren him de kriich. Nei in bloedige boargerkriich fersloegen hja Lotarius yn de [[Slach by Fontenay]] yn [[841]] en hja ûnderhannelen oer in frede yn [[842]] en mei de [[Ede fan Straasburch]] en kamen hja ta in oerienkomst.
 
== Ferdieling ==
Line 12 ⟶ 15:
* [[Loadewyk de Dútser]] krige [[East-Frânsje]], it lettere [[Dútske ryk]].
 
De ryksgrins rûn benammen lâns [[rivier]]en. Sa foarmen de [[Skelde]], de [[Maas]] en de [[Saône]] en de [[Rhône]] de grins tusken Lotaringen en it Frânske Keninkryk. De [[Ryn]] foarme de grins tusken Lotaringen en it Dútske ryk.<br/>
Yn [[855]] waard, nei it ferstjerren fan Lotarius, syn ryk ferdield ûnder syn trije soannen: [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]] waard [[kening fan Itaalje]] en de keizerstitel, [[Karel fan Provence]] krige it [[Keninkryk Boergonje]] en [[Provence]] en [[Lotarius II]] krige al it lân benoarden de [[Jura]], dat nei him neamd waard: [[Loataringen]] (''Regnum Lotharii'').
 
==Neilittenskip==
De ferdieling wie in spegeling fan it âlde Frankyske gebrûk en ferdiel it keninkryk tusken de kening syn soannen, yn plak fan dat de âldste soan it erfgenamt fan de kroan is. Dy praktyk waard letter yn de Westfrankyske en Eastfrankyske keninkriken wol wer oannaam.<br/>
It [[Midfrankyske Ryk]] wie in lang ryk en hie swakke grinzen en kaam in minne ynterne ferbining tekoart trochdat de [[Alpen]] it Ryk yn twaen sniene. Boppedat wie it gjin [[Etnysk|etnyske]] en [[Skiedkunde|skiedkundige]] ienheid sa as it gefal wie by it West- en Eastfrankyske Ryk. It wie net maklik om it gânse [[Karolingyske Ryk]] wer te ferienigjen. Dat barde lykwols foar in koart skoftke ûnder keizer [[Karel de Grouwe]].<br/>
Mei it [[Ferdrach fan Prüm]] yn [[855]], doe't nei it ferstjerren fan Lotarius it Middenryk ferdield waard, �ûntstie yn it noarden it swakke keninkryk [[Loataringen]] dat betwiste waard troch de machtigere steaten dy't fuortkamen út West- en East-Frânsje. Ek de Friezen, dy't ûnder dat keninkryk kamen stribben nei selsbestjoer. De steaten yn it noarden fan Loataringen, dy't der út fuortkamen waarden selsstannige steaten, wylst in tredde part yn it suden, [[Elsas-Loataringen]], hinne en wer foel tusken Frankryk en Dútslân. Yn [[1766]] kaam it ta Frankryk en yn [[1871]] kaam it nei de oerwinning fan [[Prusen]] en syn bûnsgenoaten yn de [[Frânsk-Dútske Kriich]] wer ta it [[Dútske Keizerryk]]. Yn it [[Ferdrach fan Versailles]] yn [[1919]] nei de [[Earste Wrâldkriich]] kaam it wer ta Frankryk en Dútslân anneksearre it wer yn [[1940]]. Ta einbeslút waard nei de [[Twadde Wrâldkriich]] yn [[1945]] fêststeld dat it in Frânsk gebiet wie en dat is hjoed-de-dei noch hieltyd sa, sa'n goed tûsen jier nei it Ferdrach fan Ferdun. It ynstoarten fan it Midfrankyske Ryk droech ek by oan it fersnipperjen op it Italjaanske skiereilân oant yn de [[njoggentjinde iuw]].
 
==Sjoch ek==
*[[Ede fan Straasburch]]
*[[Ferdrach fan Prüm]] ([[855]])
*[[Ferdrach fan Meerssen]] ([[870]])
*[[Ferdrach fan Ribemont]] ([[880]])
 
[[Kategory:Frankyske Aldheid]]