Loadewyk de Dútser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
Rigel 15:
[[Ofbyld:Die deutschen Kaiser Ludwig der Deutsche.jpg|220px|thumb|Portret fan Loadewyk de Dútser]]
Doe't keizer Loadewyk de Fromme yn 840 ferstoar en Lotarius it hiele Keizerryk opeaske, gie Loadewyk in alliânsje oan mei Karel de Keale en hja fersloegen Lotarius en harren omkesizzer [[Pepyn II fan Akwitaanje]], de soan fan Pepyn I dy't yn [[838]] ferstoar, yn de [[Slach by Fontenoy]] yn juny [[841]].<br/>
Yn juny [[842]] moeten de trije bruorren op in eilân yn de rivier de [[Saône]] en ûnderhannelje oer de frede. Elts stelde 40 fertsjinwurdigers oan dy't de grinzen fan harren keninkriken fêststelden. Dat late ta it [[Ferdrach fan Verdun]], ôfsletten yn augustus [[843]], dêr't Loadewyk it measte gebiet beëasten [[Grut-Fryslân|Fryslân]] en de [[Ryn]] krige. It gebiet om [[Speyer]], [[Worms]] en [[Mainz]] hinne, oan de westigge fan de Ryn kamen ek ta Loadewyk syn keninkryk [[East-Frânsje]], neffens de [[EdeEed fan Straasburch]] fan 842. Syn gebiet omfieme [[Hartochdom Beieren|Beieren]], dêr't syn haadstêd Regensburch yn lei, [[Hartochdom Swaben|Swaben (of Alemanje)]], [[Hartochdom Franken|Franken]], [[Tueringen]] en [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]].<br/>
Loadewyk kin wol sjoen wurde as de stifter fan it [[Keninkryk Dútslân]], dochs syn besykjen it gânse Keizerryk te ferienigjen wiene om'e nocht. Yn 842 ûnderdrukte er de [[Stellinga]]-opstân yn Saksen en yn [[844]] twong er de Slavyske [[Abodriten]] syn hearskippij te erkennen en hy liet harren hartoch Gozmovil ombringe. Syn hartoch fan Tueringen, Takolf, late ekspedysjes tsjin de [[Bohemen]], [[Moraavje]]rs en oare Slavyske folken, mar hie net in soad súkses tsjin de plonderjende [[Wytsingen]].