Ferballing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 6:
Yn it eardere [[Nederlânsk-Ynje]] waard soks troch it [[Nederlân]]ske [[koloanje|koloniale bestjoer]] ek dien troch [[Yndoneezje|Yndonezyske]] [[aktivist|ûnôfhinklikheidsaktivisten]] nei [[Boppe-Digoel]], yn [[Nederlânsk Nij-Guineä]] te ferbaljen. [[Frankryk]] wiisde oant fier yn 'e [[tweintichste iuw]] lju út nei [[Duvelseilân]], yn [[Frânsk-Guyana]], al wie dat mear in soarte fan [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] en is it dêrom twifelich oft dat as in ballingsoard sjoen wurde kin. De ûnderskate [[Grut-Brittanje|Britske]] [[strafkoloanje]]s dy't it begjin fan 'e [[kolonisaasje]] fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]] foarmen, wiene lykwols wer wol dúdlik in foarm fan ynterne ferballing.
 
As men tsjin jins wil, mar op eigen inisjatyf nei in oare lokaasje (benammen in oar lân) ferfart, bgl. om't jins wurkjen yn eigen lân ûnmooglik makke is, om't men ynsit oer de feilichheid fan jins [[gesin]], of om't men in politike protestdie stelle wol, dan sprekt men fan '''frijwillige ballingskip'''. Soms rjochtsje politike dissdintendissidinten dy't al of net frijwillich yn ballingskip gien binne om utens in eigen, alternatyf [[regear]] foar harren lân op; sa'n ynstelling hjit in [[regear-yn-ballingskip]]. As in hiele [[etnyske groep]] syn heitelân ûntskuord en nei in ballingsoard stjoerd wurdt, sprekt men yn 'e regel net fan in ferballing, mar fan in [[deportaasje]]. Soks oerkaam bygelyks de [[Joaden]] yn 'e [[sechsde iuw f.Kr.]], dy't tusken [[586 f.Kr.|586]] en [[538 f.Kr.]] yn 'e [[Babyloanyske Ballingskip]] ferkearden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=