Lúksemboarchsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 35:
 
== Status ==
Yn 1984 waard it Lúksemboarchsk as 'nasjonale taal' erkend. It is neist [[Dútsk]] en [[Frânsk]] de tredde offisjele taal fan it lân [[Lúksemboarch]]. In earste offisjele stavering fan it Lúksemboarchsk, de saneamde OLO-stavering (''ofizjel lezebuurjer ortografi''), waard yn 1946 sûnder in protte súkses ynfierd.<ref>[http://www.legilux.public.lu/leg/a/archives/1946/0400709/index.html ''Mémorial A'' no. 40] (7 Septemberseptimber 1946), p.side 637-641: "Arrêté ministériel du 5 juin 1946 portant fixation d'un système officiel d'orthographe luxembourgeois".</ref> Mei mear súkses waard yn 1975 in earste stavering formeel fêstlein<ref>''Mémorial B'' no. 68 (16 Novembernvimber 1976), p.side 1365-1390: "Arrêté ministériel du 10 octobre 1975 portant réforme du système officiel d'orthographe luxembourgeoise".</ref> en yn 1999 folge dêr in staveringswiziging op.<ref>[http://www.legilux.public.lu/leg/a/archives/1999/1121108/index.html ''Mémorial A'' no. 112] (11 Augustaugustus 1999), p. 2040-2048: "Règlement grand-ducal du 30 juillet 1999 portant réforme du système officiel d'orthographe luxembourgeoise".</ref> Yn 1999 waard ek de ''Conseil permanent de la langue luxembourgeoise'' oprjochte (Permaninte Ried foar de Lúksemboarchske Taal).<ref>Das offizielle Internetportal des Großherzogtums Luxemburg: [http://www.luxembourg.public.lu/de/le-grand-duche-se-presente/luxembourg-tour-horizon/langues-et-letzebuergesch/index.html Sprachen und Lëtzebuergesch]</ref>
 
=== Domeinen ===
Rigel 115:
|}
 
It Dútsk hat fjouwer namfallen: Nominatyfnominatyf, genetyf, datyf en akkusatyf. It Lúksemboarchsk hat gjin genetyf. In Dútske sin as ''Der Hut meines Vaters'' (de hoed fan ús heit) wurdt yn it Lúksemboarchsk oerset as ''den Hutt vu mengem Papp'' of ''mengem Papp säin Hutt''. Yn it Lúksemboarchsk wurdt tusken nominatyf en akkusatyf gjin ferskil makke.
 
=== Persoanlike foarnamwurden ===
Rigel 146:
De measte wurden binne tige nau besibbe oan wurden út it Standertdútsk. Sokke wurden ferskille yn útspraak en skriuwwize net in protte fan elkoar of hielendal net. Der binne ek wurden dy’t sterk fan de Standertdútske fariant ôfwike, mar wol sterk oerienkomme mei wurden út oare Dútske dialekten. In foarbyld is 'Gromperen' (ierdappels), dy’t yn it Standertdútsk 'Kartoffeln' hite, mar bygelyks yn it Palterske dialekt 'Grumbeere' neamd wurde. Der binne ek Germaanske wurden dy’t allinnich mar yn it Lúksemboarchsk foarkomme. It wurdsje 'barlucken' (skeelsjen) hat yn oare Germaanske talen of dialekten gjin wjergader. In pear wurden komme oerien mei it Nederlânsk, bgl. it wurdsje 'Geck' (gek).
 
It Lúksemboarch hat folle mear Frânske wurden oernommen as de oare Mûzelfrankfyske dialekten yn Dútslân. Dat binne wurden as 'merci' (tanke wol), 'pardon' (pardon/ekskús) en 'Gare' (stasjon). By de Frânske wurden yn it Lúksemboarchsk kinstkin in ûnderskie meitsjemakke wurde tusken wurden dy’t al aardich ynboargere binne lykas 'fëmmen' ([[Frânsk]]: ''fumer'', [[Dútsk]]: ''rauchen'', [[Frysk]]: ''smoke''/''rikje'') en wurden wêrfan’tst de Frânske oarsprong hiel dúdlik sjochst en hearst lykas 'Accident' (Dútsk: ''Unfall'', Frysk: ''ûngemak''). De Frânske ynfloed is ek werom te finen yn gearstallingen lykas 'Haaptplat' (Frânsk: ''plat principal'', Dútsk: ''Hauptgericht'', Frysk: ''haadgerjocht'').
 
{{boarnen|boarnefernijing=