Samuel Coster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
No edit summary
Rigel 8:
Yn [[1613]] ferskynde, yn earstoan anonym, it ''Spel van Tiisken vander Schilden'' fan Coster. Op grûn fan oerienkomsten yn styl mei syn oar wurk waard it stik oan him taskreaun.
 
Teffens skreau Coster it earste 'klassike' [[Trageedzje (teoniel)|treurspul]] yn it [[Nederlânsk]]: ''Ithys''. Hoewol't it foar it grutstepart yn de styl fan de pastorale skreaun is, is it tige bluodrichbluodderich drama, ûntliend oan ien fan wreedste episoaden út de [[Metamorphosen (literatuer)|Metamorphosen]] fan [[Ovidius]]: it ferhaal fan Tereus en Procne.
 
Om [[1615]] hinne waarden de ferhâldingen yn d'Eglantier minder, âld botste op nij, Hollânsk op lânsfjemd, domme selsoerskatting op kritysk talint. It besykjen fan [[P.C. Hooft|Hooft]] ta rekonstruksje fan de 'âlde keamer' waard neat. De brek kaam yn [[1617]], in lytse groep bejeftige lju, mei Hooft en [[Bredero]] dêrby, stichte ûnder Coster syn lieding de '[[Duytsche Academie]]'. It wie de bedoeling om net allinne [[poëzy]] en [[Toaniel|toaniel]] te beoefenjen, mar boppedat ek wittenskiplike lêzingen yn it Nederlânsk te organisearjen. De universiteiten fan Leien, [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]], [[Universiteit fan Hurderwyk|Hurderwyk]] en [[Universiteit Grins|Grins]] joegen doetiids kolleezje yn it [[Latyn]].
Rigel 14:
Novimber [[1617]] waard in nij klassyk drama fan Coster spile: ''Iphigenia''. It drama hikele yn in bemantele foarm de godstsjinststriderij en de fanatike driuwerij fan de [[Kalvinisme|kalvinistyske]] predikanten, mei fan gefolgen dat dy predikanten fuortendaliks by de boargemaster klagen. Dat kaam de akademy op it predikaat antiklerikaal op en dat wie ek sa. Bot slagge opfierings fan Bredero's ''Spaanschen Brabander'' en Hooft syn ''Warenar'' koenen dêr neat oan feroarje.
 
It ferstjerren fan [[Bredero]], augustus [[1618]], tragyske politike tastannen yn deselde moanne, de terjochtstelling fan Oldenbarnevelt, maaimaaie [[1619]], hawwe de kânsen fan de Akademy beheind.
 
Coster hie it drok as dokter dat hy hat yn de lettere jierren net folle publisearre. Wol fersoarge er noch werprintingen fan syn earder wurk en de meast wichtige Amsterdamske letterkundigen bleaune syn freonen. De doelstellingen fan de Akademy waarden [[1637]] realisearre mei de oprjochting fan de nije Skouboarch. Dat wie Samuel Coster syn wurk net, mar in jongere generaasje joech stal oan wat hie wold hie. It Amsterdamske Ateneum (1632) is wol opfolger fan de Akademy neamd, mar it Ateneum naam fral foarbyld oan de universiteiten en joech klassike fakken yn it Latyn, hoewol't der inkeld ek kolleezjes navigaasjekunde yn it Nederlânsk jûn waarden.
 
== Wurk fan Coster ==
* ''Boere-klucht van Teeuwis de Boer, en men Juffer van Grevelinckhuysen'' (1612, 1e pr. 1627)
* ''Ithys'' (1615)