Simbabwe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 36:
 
=== It Ryk fan Monomotapa ===
De iere skiednis fan it keninkryk fan Monomotapa (dat "Hear fan de Mynen" betsjut) is net bekend; it ryk bestie al sûnt de [[Midsiuwen]]. Benêst de haadstêd Simbabwe mei syn ringmuorre, timpel en twa-ferdjippings hege stiennen hûzen, wienen der hûnderten doarpen dêr't guons fan ek in stêdskarakter hienen. Lânbou, feefokken en mynbou wienen it ekonomyske fûndemintfûnemint fan it ryk. Troch de goudminen koe it keninkryk hannel triuwe mei [[Araabje|Arabieren]], [[Perzen]] en [[Etioopje|Etiopjers]]. Goud, ivoar en slaven waarden tsjin speserijen, izer, sâlt en oare Easterske waren ruile. [[Ofbyld:Great-Zimbabwe-2.jpg|thumb|right|Ruïne fan de eartiidse haadstêd fan Simbabwe]]
 
Doe't op in bepaald stuit de opbringsten fan de goudmynbou efterútgongen, ferswakke de macht fan de keningen, dy't yn [[1607]] de minen ôfstien moasten oan de Portugezen. Yn [[1629]] waard it keninkryk in [[fasalsteat]] fan [[Portugal]]. Stadichoan rûn it ryk yn de [[18e iuw]] noch fierder tebek en yn [[1889]] krigen de [[Grut-Brittanje|Britten]] it yn hannen, dêr't it in part waard fan ''Sambeezje'', letter ''Rodeezje''.
 
=== Rodeezje ===