Lauwerseach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
'''Lauwerseach''' is in doarp yn de [[Grinslân|Grinslanner]] gemeente [[De Marne (gemeente)|De Marne]]. It is nei [[1969]] ûntstien, nei de yndiking fan de [[Lauwerssee]]. Lauwerseach is benammen bekend as fertrekplak fan de [[feartsjinsten yn Fryslân|feartsjinst]] nei [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]].
 
Lauwerseach is ek in wichtige fiskershaven ([[Letterkoade fan de túshaven|letterkoade:]] LO) en hat in eigen [[fiskôfslach]]. In gedielte fan de fiskersfloat fan [[Urk]] hat Lauwerseach as thúshaven (al farre de Urkers noch altyd mei de letterkoade UK fan Urk). Ek in protte [[Denemark|Deense]] fiskers lizze faak oan yn Lauwerseach. It doarp en de haven binne yn trek by deikeminskendeitoeristen, ek troch de mooglikheedenmooglikheden om farske fisk te iten.
 
By it doarp heart ek de wyk ''Robbeoart'', neamd nei de sânplaten ''Robbeplaat'' en de ''Oart''. ''Oart'' betsjut ek eilân (sjoch [[Nienoard]]).
 
De [[spuislûs|spuislûzen]] fan it ôfstreamgebiet fan it [[Ryddjip]], de [[Lauwersslûzen]] neamd, lizze westlik fan it doarp. Hjir rint de grins tusken [[Grinslân]] en [[Fryslân]].
Rigel 15:
De namme is betocht troch yng. Sip Sytsma en begjin [[1964]] keazen, foar it kampemint op it wurkeilân dat dêr foar de ôfsluting fan de [[Lauwerssee]] oanlein wie. De namme is ôflaat fan eilân, ''each'', yn de [[Lauwers]]. Mar it ''each'' ferwiisde ek nei ''Skiermûntseach''. Om't it in eilânnamme wie, waard dy ek brûkt foar it wurkeilân.
 
== Sport en rekreaasje ==
Troch dit plak rint de Jeropeeske [[kuierrûte E9]], dy't lokaal ek [[North Sea Trail]] of (rjochting Fryslân) [[Fryske Kustpaad]] en (rjochting Grinslân) [[Waad- en Wierdenpaad]] hjit. De E9 rint lâns de kust fan [[Portegal]] nei de [[Baltyske steaten]].
Teffens lizze oan de Lauwersmarkant twa jachthavens, in kemping en in strân.