Ferskil tusken ferzjes fan "Leon Trotski"

lytse dinkjes
(→‎Oar: kt)
(lytse dinkjes)
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-R15068, Leo Dawidowitsch Trotzki.jpg|thumb|right|180px|Leon Trotski]]
'''Leon Trotski''' (Russysk: Лев Троцкий/''Lev Trotski'') ([[Janowka]] (de [[Oekraïne]]), [[7 novimber]] [[1879]] — [[Coyoacán (wijkwyk)|Coyoacán]] (suden fan [[Meksiko- stêd]]), [[21 augustus]] [[1940]]), eigentlik '''Lev Davidovitsj Bronstein''' (Лев Давидович Бронштейн), wie in [[Sowjetuny|Russyske]] revolúsjonêr en [[politikus]] dy’t ferneamd waard as ien fan de wichtichste gesichten fan de revolúsje.
 
== Foar de revolúsje ==
By de [[oktoberrevolúsje]] sluet Trotski him oan by de [[bolsjewiken]] en waard hy ien fan de neiste meiwurkers fan [[Vladimir Lenin]]. Trotski waard ta Folkskommissaris foar bûtenlânske saken neamd en ûnderhannele by de [[Frede fan Brest-Litovsk]] yn de [[Earste Wrâldkriich]]. Troch ynterne ferdieldheid yn de sovjetregearing en ynskattingsflaters fan Trotski, mislearren dizzen yn earste ynstânsje wêrtroch de kriich langer duorre hat as needsakelik wie. [[Ruslân]] moast dêrom tige ûngeunstige betingsten ûndertekenje. Trotski en ferskillende fraksjes yn de sowjetregearing hoopten dat yn [[Dútslân]] de revolúsje slagje soe sadat dat lân de kant fan Ruslân kieze soe yn de Kriich mei in pan-Jeropeeske revolúsje kriich ta gefolch.
 
Stalin hie fan it begjin ôf in hekel oan Trotski en Trotski ek oan him. De arbeiders en de Joadske yntellektueel koenen troch it ferskil fan karakter net troch ien doar. Trotski wie yn it begjin fierút de meardere fan Stalin, hy fernedere him mei syn retoryk, ien kear sels yn it iepenbier. Stalin dy’t net ien ferjoech en hast nea wat fergeat sei dat hy in kampioen wie mei nepspieren en ferwietferwite him dat hy him pas oanslute by de bolsjewiken doe't de striid al lang wûn wie. Lenin moast faak tuskenbeide komme wêrby't hy it faak opnaam foar de foar it each swakkere en minder yntelliginte Stalin.
 
== Boargeroarloch ==
Trotski waard by it útbrekken fan de boargeroarloch yn Ruslân beneamd ta folkskommissaris foar kriich. Hy organisearre it Reade leger, ûnder oare troch eardere offisieren fan it keizerlike leger ta meiwurking te twingen troch harren famyljes te bedrigen. Mei muoite wisten se it [[Wite leger]] te ferslaan. Under lieding fan Trotski ûntwikkele it [[Reade Leger]] him ta in doelmjittich middel ter ferdigening fan de revolúsje. It leger waard in soad ynset tsjin demonstraasjes en stakingen. Ek de ekonomy moast neffens Trotski militêrsearremilitêrisearre wurde. Unproduktive en wurkûnwillige arbeiders moasten eksekutearre wurde.
 
Dizze kriichsekonomy makke de befolking poerlilk en it liede ta in grut oantal stakingen. Yn 1921 sette Trotski it leger yn tsjin stakende seelju op de marinebasis Kronsjtadt. Dizze minsken woenen graach frije ferkiezingen en frijlitting fan loftse politike finzenen. Mei it hjir op folgjende bloedbad kaam in ein oan it lêste grutskalige ferset tsjin de kommunistyske regearing. Trotski krige letter in soad kommentaar op syn rol yn dit gehiel. Trotski probearre letter, doe't hy yn [[Meksiko]] wie, om him sels te ferdigenjen. Hy sei dat in revolúsje it rjocht hie om him sels te rêden tsjin in kontrarevolúsje.
 
Yn de boargeroarloch, dêr't de stêd Tsaritsyn, letter Stalingrad, no [[Volgograd]] yn belegere waard, ûntstie der fannijs rebûlje tusken Stalin en Trotski. Dizze kear oer de befoarrieding. Opnij like Trotski de rûzje te winne, dit omdat de militêre liederlieders it mei him iens wienen. Lenin soarge derfoar dat Stalin earfol nei Moskou werom komme koe.
 
Stalin hie de folsleine macht krigen oer it partijapparaat. Dit trochdat Lenin siik wie en de boargeroarloch. Oan de oare kant wie Trotski lieder fan it Reade Leger. Nei Leninsde dea fan Lenin ûntstie in striid om de macht. Undanks Lenins eardere stipe oan Stalin hie hy yn syn testamint dúdlik warskôge foar Stalin. Stalin liet dit dokumint ferdwine. Fanút it partijapparaat koe Stalin it gesach fan Trotski ferminderje. Trotske wie in foarstanner fan in permaninte revolúsje wylst Stalin it idee fan de opbou fan [[Stalinisme|sosjalisme yn ien lân]] oanhong. Yn 1925 koe Trotski net mear rekkenje op stipe yn de partijtop. Hy rekke syn direkte ynfloed op de polityk kwyt. Twa jier letter waard hy rojearre as partijlid en yn 1929 sels deportearre. Dêrnei moast hy it lân sels ferlitte.
[[Ofbyld:Leo Trotzki Oktober 1917.jpg|thumb|right|200px|Trotski yn 1917]]
 
== Ballingskip ==
Koarte tiid hâlde hy ta yn [[Turkije]] derdêr't Ruslân noch ticht by him wie. Yn [[Parys]] skreau hy syn fyzje op de skiednis fan de revolúsje. Yn 1938 wie hy de oprjochter fan de fjirde ynternasjonale. Nei Parys gie hy nei Meksiko, dit die hy op útnûging fan presidint [[Lázaro Cárdenas del Río|Lázaro Cárdenas]]. Yn Meksiko waard him ûnderdak ferliend troch it skilderskeppel [[Diego Rivera]] en syn frou [[Frida Kahlo]]. Mei dizze frou soe hy koart in relaasje hân hawwe. Trotski ferdigene de Meksikaanske revolúsje. Hy stelde foar dat de lannen fan Latynsk Amearika har ûnder lieding fan Meksiko ferienje moasten yn in “Uny fan Amerikaanske sowjet republiken” om sa better tsjinstân tsjin de Feriene Steaten te hawwen.
 
De rol fan Trotski foar en tidens de [[Twadde Wrâldkriich]] is frjemd. Sa ropt hy yn [[1938]] yn folle tarieding op de wrâldkriich op ta in feroaring fan lieders fan de Sowjet Uny. Hy stelt dat de USSR harren rjochtsje moatte op wurken fan iepenbier nut ynstee fan bewapeningsprogramma’s.
== Keppeling om utens ==
* [http://www.trotskyana.net/ The Lubitz TrotskyanaNet: Trotsky, Trotskyism and Trotskyists ''(Ingels)'']
* [http://www.mumblage.com/mercader.html The Story of Ramón Mercader (oer de moardenaarmoardner fan Trotski) ''(Ingels)'']
 
== Oar ==
7.784

bewurkings