Piet Bambergen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 17:
 
==Libben en karriêre==
===Iere jierren===
Bambergen waard yn [[1931]] berne yn [[Amsterdam]]. Fan [[1948]] ôf foarme er tegearre mei [[Chris Houthuizen]] it komyske duo [[De Mounties]], mar yn [[1950]] waard Houthuizen ferfongen troch [[Fred Plevier]], dy't sels yn [[1956]] plakmakke foar [[Ab Smit]]. Smit wie feitlik yn [[1946]] mei Houthuizen ien fan 'e beide oprjochters fan De Mounties, en foar him wie Bambergen sels yn 't plak kommen. Yn De Mounties hie Bambergen de funksje fan ''[[punchliner]]'', dejinge dy't de grappen makke, wylst syn opienfolgjende tsjinspilers de funksje fan [[oanjouwer]] ferfollen.
 
===Karriêre===
Nei't Bambergen en Smit yn [[1960]] spul krigen hiene, stapte Smit op, en kearde Plevier werom as oanjouwer. Om dyselde snuorje hinne waarden De Mounties ûntdutsen troch programmamakker [[Rudi Carrell]]; dêrnei wiene se ek op 'e [[tillefyzje]] te sjen, wat foar harren de trochbraak betsjutte. Doe't Plevier yn [[oktober]] [[1965]] by in rippetysje oan in [[hertoanfal]] kaam te ferstjerren, waard de rol fan oanjouwer oernommen troch [[René van Vooren]]. Hoewol't Bambergen en Van Vooren in muoisume relaasje hiene en privee beslist gjin freonen wiene, foarmen se op it toaniel in tige súksesfol komysk duo.