Ferskil tusken ferzjes fan "Skiermûntseagersk"

L
→‎Taalgebrûk: red nije bydrage
(→‎Keppelings om utens: Resente publikaasjes tafoegje)
L (→‎Taalgebrûk: red nije bydrage)
De wichtichste foarfjochter fan it Skiermûntseagersk wie [[Douwe Fokkema sr.]] ([[1890]]-[[1983]]), dy't him fan 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] ôf o sa foar syn memmetaal ynsette. Sa skreau er yn [[1960]] de ''Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs'', en ek publisearre er yn [[1968]] by de [[Fryske Akademy]] de earste wurdlist fan it dialekt, de ''Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs''. Yn [[1979]] ferskynde fierders ûnder syn redaksje it ''Schiermonnikoger Lôzbúek'', it earste lêsboek foar skoalbern yn it dialekt. Teffens wie Fokkema aktyf as [[oersetter]], wêrby't er û.m. in grut diel fan it [[tsjerke|tsjerklik]] [[liet]]boek, it ''[[Evangeelje fan Mattéus]]'', it [[bibel]]boek ''[[Ruth]]'' en ferskate oare bibelfragminten nei it Skiermûntseagersk ta oerbrocht. Yn dyselde tiid skreaune ek [[dichter]]s as [[Lammert Wiersma]], [[Pita Grilk]] en [[Jacob Fenenga]] yn it eilândialekt.
 
Sûnt de jierren tachtich oant it earste desennia fan 'e 21ste iuw bestie op Skiermûntseach de ''[[Taalplúech]]'', in wurkgroep wêrfan't de leden koarte ferhalen en gedichten yn it eilândialekt skreaune. Teffens fersoarge dizze organisaasje kursussen foar oarstaligen om it dialekt ûnder de knibbel te krijen; yn [[2001]] wiene der sa'n tweintich minsken dy't op dy wize it dialekt learden, wylst der yn [[2004]] sa'n tritich dielnimmers wiene. Yn ''De Dorpsbode'' fan [[15 oktober]] [[2009]] wiewaard de lestelêste oprop dien ta dielnamme oan de TaalpluechTaalplúech, mar der wiene gjin nije leden en dermei wie it besteansrjocht fan de TaalpluechTaalplúech yn [[2009]] effektyf beeinigebeëinige. It Skiermûntseagersk wurdt ek noch brûkt foar [[muzyk]]. Sa hawwe [[Henriëtte Pieperiet-Van Bon]] en [[Greta Hoogvliet]] in [[cd]] útbrocht mei [[liet]]sjes yn it dialekt, mei as titel ''Eilander Liêten, fan de Lytje Pole''.
 
Yn 'e njoggentiger jierren stalde [[Els Perdok]] (de suster fan Henriëtte Pieperiet) in nije wurdlist gear, dy't úteinlik nei in jier as njoggen yn [[2001]] yn útwreide foarm op it eilân publisearre waard as it 400 siden tellende ''Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs'', by de [[Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer|Kultuerhistoaryske Feriening '''t Heer en Feer'']]. Dêryn binne ek noch nije wurden opnommen, lykas ''steunkar'' foar "rollator". Yn [[2002]] kaam der by de Fryske Akademy in oar Skiermûntseagersk [[wurdboek]] út, it tritichtûzen wurden tellende ''Eilander Wezzenbúek'', gearstald troch [[Willem Visser]] en [[Siebren Dyk]].