Lotarius II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 6:
[[Ofbyld:Carolingian empire 855.svg|250px|thumb|left|Karolingyske keninkriken yn 855 mei it keninkryk fan Lotarius yn pears]]
Om politike redens liet syn heit Lotarius mei Teutberga boaskje yn [[855]]. Hja wie de dochter fan [[hartoch]] [[Bosso de Aldere]] fan [[Arles]], dy't grutte besittings hie by it [[berchtme]] de [[Jura]] yn wat no it westen fan [[Switserlân]] is. Dat gebiet lei strategysk tsjinoer [[Boergonje (hartochdom)|Boergonje]] en Itaalje. Krekt foar dat syn heit ferstoar yn 855 ferdielde hy syn keninkryk [[Midden-Frânsje]] tusken syn trije soannen by it [[Ferdrach fan Prüm]]. Lotarius krige it keninkryk benoarden de Jura oant de [[Noardsee]] yn [[Grut-Fryslân|Fryslân]]. It waard bekend as it ''Regnum Lotharii'' ("keninkryk fan Lotarius") en yn de [[tsiende iuw]] as ''[[Loataringen]]''. Syn âldste broer, [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]], krige it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]] en de keizerstitel, wylst syn jongste broer [[Karel fan Provence|Karel]] [[Provence]] en [[Opperboergonje]] krige. Om't Karel swak en in soad siik wie, fûn Lotarius dat Karel net gaadlik wie in keninkryk te bestjoeren. Dêrmei krige er de stipe fan syn omke [[Loadewyk de Dútser]], kening fan [[East-Frânsje]]. Syn omke [[Karel de Keale]], kening fan [[West-Frânsje]] stipe Karel lykwols. Dêrmei waard de ferdieling besegele. Nei't syn broer Karel yn [[863]] ferstoar, krige Lotarius guon gebieten besuden de Jura. <br/>
Syn frou Teutberga koe gjin bern krije. It gânse regear fan Lotarius waard oerhearske troch it besykjen fan him en skied fan syn frou, om't er gjin wetlike opfolgers hie. Lotarius koe dêrtroch syn keninkryk net goed ferdigenje, lykas by de ynfal fan de Wytsingen yn Fryslân en it ferneamde plonderjen fan [[Doarestêd]] en oare Fryske plakken. Hy hie al bern (ien soan en trije famkes) mei syn frijster [[Waldrada]], dy't út in aadlik geslacht út it Dútske Rynlân kaam. Mar dy bern wiene bûtenechtlik en koene gjin wetlike opfolgers wurde. Syn omkes Loadewyk de Dútser en Karel de Keale bemuoiden harren der ek mei en hja wiene stjintsjin in skieding, want hja koene foardiel krije dat Lotarius gjin opfolgers hie. Lotarius, dy't sa fereale wie mei Waldrada stjoerde Teutberga fuort. Dat late ta in kriich mei Teutberga har broer [[Hubert (Bossoniden)]], dy't hartoch ûnder him wie, en Lotarius waard twongen Teutberga werom te nimmen yn [[858]]. Lotarius waard stipe troch syn broer Loadewyk II yn ruil fan inkelde gebieten besuden de Jura. Hy krige tastimming fan de pleatslike biskoppen te skieden en Waldrada te boaskjen. Dat die er dan ek yn [[862]].
In [[synoade]] fan [[Franken|Frankyske]] biskoppen kaam byïnoar yn [[Metz]] en befêstigen dat beslút, mar Teutberga flechte nei it hôf fan Karel de Keale en [[paus Nikolaas I]] draaide it beslút fan de synoade werom. Dat late yn [[865]] ta in oanfal fan syn broer, de [[Keizers fan it Hillige Roomske Ryk|Roomske keizer]], op [[Rome (stêd)|Rome]]. Under driging fan ekskommunikaasje naam er Teutberga wer werom. Teutberga sels woe no skiede fan Lotarius en Lotarius ferfear nei Itaalje foar tastimming fan de nije paus [[Adrianus II]]. De paus sei ta it yn oerweging te nimmen en Lotarius kearde wer werom. Underweis krige er [[malaria]] en ferstoar dêroan yn [[Piacenza (stêd)|Piacenza]] op [[8 augustus]] [[869]].<br/>
Syn bern waarden ûnwettich ferklearre en wylst syn broer warber yn de striid tsjin it [[emiraat fan Bari]] wie, ferdielden syn omkes Karel de Keale en Loadewyk de Dútser syn keninkryk neffens it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn [[870]].