Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ jonkheid
No edit summary
Rigel 38:
It ferhaal dat De Ruyter as [[jonge]] yn in [[touslagger]]ij wurke, liket nearne nei foarút te wizen, en wurdt dêrom troch de measte [[histoarisy]] as autentyk akseptearre. Itselde jildt foar de fermelding dat er by dat [[bedriuw]] fanwegen [[hâlden en dragen|misdragings]] [[ûntslach]] krige en dat er om dyselde reden ek fan [[skoalle]] stjoerd waard. As natuerlik lieder soe De Ruyter de oanfierder fan syn skoalmaten west hawwe, mar hy wie ek in dwerskop en in fjochtersbaas. Nettsjinsteande dat learde er genôch [[skriuwen]] en [[lêzen]] om him letter rêde te kinnen, sjoen de [[lochboek]]en fan sines dy't bewarre bleaun binne, al makke er syn [[Nederlânsk]] (yn in tiid dat der noch lang gjin sprake wie fan in [[standerttaal]]) mei [[Siuwsk]]e [[dialektisme]]n ôf.
[[File:Gerbrand_van_den_Eeckhout_-_Michiel_de_Ruyter.jpg|left|thumb|180px|In gravuere fan De Ruyter út omtrint [[1654]].]]
 
Yn [[1618]], doe't De Ruyter alve jier wie, gied er foar it earst nei see, eat dat nei syn eigen sizzen altyd al syn djipste hertewinsk west hie. Hy waard ''hoogbootmansjongen'' op in [[Steatsk]] [[skip]]. Yn dy tiid wie de [[Tachtichjierrige Oarloch]] tusken de [[Republyk fan 'e Feriene Nederlannen]] en it [[Keninkryk Spanje]] noch yn folle gong, en inkele jierren letter waard De Ruyter [[ferwûne]] troch de Spanjerts [[kriichsfinzen]] nommen en fêstset yn [[La Coruña]], yn [[Galysje]]. Hy wist dêrwei lykwols te ûntsnappen en rûn mei in pear maten it hiele ein werom nei de Republyk, dwers troch Spanje, [[Frankryk]] en de [[Súdlike Nederlannen]]. Dat ûnwierskynlike ferhaal is perfoarst autentyk, mei't [[berneboekskriuwer]] [[John Brosens]] der yn Spaanske [[argyf|argiven]] stikken oer opdjippe hat by it ûndersyk dat er die foar yn [[histoaryske roman|histoaryske]] [[jeugdroman]] ''Koers Pal Noord''.
 
Tsjin 'e tiid dat er fyftjin jier wie, yn [[1622]], hie De Ruyter himsels opwurke ta ''schipper'', wat yn dy tiid de heechste [[ûnderofsier]]srang op in skip wie. Dat jiers waard er promovearre ta ''hoogbootsmansmaat'' en yn dy hoedanichheid fear er foar it earst út op in [[oarlochsskip]]. It is ûnbekend hoelang't dy earste seetsjinst duorre hat, mar it kin nea al te lang west hawwe, mei't De Ruyter datselde jiers noch op 'e noed kaam fan in [[omke]] oan syn [[mem]]mekant, dy't [[kavalery|ruter]] yn it [[leger]] fan [[steedhâlder]] [[Maurits fan Oranje-Nassau]] wie, dat op dat stuit by [[Kleef (stêd)|Kleef]] lei. Neffens de oerlevering soe it west hawwe om dizze man te earjen, dy't blykber in leaflingsomke fan him wie, dat De Ruyter letter 'De Ruyter' as efternamme oannom. Guon histoarisy achtsje it wierskynliker dat de namme 'De Ruyter' ûntliend is oan it ''ruiten'' oftewol rôvjen fan skippen, sa't [[kaper]]s dat diene. De [[stavering]] fan dy namme stie trouwens net fêst, noch it brûken fan it [[tuskenfoechsel]] 'de'. Nei goed [[santjinde-iuwsk]] gebrûk skreau sels De Ruyter sels syn namme op alderhanne manearen. Pas yn 'e [[njoggentjinde iuw]] begûn men standert de staveringsfariant 'De Ruyter' te brûken.
 
Mei syn omke naam De Ruyter letter dat jier as 'bussjitter' diel oan 'e striid tsjin 'e Spanjerts by it [[Belis fan Bergen op Soom (1622)|Belis fan Bergen op Soom]]. ('Bussjitter' is in dûbelsinnige beneaming, dy't sawol '[[musketier]]' as '[[kanonnier]]' betsjutte kin, mar it wurdt frij algemien oannommen dat De Ruyter as kanonnier oannommen waard, om't oan sokken altyd in tekoart wie en seelju der net selden foar oanlutsen waarden, dy't ommers op harren skippen faak ek ûnderfining mei [[kanon (wapen)|kanonnen]] opdien hiene. De Ruyter naam by [[Bergen op Soom]], dêr't de famylje fan syn heit oarspronklik wei kaam, diel oan it [[ûntset]] fan 'e stêd fan 'e Spaanske [[belegering]].