Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ jonkheid
+ houlik & gesin
Rigel 44:
 
Mei syn omke naam De Ruyter letter dat jier as 'bussjitter' diel oan 'e striid tsjin 'e Spanjerts by it [[Belis fan Bergen op Soom (1622)|Belis fan Bergen op Soom]]. No is 'bussjitter' in dûbelsinnige beneaming, dy't sawol '[[musketier]]' as '[[kanonnier]]' betsjutte kin, mar it wurdt frij algemien oannommen dat De Ruyter as kanonnier tsjinne, om't oan sokken altyd in tekoart wie en seelju der net selden foar oanlutsen waarden, dy't ommers op harren skippen faak ek ûnderfining mei [[kanon (wapen)|kanonnen]] opdien hiene. De Ruyter holp by [[Bergen op Soom]], dêr't de famylje fan syn heit oarspronklik wei kaam, mei oan it [[ûntset]] fan 'e stêd fan 'e Spaanske [[belegering]].
 
===Houlik en gesin===
Under de namme fan ''Machghyel Adriaenszoon'' [[troude]] De Ruyter op [[16 maart]] [[1631]] mei de [[boer]]edochter Maayke Velders út it [[Walcheren|Walcherske]] [[Grijpskerke]]. Dy kaam lykwols al op [[31 desimber]] fan datselde jier yn it [[kreambêd]] te [[ferstjerren]]. Harren bern, it [[dochter]]ke Alida of Aaltje, stoar trije [[wike]]n letter.
[[File:Luitenant-Admiraal_Michiel_Adriaensz._de_Ruyter_en_zijn_familie_door_Jurriaen_Jacobson_1662.jpg|right|thumb|300px|In famyljeportret fan Michiel de Ruyter en syn [[húshâlding]], troch [[Jurriaen Jacobson]], út [[1662]].]]
 
De Ruyter wertroude op [[1 july]] [[1636]] mei Neeltje Engels ([[1607]]-[[1650]]), dy't út in begoedige [[patrysjers|regintefamylje]] kaam. Mei har krige er fiif bern: Adriaen ([[1637]]-[[1655]]), Cornelia of Neeltje ([[1639]]-[[1720]]), in trêde dochterke ([[1641]]) dat lykwols nei in pear dagen sûnder [[doop]]t te wêzen ferstoar, Alida of Aaltje ([[1642]]-[[1679]]) en [[Engel de Ruyter|Engel]] ([[1649]]-[[1683]]). Tsjin 'e tiid dat De Ruyter yn [[1650]] foar de twadde kear [[widner]] waard, hied er al in fermogen opboud fan tsientûzenen [[gûne]]n en dêropta it ''poorterschap'' (boargerrjocht) fan Flissingen krigen.
 
Datselde jiers wertroude De Ruyter op 'e nij, te witten op [[15 septimber]] [[1650]]. Syn trêde frou wie de seemans[[widdo]] Anna van Gelder ([[1614]]-[[1687]]), dy't in [[foardochter]] hie út har eardere houlik. Mei har sette De Ruyter him nei wenjen yn in rom [[hûs]] op 'e hoeke fan 'e Lange Nieuwstraat en it Groenewoud, dêr't er [[rinte]]niere woe. Dat rûn lykwols oars, want yn [[1655]] [[ferhuze]] er mei syn gesin nei [[Amsterdam]], dêr't er in hûs kocht oan wat doe de Buitenkant hiet, no Prins Hendrikkade 131. Mei Anna krige er noch twa dochters: Margaretha ([[1650]]-1???) en Anna ([[1655]]-[[1666]]), dy't mei alve jier oan 'e [[pest]] beswike soe.
 
Hast al De Ruyter syn bern kamen jong te ferstjerren. Syn soan Engel soe it ta [[fise-admiraal]] bringe, mar hy troude nea en stoar sûnder bern. De hiele hjoeddeistige neiteam fan De Ruyter, besteande út 'e famylje De Ruyter de Wildt en De Ruyter van Steveninck, stammet ôf fan syn dochters Alida, resp. Margaretha. Dy lêste troude mei in Somer, wylst Alida yn [[1663]] troude mei Johan Schorer ([[1628]]-[[1664]]) en yn [[1664]] wertroude mei de [[predikant]] Thomas Potts.