Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ wurkpaad as keapman ensfh
+1e Ingelske Oarloch
Rigel 65:
Hast al De Ruyter syn bern kamen jong te ferstjerren. Syn soan Engel soe it ta [[fise-admiraal]] bringe, mar hy troude nea en stoar sûnder bern. De hiele hjoeddeistige neiteam fan De Ruyter, besteande út 'e famylje De Ruyter de Wildt en De Ruyter van Steveninck, stammet ôf fan syn dochters Alida, resp. Margaretha. Dy lêste troude mei in Somer, wylst Alida yn [[1663]] troude mei Johan Schorer ([[1628]]-[[1664]]) en yn [[1664]] wertroude mei de [[predikant]] Thomas Potts.
[[File:Lambert-van-den-Bos-Lieuwe-van-Aitzema-Historien-onses-tyds_MGG_0403.tif|right|thumb|180px|In [[19-iuwsk]]e [[gravuere]] fan Michiel de Ruyter.]]
 
===Karriêre yn Steatske tsjinst===
====Earste Ingelske Oarloch====
Nei't der mei de [[Frede fan Múnster]] yn [[1648]] in ein oan 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]] kaam, rekke Steatske float alhiel fertutearze. Doe't yn [[1652]] de [[Earste Ingelske Oarloch]] útbriek, moasten der halje-trawalje in soad skippen mei kundige bemannings en kapteins tafoege wurde om wjerstân biede te kinnen oan 'e sterke marine fan 'e [[Ingelske Republyk]] fan [[Oliver Cromwell]]. De [[Admiraliteit fan Seelân]] die doe in berop op û.o. De Ruyter, dy't sadwaande ein [[july]] fan dat jier út [[plichtsbesef]], sij it mei [[tsjinnichheid]], wer tsjinst naam. Hy waard oansteld as kommandant fan in partikulier betelle helpeskader fan direksjeskippen, dat foar it meastepart bestie út hastich omboude [[keapfardijskip]]pen.
 
De Ruyter krige de rang fan [[fise-kommandeur]] ûnder de [[Hollân]]ske [[fise-admiraal]] [[Witte de With]]. Under ôfwêzichheid fan De With fierde De Ruyter, fanôf syn [[flaggeskip]] de ''Kleine Neptunis'', in eskader Siuwske oarlochsskippen oan dat op [[23 augustus]] [[1652]] yn [[It Kanaal]], yn 'e [[Slach by Plymouth]], in Ingelsk eskader ûnder [[generaal-op-see]] [[George Ayscue]] fersloech. Dat wie de earste Steatske oerwinning yn 'e Earste Ingelske Oarloch, en it makke De Ruyter op slach ta [[seeheld]]. Hy krige yn dy tiid de [[bynamme]] de "''Zeeuwsche Zeeleeuw''". Op [[1 desimber]] [[1652]] waard er befoardere ta [[kommandeur (rang)|kommandeur]], in rang dy't by de Siuwske [[admiraliteit]] gelyk stie oan [[skout-by-nacht]]. Tenei tsjinne er ûnder fise-admiraal [[Johan Evertsen (1600-1666)|Johan Evertsen]], dy't oan it haad fan it [[flottylje]] fan 'e Admiraliteit fan Seelân stie.
 
As eskaderkommandant naam De Ruyter diel oan 'e [[Slach by de Haden]], de [[Slach by de Singels]], de [[Trijedeiske Slach]], de [[Seeslach by Nijpoart]] en de [[Slach by Ter Heijde]]. Under de [[Trijedeiske Seeslach]] besette er mei in diel fan 'e bemanning fan syn skip ''’t Witte Lam'' de Ingelske ''Prosperous'', mar moast dy letter yn deselde slach wer opjaan. Yn 'e jammerdearlik ferrûne [[Slach by Ter Heijde]], foar de Hollânske kust by [[Skeveningen]], kaam de Steatske [[luitenant-admiraal]] [[Maarten Harpertszoon Tromp]] te sneuveljen. De Ruyter wie de iennichste kommandant dy't Tromp syn flaggeskip de ''[[Brederode (flaggeskip)|Brederode]]'' berikke koe om mei eigen eagen it [[lyk]] fan syn befelhawwer te oanskôgjen. Hy wie it, dy't [[Egbert Bartolomeusz. Kortenaer]] advisearre om 'e [[dea]] fan Tromp geheim te hâlden oant de slach foarby wie. De Ruyter boude ûnder de seeslaggen fan 'e Earste Ingelske Oarloch de [[reputaasje]] op in betrouber en kundich [[ofsier]] te wêzen. Troch de nederlaach yn 'e Slach by Ter Heijde einige de Earste Ingelske Oarloch lykwols mei in Ingelske hegemony op see. De Republyk wie twongen en tekenje de fernederjende [[Frede fan Westminster (1654)|Frede fan Westminster]].
[[File:Portrait_of_Michiel_de_Ruyter_-_Atlas_Blaeu-Van_der_Hem_(Volume_II).jpg|left|thumb|190px|It portret fan Michiel de Ruyter yn 'e ''Atlas Blaeu–Van der Hem''.]]