Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ tuskenjierren
+ mear tuskenjierren [no earst ite en it nijs sjen, dan gean ik letter fan 'e jûn hjirmei fierder]
Rigel 82:
By it fakant kommen fan in post as dy fan luitenant-admiraal besochten sawol de oranjesinnigen as de steatsksinnigen in eigen kandidaat beneamd te krijen. Tromp hie dúdlik in oranjeman west, en De Witt woe yn [[1652]] net wer sa'nent oan it haad fan 'e marine hawwe. Hy seach yn De Ruyter, dy't him altyd strikt neutraal holden hie yn 'e ynterne strideraasjes yn 'e Republyk, in bûnsgenoat of yn elts gefal ien dy't in oranjesinnige kandidaat blokkearje koe. Dêrom oefene er grutte druk út op De Ruyter om in promoasje ta luitenant-admiraal oan te nimmen. De Ruyter wegere lykwols, miskien om't er him net baarne woe oan sa'n polityk gefoelige saak, mar grif ek om't er âldere en heger yn rang steande ofsieren lykas Johan Evertsen en Witte de With net passearje woe. Hy bleau lykwols al yn 'e tsjinst fan 'e marine, en waard op [[2 maart]] [[1654]] befoardere ta [[fise-admiraal]] fan 'e [[Admiraliteit fan Amsterdam]]. Dat wie foar him in grutte stap foarút, want de Admiraliteit fan Amsterdam levere tegearre mei de [[Admiraliteit fan de Maas]], yn [[Rotterdam]], de measte skippen foar de Steatske float. Boppedat waard it flottylje fan Amsterdam yn 'e folgjende jierren flink útwreide troch it yn 'e feart nimmen fan likernôch 60 swierdere oarlochsskippen.
[[File:Hendrick_Berckman_-_Portrait_of_Anna_van_Gelder_(1614-1685).jpg|right|thumb|200px|In portret fan De Ruyter syn trêde [[oarehelte|frou]] Anna de Ruyter-Van Gelder, troch [[Hendrik Berckman]], út [[1668]].]]
 
De Steatske float hie dy snuorje ferskate taken. Yn it foarste plak moasten de Nederlânske hannelsrûtes oer see beskerme wurde, benammen dy troch [[It Kanaal]], tsjin 'e [[Dúntsjerker kapers]], en dy yn 'e [[Middellânske See]], tsjin 'e [[Barbarijske seerôvers]]. Dêrnjonken woene De Witt en de reginten dat der tsjinwicht bean waard oan 'e [[ekspansjonisme|ekspansjonistyske]] polityk fan 'e [[Sweden|Sweedske]] [[kening]] [[Karel X fan Sweden|Karel X]], dy't yn 'e [[Lytse Noardske Oarloch]] it hiele [[Eastsee]]gebiet ûnder syn macht drige te bringen. As dat him slagge, soed er oan útlânske skippen safolle [[tol]] oplizze kinne as er mar woe, wylst de saneamde [[Eastfeart]], de hannel op it Eastseegebiet, fan alle Steatske hannelsrûtes krekt it meast winstjaand wie. De Republyk hie der dus alle belang by om Karel X de foet dwers te setten. En fierders waard ek noch besocht en nim beskate dielen fan it [[Portegeeske Ryk|Portegeeske koloniale ryk]] oer. De aksjes dy't De Ruyter yn 'e twadde helte fan 'e [[1650]]-er jierren ûndernaam moatte yn dat ramt pleatst wurde.
 
Sa fear er yn [[1655]] mei de ''[[Tijdverdrijf (linyskip)|Tijdverdrijf]]'' nei de [[Middellânske See]] foar in [[strafekspedysje]] tsjin 'e Barbarijske seerôvers út [[Algiers]]. In jier letter ûntsette er yn 'e [[Eastsee]] de stêd [[Gdańsk|Danzig]], dêr't de Republyk in protte hannel mei driuw, fan in [[belegering]] troch de Sweden. Yn [[1657]] en [[1658]] fierde er blokkade-aksjes út foar de kust fan Portegal. En yn [[1659]] fierde De Ruyter it befel oer in helpfloat dy't de luitenant-admiraal [[Jacob van Wassenaer Obdam]] yn 'e [[Sweedske Oarloch]] bystean moast by de befrijing fan 'e [[Deenske Eilannen]] nei de Steatske oerwinning op 'e Sweden yn 'e [[Slach yn de Sont]], dy in folsleine [[Denemark|Deenske]] nederlaach foarkomd hie. De Ruyter befrijde de stêd [[Nyborg (stêd)|Nyborg]], op it eilân [[Funen]], wêrby't er grutte persoanlik moed oan 'en dei lei troch nei in fêstrûne earste oanfal yn 'e [[Slach om Nyborg (1659)|Slach om Nyborg]] foarop te gean by de [[bestoarming]] fan 'e Sweedske stellings.
 
In jier letter waard De Ruyter troch in tankbere kening [[Freark III fan Denemark]] op [[1 augustus]] [[1660]] as [[ridder (ridderoarder)|ridder]] yn 'e Deenske [[adel]] ferheft. Hy krige dêrby in [[wapen (heraldyk)|famyljewapen]] mei yn 'e fjouwer [[kertier (heraldyk)|kertieren]] resp. in [[harnas]]te ruter, in kanon, in oarlochsskip en de ''[[Dannebrog]]'', de [[flagge]] fan Denemark. De Ruyter en Freark III ûnderholden neitiid in persoanlike [[freonskip]]. De Ruyter krige it rjocht om hannel te driuwen op [[Noarwegen]], dat doedestiden ûnder de [[Deenske Kroan]] foel. Dêrta rjochte er yn [[1660]] de [[Noardkaapske Kompanjy]] op, dy't oant [[1664]] aktyf bleau. It wurkmêd fan dy ûndernimming wie benammen de [[walfiskfeart]], mar dêrnjonken ek de hannel yn [[lever]] en [[kût (fisken)|kût]] fan [[kabbeljau]].
[[File:Dutch_battleships.jpg|left|thumb|300px|In [[skilderij]] fan [[Willem van de Velde de Alde]], dêr't op te sjen binne: de ''Tijdverdrijf'' of ''Huis Tijdverdrijf'' en de ''Olifant'' of ''Witte Olifant'' op 'e foargrûn; de ''Gouden Leeuw'', de ''Hof van Zeeland'' en de ''Vrijheid'' yn 'e midden; en de ''Zeven Provinciën'' op 'e eftergrûn.]]