Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear tuskenjierren [no earst ite en it nijs sjen, dan gean ik letter fan 'e jûn hjirmei fierder]
+ oarloch yn 'e koloanjes
Rigel 89:
In jier letter waard De Ruyter troch in tankbere kening [[Freark III fan Denemark]] op [[1 augustus]] [[1660]] as [[ridder (ridderoarder)|ridder]] yn 'e Deenske [[adel]] ferheft. Hy krige dêrby in [[wapen (heraldyk)|famyljewapen]] mei yn 'e fjouwer [[kertier (heraldyk)|kertieren]] resp. in [[harnas]]te ruter, in kanon, in oarlochsskip en de ''[[Dannebrog]]'', de [[flagge]] fan Denemark. De Ruyter en Freark III ûnderholden neitiid in persoanlike [[freonskip]]. De Ruyter krige it rjocht om hannel te driuwen op [[Noarwegen]], dat doedestiden ûnder de [[Deenske Kroan]] foel. Dêrta rjochte er yn [[1660]] de [[Noardkaapske Kompanjy]] op, dy't oant [[1664]] aktyf bleau. It wurkmêd fan dy ûndernimming wie benammen de [[walfiskfeart]], mar dêrnjonken ek de hannel yn [[lever]] en [[kût (fisken)|kût]] fan [[kabbeljau]].
[[File:Dutch_battleships.jpg|left|thumb|300px|In [[skilderij]] fan [[Willem van de Velde de Alde]], dêr't op te sjen binne: de ''Tijdverdrijf'' of ''Huis Tijdverdrijf'' en de ''Olifant'' of ''Witte Olifant'' op 'e foargrûn; de ''Gouden Leeuw'', de ''Hof van Zeeland'' en de ''Vrijheid'' yn 'e midden; en de ''Zeven Provinciën'' op 'e eftergrûn.]]
 
====Oarloch yn 'e koloanjes====
Fan [[1661]] oant [[1663]] wie De Ruyter mei in Steatsk eskader yn it [[Middellânske-Seegebiet]] aktyf om mei de [[Barbarijske seerôvers]] ôf te weven. Hy twong harren in [[ferdrach]] ôf, mar dat waard frijwol daliks skeind nei't er ôfreizge wie, sadat er yn [[1664]] foar in fjirde jier op rige nei de Middellânske See ta útstjoerd waard. Dêr arrivearre, krige er berjocht dat der driuwender swierrichheden wiene. Yn [[1660]] wie troch de [[Restauraasje fan it Hûs Stuart]] mei Steatske stipe [[Karel II fan Ingelân|Karel II]] op 'e troan kommen fan it yn âlde steat werombrochte [[Keninkryk Ingelân]]. De Republyk hie lykwols net folle tankberens fan 'e heechhertige foarst te ferwachtsjen. Yn [[1664]] besleat Karel syn [[broer]] [[Jakobus II fan Ingelân|Jakobus Stuart]] (de lettere kening Jakobus II), dy't troch Karel oansteld wie as kommandant fan 'e Ingelske marine, om 'e besittings fan 'e Steatske [[Westyndyske Kompanjy]] (WIC) ûnder Ingelsk bestjoer te bringen. Hy liet [[Nij-Nederlân]], de Steatske [[koloanje]] yn [[Noard-Amearika]], besette, en stjoerde admiraal [[Robert Holmes (admiraal)|Robert Holmes]] út om 'e [[faktorij]]en fan 'e WIC yn [[West-Afrika]] te feroverjen en sa de lukrative [[slavehannel]] dêre oer te nimmen.
 
Johan de Witt lei him dêr lykwols net by del. Mar om foar te kommen dat de oranjesinnigen, dy't er derfan fertocht dat se mei de Ingelsen ûnder ien tekken skûlen, syn plannen oan [[Londen]] útbringe soene, liet er syn oarders oan De Ruyter om 'e ferlern giene besittings werom te feroverjen troch de [[Steaten fan Hollân en West-Fryslân]] temûk as [[hammerstik]] oannimme. Sadwaande sette De Ruyter mei syn eskader fan tolve skippen op [[5 oktober]] [[1664]] ôf by [[Cádiz]] wei nei it [[suden]]. As syn flaggeskip brûkte er diskear de ''Spiegel'', dy't mei 68 kanonnen tarist wie. Behalven De Ruyter sels en syn fyftjinjierrige soan [[Engel de Ruyter]] fearen by dizze strafekspedysje tsjin 'e Ingelsen tal fan Steatske seehelden mei, wêrûnder [[Jan Meppel]], [[Enno Doedes Star]], [[Willem van der Zaen]], [[Gideon de Wildt]], [[Isaac Sweers]] en de bruorren [[Jan Jansse van Nes]] en [[Aert Jansse van Nes]]. Fral mei dy lêste soe De Ruyter in hechte [[berop]]smjittige [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] ûntwikkelje.
 
Op [[22 oktober]] ûntrommen de Ingelsen nei in [[ultimatum]] fan De Ruyter it eilân [[Gorée]], foar de kust fan wat no [[Senegal]] is, wêrby't se de lading fan acht fan harren keapfarders tsjin lege priis ferkeapje moasten. De Ruyter sels mette dêr syn jeugdfreon [[Jan Compagnie]], in [[negroïde]] [[Afrika]]an dy't as bern ta [[slaaf]] makke wie en nei Seelân ta brocht wie. No wurke er op Gorée as wurknimmer fan 'e WIC. Om 'e Ingelsen te straffen ferwuostge De Ruyter nei de weromjefte fan Gorée dêr de Ingelske faktorijen. Neitiid liet er it lettere [[Freetown]] [[plondering|plonderje]] en werovere er it WIC-[[fort]] [[Witsen (fort)|Witsen]]. Op [[7 jannewaris]] [[1665]] died er oan 'e [[Goudkust]] (it hjoeddeistige [[Gana]]) it WIC-fort [[Elmina]] oan en begjin [[febrewaris]] oerweldige er de sterke Ingelske fêsting Cormantine, dy't neitiid omdoopt waard ta [[Fort Amsterdam (Goudkust)|Fort Amsterdam]].
[[File:Hendrick_Berckman_-_Portrait_of_Michiel_de_Ruyter_(1607-1676).jpg|right|thumb|200px|In portret fan De Ruyter troch [[Hendrik Berckman]], út [[1668]].]]