Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ oarloch yn 'e koloanjes
+ mear koloniale striid + begjin 2e Ingelske Oarloch
Rigel 97:
Op [[22 oktober]] ûntrommen de Ingelsen nei in [[ultimatum]] fan De Ruyter it eilân [[Gorée]], foar de kust fan wat no [[Senegal]] is, wêrby't se de lading fan acht fan harren keapfarders tsjin lege priis ferkeapje moasten. De Ruyter sels mette dêr syn jeugdfreon [[Jan Compagnie]], in [[negroïde]] [[Afrika]]an dy't as bern ta [[slaaf]] makke wie en nei Seelân ta brocht wie. No wurke er op Gorée as wurknimmer fan 'e WIC. Om 'e Ingelsen te straffen ferwuostge De Ruyter nei de weromjefte fan Gorée dêr de Ingelske faktorijen. Neitiid liet er it lettere [[Freetown]] [[plondering|plonderje]] en werovere er it WIC-[[fort]] [[Witsen (fort)|Witsen]]. Op [[7 jannewaris]] [[1665]] died er oan 'e [[Goudkust]] (it hjoeddeistige [[Gana]]) it WIC-fort [[Elmina]] oan en begjin [[febrewaris]] oerweldige er de sterke Ingelske fêsting Cormantine, dy't neitiid omdoopt waard ta [[Fort Amsterdam (Goudkust)|Fort Amsterdam]].
[[File:Hendrick_Berckman_-_Portrait_of_Michiel_de_Ruyter_(1607-1676).jpg|right|thumb|200px|In portret fan De Ruyter troch [[Hendrik Berckman]], út [[1668]].]]
 
Weromkeard by de westpunt fan Afrika, dêr't De Ruyter de oankomst fan 'e ferwachte Ingelske en Steatske floaten ôfwachtsje woe, krige er berjocht dat dy net kamen, en dat er de [[Atlantyske Oseaan]] oerstekke moast om 'e Ingelske koloanjes yn [[Amearika]] oan te fallen. Op [[27 febrewaris]] sette De Ruyter ôf nei it [[súdeasten]], om in geunstige eastlike [[passaat]]wyn te finen foar de oerstek, om op [[15 maart]], mei de sochte [[wyn (waar)|wyn]] yn 'e rêch, oan 'e oerstek te begjinnen. Op [[30 april]] oerfoel er de Ingelske koloanje [[Barbados]], dêr't er mei syn kanonnen de fêstingwurken en in tritichtal foar anker lizzende keapfarders beskeat. Op it Frânske [[Martinyk]] waarden nije foarrieden ynslein, en nei in besyk oan [[Sint-Eustasius]] makke it eskader njoggen Ingelske keapfarders bút dy't it tafallich tsjinkaam. De bút waard ferkocht op it hjoeddeistige eilân [[Sint-Kits]], dat doe yn Frânske hannen ferkearde, wêrnei't De Ruyter op [[15 maaie]] koerts sette yn 'e rjochting fan [[Bermuda]].
 
De kriichsried fan it eskader seach der yn ûnderling oerlis fan ôf om in werovering fan [[Nij-Nederlân]] te prebearjen, om't men bang wie yn 'e fâle fan in Ingelske float te rinnen (dy't dêr trouwens net wie). Ynstee fear men nei [[Nijfûnlân]] ta, ûnderweis in Ingelske [[hjerring]]float ûnderskeppend. Op Nijfûnlân waard de winstjaande [[fiskrikkerij|kabbeljaurikkerij]] fan [[St. Johns (Nijfûnlân en Labrador)|St. John's]] yn 'e jiske lein. Op [[21 juny]] [[1665]] waard oan 'e oerstek nei [[Jeropa]] begûn, om op [[18 july]] by de [[Fêreu-eilannen]] oan te kommen. Ticht by de [[Sjetlâneilannen]] lâns farrend waard De Ruyter syn eskader op [[22 july]] opfongen troch it [[advysjacht]] ''De Verlooren Zoon'', dat der tynge fan die dat in sterker Ingelsk eskader de [[Noardsee]] trochkrúste mei de opdracht om De Ruyter-en-dy te ûnderskeppen. Foarhinne hie De Ruyter om utens net botte bekend west, mar troch syn súksessen yn West-Afrika wied er foar de Ingelsen de belicheming fan 'e fijân wurden, en woene se him oft it op kaam of del te pakken krije. De Ruyter wachte lykwols syn kâns ôf foar de kust fan it neutrale Noarwegen, en gloep doe troch tichte [[mist]] fia de kusten fan [[Jutlân]] en [[Hilgelân]] by de Ingelsen lâns, om op [[6 augustus]] de haven fan [[Delfsyl]] yn te rinnen, dêr't er as held ûntfongen waard.
 
====Twadde Ingelske Oarloch====
Underwilens wie yn Jeropa de [[Twadde Ingelske Oarloch]] útbrutsen, dy't yn 'e [[koloanje]]s eins al in jier geande wie. Yn 'e [[Slach by Lowestoft]] hie de Steatske float op [[13 juny]] [[1665]] in swiere nederlaach lit, wêrby't [[Jacob van Wassenaer Obdam]] troch in foltreffer yn 'e [[krûdkeamer]] fan syn flaggeskip de dea fûn hie. Sadwaande moast der in nije [[luitenant-admiraal]] nedich. De oranjesinnigen hiene foar dy posysje [[Cornelis Tromp|Cornelis Maartenszoon Tromp]] nei foarren skood, dy't himsels yn [[juny]] tige populêr makke hie troch in wichtich diel fan 'e Steatske float nei de nederlaach by [[Lowestoft]] feilich thús te bringen. Tromp, de soan fan 'e âlde luitenant-admiraal [[Maarten Tromp]], wie in fjurrich oranjeman, dy't it steatsksinnige rezjym fan [[Johan de Witt]] de skuld fan 'e nederlaach op 'e lea besocht te skowen en himsels presintearre as de rêder fan it heitelân. Hy hie it al safier krigen dat er as waarnimmend floatkommandant oansteld wie, doe't De Ruyter yn Delfsyl oankaam.
[[File:Vlissingen05.JPG|left|thumb|300px|It [[stânbyld fan Michiel de Ruyter (Flissingen)|stânbyld fan Michiel de Ruyter]] yn syn berteplak [[Flissingen]]. It waard makke troch [[Louis Royer]], yn [[1841]] ûntbleate op it De Ruyterplein en yn [[1894]] ferpleatst nei it hjoeddeistige plak op it Keizersbolwurk.]]