Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear koloniale striid + begjin 2e Ingelske Oarloch
+ 2e Ingelske Oarloch
Rigel 105:
Underwilens wie yn Jeropa de [[Twadde Ingelske Oarloch]] útbrutsen, dy't yn 'e [[koloanje]]s eins al in jier geande wie. Yn 'e [[Slach by Lowestoft]] hie de Steatske float op [[13 juny]] [[1665]] in swiere nederlaach lit, wêrby't [[Jacob van Wassenaer Obdam]] troch in foltreffer yn 'e [[krûdkeamer]] fan syn flaggeskip de dea fûn hie. Sadwaande moast der in nije [[luitenant-admiraal]] nedich. De oranjesinnigen hiene foar dy posysje [[Cornelis Tromp|Cornelis Maartenszoon Tromp]] nei foarren skood, dy't himsels yn [[juny]] tige populêr makke hie troch in wichtich diel fan 'e Steatske float nei de nederlaach by [[Lowestoft]] feilich thús te bringen. Tromp, de soan fan 'e âlde luitenant-admiraal [[Maarten Tromp]], wie in fjurrich oranjeman, dy't it steatsksinnige rezjym fan [[Johan de Witt]] de skuld fan 'e nederlaach op 'e lea besocht te skowen en himsels presintearre as de rêder fan it heitelân. Hy hie it al safier krigen dat er as waarnimmend floatkommandant oansteld wie, doe't De Ruyter yn Delfsyl oankaam.
[[File:Vlissingen05.JPG|left|thumb|300px|It [[stânbyld fan Michiel de Ruyter (Flissingen)|stânbyld fan Michiel de Ruyter]] yn syn berteplak [[Flissingen]]. It waard makke troch [[Louis Royer]], yn [[1841]] ûntbleate op it De Ruyterplein en yn [[1894]] ferpleatst nei it hjoeddeistige plak op it Keizersbolwurk.]]
 
Foar De Witt wie dat in útkomst. De heldestatus fan De Ruyter rjochtfeardige it passearjen fan 'e lestige Tromp en it foarkommen fan oermjittige oranjesinnige ynfloed op 'e marine. Doe't De Ruyter op [[11 augustus]] ta luitenant-admiraal beneamd waard, ûntstie der sadwaande yn 'e top fan 'e Steatske marine in tige ûnnoflike sitewaasje, wêrby't De Ruyter yn Tromp in ûnderbefelhawwer krige dy't dan wol syn bêst die om him yn syn posysje te skikken, mar dêr eins net ta yn steat wie. Tromp moat tige [[oergeunst]]ich op De Ruyter as luitenant-admiraal west hawwe, hoewol't er nei't it skynt gjin bysûndere antypaty tsjin De Ruyter as persoan koestere. Iroanysk genôch wie dit min ofte mear deselde sitewaasje dy't earder ek bestien hie tusken Tromp syn heit Maarten en dy syn ûnderbefelhawwer [[Witte de With]].
 
Troch it bestean fan fiif ûnderskate admiraliteiten wiene de ferhâldings binnen de marine fan 'e Republyk tige betiizjend, ek foar lju dy't doe libben. De heechste rang fan 'e Admiraliteit fan Amsterdam wie ek luitenant-admiraal, en De Ruyter waard dêr al op [[29 jannewaris]] [[1665]] yn ôfwêzichheid yn dy funksje beneamd. Doe't De Ruyter luitenant-admiraal fan 'e hiele float waard, stelde de stêd [[Amsterdam]] foar om him beide funksjes njonkeninoar beklaaie te litten, mar it luitenant-admiraalskip fan 'e hiele float hie altyd in [[privileezje]] fan 'e [[Admiraliteit fan de Maas]] yn [[Rotterdam]] west, en sadwaande gie De Ruyter op [[19 desimber]] [[1665]] oer nei dy admiraliteit, hoewol't er yn Amsterdam te wenjen bleau. De nije luitenant-admiraal fan Amsterdam waard doe Cornelis Tromp, dy't dêrfoar krekt oan 'e Admiraliteit fan de Maas ferbûn west hie. Mar de Maas woe ek in luitenant-admiraal hawwe om lieding te jaan oan it eigen flottylje en dêrta waard doe [[Aert Jansse van Nes]] beneamd.
 
Under Van Wassenaer Obdam hie De Ruyter as adviseur al grutte ynfloed hân op 'e modernisaasje fan 'e Steatske float, en nei't er sels luitenant-admiraal wurden wie, sette er dat proses fuort. Under syn lieding waard oefene yn it farren yn [[kylliny]] (dus yn in rjochte rige efterinoar oan) sadat alle skippen tagelyk in frij skotsfjild yn 'e rjochting fan 'e fijân hawwe soene. Dat wie in [[taktyk]] dy't ôfsjoen wie fan in modernisearring dy't de Ingelsen ûnder admiraal [[Robert Blake (admiraal)|Robert Blake]] ynfierd hiene. Fierders liet De Ruyter ek in systeem fan [[seinflagge]]n oannimme, dat in rjochte [[strategy]] ûnder in seeslach mooglik makke. Foartiid hie oarloch op see benammen in ûnkoördinearre gefjocht fan skip tsjin skip west. En ta einbeslút wie De Ruyter ek ferantwurdlik foar de oprjochting fan it [[Korps Mariniers]], hoewol't men yn dy tiid noch fan 'seesoldaten' spriek. Dat wiene lju dy't oefene wiene as [[soldaat]] en oan lân gean koene om fêstings en stellings fan 'e fijân yn te nimmen, sadat foar dat doel net langer skipsbemannings ynset hoegden te wurden. De [[marinier]]s foarmen in fernijing dy't De Ruyter en Johan de Witt tegearre beknopedraaid hiene.