Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ 2e Ingelske Oarloch
+ oanboazjende spannings
Rigel 128:
Hoewol't er it befel oer de hiele ekspedysje fierde, wie De Ruyter ek by de útfiering fan it plan fan 'e bruorren De Witt net direkt belutsen; de operasjonele planning waard dien troch luitenant-admiraal [[Willem Joseph van Ghent]]. De Tocht nei Chatham late lykwols ta in beslissende oerwinning, dy't faak as de swierste maritime nederlaach út 'e Ingelske en [[Grut-Brittanje|Britske]] skiednis beskôge wurdt. It Korps Mariniers naam it fort fan [[Sheerness]] yn, by de mûning fan 'e Teems. De swiere [[keatling]] dy't de Ingelsen oer de Medway spand hiene, waard stikkenfearn troch [[Jan van Brakel]], wêrnei't by Chatham de ''Royal Oak'', de ''Royal James'' en de ''Loyal London'' oan 'e [[wetterline]] ta delbaarnd waarden. De ''[[HMS Royal Charles|Royal Charles]]'', it Ingelske flaggeskip, waard bútmakke en yn triomf mei weromfierd nei de marinehaven fan [[Hellefuotslûs]]. Neitiid wie Karel II twongen om 'e fernederjende [[Frede fan Breda]] te tekenjen, wêrmei't de Twadde Ingelske Oarloch beëinige waard.
[[File:Michiel_de_Ruyter.ogv|right|thumb|250px|In ferslach op it [[Polygoonsjoernaal]] út [[1957]] fan it neispyljen fan 'e oankomst fan Michiel de Ruyter yn [[Flissingen]] nei de [[Fjouwerdeiske Seeslach]], yn [[1666]].]]
 
====Oanboazjende spannings yn 'e Republyk en om utens====
Fan [[1667]] oant [[1672]] waard De Ruyter tige tsjin syn eigen sin troch Johan de Witt thúsholden om foar te kommen dat er yn in stoarm, by in [[ûngemak]] of yn in ûnbelangrike skermutseling omkomme soe. Hy wie tsjin wil en tank ien fan 'e pylders fan it steatsksinnige rezjym yn 'e Republyk wurden, en De Witt woe him beslist net kwyt. Tsjin dy tiid hie De Ruyter al in flink fermogen byinoar sparre fan sa'n 250.000 gûne. Dat wie foar in part mei [[hannel]] en [[bútjild]]en fertsjinne, en foar in part opgarre troch it slûchslim ynkeapjen fan foarrieden troch syn frou Anna de Ruyter-Van Gelder. In [[kaptein (skipfeart)|kaptein]] krige doedestiden nammentlik in fêst bedrach per kop fan syn [[bemanning]], dêr't er [[iten]] en [[drinken]] foar ynslaan moast. As er dêr wat fan oerhold, mocht er dat jild hâlde.
 
Yn [[1668]] bea Karel II oan om De Ruyter ta Ingelsk ridder te meitsjen, mar de admiraal betanke foar de ear. Itselde oanbod foar syn soan Engel naam er lykwols al oan, hoewol't de [[seremoanje]] dêr't dyselde by ta ridder slein waard, pas op [[4 maart]] [[1675]] yn [[Whitehall (Londen)|Whitehall]] holden wurde soe. Yn [[novimber]] [[1669]] oerlibbe De Ruyter in [[oanslach (misdriuw)|oanslach]] op syn [[libben]], doe't in fanatike oanhinger fan Tromp syn hûs ynkrong en him yn 'e [[hal]] mei in [[breamês]] besocht dea te stekken. De Ruyter wie in [[frommens|from]] [[kristen]], mar gjin skerpsliper; dêrmei ûnderskate er him fan 'e strange [[kalvinist]]en, dy't foar it meastepart oranjesinnich wiene. Boppedat wied er nei [[1665]] persoanlik befreone rekke mei Johan de Witt, al hold er him soarchfâldich bûten de polityk. Likegoed waard er sjoen as in meistanner fan De Witt, en dus as in tsjinstanner fan it [[Hûs Oranje-Nassau]].
 
Underwilens boazen ek de ynternasjonale spannings oan, mei't de Ingelsen oanhâldend wrokken oer de fernederings fan 'e Tocht nei Chatham en de Frede fan Breda, wylst Loadewyk XIV fan Frankryk plannen makke om hiel [[West-Jeropa]] te oerhearskjen. Fan [[1671]] ôf waard de oarlochsdriging fan Ingelske kant almar iepentliker beliden. Karel II hie al yn [[1670]] it geheime [[Ferdrach fan Dover]] mei Loadewyk XIV sletten, wêryn't de beide keningen harren plannen ta de ferneatiging fan 'e Republyk skriftlik fêstlein hiene. Karel wie fan doel om, nei de [[kêst]]en fan it âlde [[Ferdrach fan Nonsuch]] út [[1585]], in [[garnizoen]] te legerjen yn [[Flissingen]], mar ek om yn it ferlingde dêrfan hiel it eilân [[Walcheren]] ûnder syn macht te bringen. Yn reäksje op 'e Ingelske driging ferhege De Ruyter yn [[1671]] de paraatheid fan 'e Steatske float. By oefenings op 'e [[Noardsee]] waard de fjurfluggens fan it skipsgeskut op itselde nivo brocht as dat fan 'e Ingelske marine, en dêrnjonken waard ek de gearwurking fan 'e flottyljes fan 'e fiif admiraliteiten ferbettere, eat dat in stik makliker gie no't Tromp as steurende faktor weinommen wie.
[[File:Michielderuyter.jpg|left|thumb|200px|De Ruyter op in tinkprint ta eare fan syn oerwinnings út [[1673]], mei derûnder it ''Lofgedicht'' fan [[Gerard Brandt]] (sjoch op dizze side by ''[[#Lofgedicht|Lofgedicht]]'').]]