Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ oarloch mei Frankryk
+ oarloch mei Frankryk
Rigel 12:
| berteplak = [[Flissingen]] ([[Seelân]])
| stoarn = [[29 april]] [[1676]]
| stjerplak = [[Baai fan SyracuseSyrakuse]] ([[Sisylje]])
| etnisiteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|border|20px]] [[Nederlanners|Nederlânsk]]
| regionale identiteit = [[File:Flag of Zeeland.svg|border|20px]] [[Siuwen|Siuwsk]]
Rigel 26:
| offisjele webside =
}}
'''Michiel de Ruyter''' (folút: '''Michiel Adriaenszoon de Ruyter'''; [[Flissingen]], [[24 maart]] [[1607]] – yn 'e [[Baai fan SyracuseSyrakuse]] by [[Sisylje]], [[29 april]] [[1676]]) wie in [[Nederlân]]sk seeheld, dy't algemien sjoen wurdt as de bêste [[admiraal]] fan syn tiid. Hy wie ôfwikseljend yn 'e tsjinst fan 'e [[Republyk fan 'e Feriene Nederlannen]] en fan partikuliere [[reder]]s, en dêropta wied er in hoart aktyf as selsstannich [[ûndernimmer]] op it mêd fan [[walfiskfeart]] en [[hannel]]. Nei't er syn [[wurkpaad]] úteinset wie as in sljochtwei [[seeman]] fan [[Siuwen|Siuwsk]] [[komôf]], spile er in wichtige rol yn 'e earste trije [[Ingelske Oarloggen]], de [[Sweedske Oarloch]] en ekspedysjes tsjin [[seerôverij]] yn 'e [[Middellânske See]]. De [[bynamme]] ''Bestevaêr'', wat "pake" betsjut, krige er fan syn [[matroas (rang)|matroazen]].
 
Yn [[1665]] waard De Ruyter troch tadwaan fan [[riedpinsjonaris]] [[Johan de Witt]] promovearre ta de [[militêre rang|rang]] fan [[luitenant-admiraal]], en dêrmei ta kommandant fan 'e [[Steatsk]]e [[marine]]. Fan syn wapenfeiten binne benammen de oerwinning yn 'e [[Fjouwerdeiske Seeslach]] yn [[1666]], de spektakulêre [[Tocht nei Chatham]] yn [[1667]] en de oerwinning yn 'e [[Slach by Kijkduin]] yn [[1673]] yn it ûnthâld bleaun. Nei de [[moard op de bruorren De Witt]], yn [[1672]], kaam De Ruyter ûnder de nije [[steedhâlder]] [[Willem III fan Oranje-Nassau]] te tsjinjen. Dyselde stjoerde him mei in swak [[eskader]] út nei it [[Middellânske-Seegebiet]], dêr't er yn it ramt fan 'e [[Frânske Oarloch]] de [[Spanje]]rts helpe moast yn 'e striid tsjin [[Frankryk]]. Yn [[1676]] kaam De Ruyter dêr te [[sneuveljen]] yn 'e [[Slach by Agosta]], foar de [[kust]] fan [[Sisylje]].
Rigel 158:
 
Underwilens ferpleatste de oarloch op see him fan 'e Nederlânske thúswetters nei it [[Karibysk Gebiet]] en de [[Middellânske See]]. Yn [[1674]] besocht De Ruyter de Frânske koloanje [[Martinyk]], yn 'e [[Lytse Antillen]], te oerfallen mei in float fan 48 skippen en 3.000 soldaten. Doe't er op [[20 july]] by it eilân arrivearre, rekke er lykwols yn in wynstilte fersyld, mei as gefolch dat de Frânsen him al fan fierrens oankommen seagen en rom de tiid hiene om 'e ferdigening fan Martinyk ta te rieden en fuort te sterkjen. Nei't in earste lâningsmacht fan tûzen man by [[Fort-de-France|Fort Royal]] yn koarte tiid 50% ferliezen litte, briek De Ruyter de oanfal ôf en fear sûnder wat bedijd te hawwen werom nei Jeropa.
 
Yn [[augustus]] [[1675]] waard er mei achttjin skippen útstjoerd om Spanje te helpen by it delslaan fan 'e troch de Frânsen stipe [[Opstân fan Messina]] yn it [[Keninkryk Sisylje]], dat ûnderdiel útmakke fan 'e [[Spaanske Kroan]]. Hoewol't De Ruyter fûn dat it eskader dat him taskikt wie, eins te swak wie om 'e opdracht goed útfiere te kinnen, lei er him del by syn oarders en fear er út nei de Middellânske See. Op [[8 jannewaris]] [[1676]] focht er dêre yn 'e ûnbeslist einige [[Slach by Stromboli]] tsjin 'e Frânske float fan admiraal [[Abraham Duquesne]] om 'e stêd [[Napels]] te ferdigenjen. (Napels wie de haadstêd fan it [[Keninkryk Napels]], dat ek ûnder de Spaanske Kroan foel.) As tank liet [[Fernando Joaquín Fajardo de Requesens, markys fan Los Velez]], de Spaanske [[ûnderkening]] fan Napels, [[Seisentweintich Hongaarske Predikanten|26 protestantske Hongaarske predikanten]] frij dy't troch de ([[roomsk-katolisisme|roomske]]) keizer Leopold I [[ferballe]] en yn Napels as [[galeislaaf]] tewurksteld wiene. Dat min ofte mear tafallige barren brocht De Ruyter yn Hongarije in protte rom, en it wurdt noch elts jier yn [[febrewaris]] betocht mei in seremoanje by it [[grêf fan Michiel de Ruyter]] yn Amsterdam, en by syn [[stânbyld]] yn 'e Hongaarske stêd [[Debrecen]].
[[File:Lambert-van-den-Bos-Lieuwe-van-Aitzema-Historien-onses-tyds_MGG_0420.tif|right|thumb|300px|De [[lykprekaasje]] fan Michiel de Ruyter op [[De Dam (Amsterdam)|De Dam]] yn [[Amsterdam]].]]
 
Op [[22 april]] [[1676]] kaam it yn 'e [[Slach by Agosta]] ta in nije konfrontaasje mei de float fan Duquesne. Ek dat wie eins in ûnbeslist en frij beheind treffen, wêrby't oan beide kanten inkele hûnderten deaden foelen. Mar it strategysk foardiel lei oan 'e ein fan 'e seeslach by de Frânsen, benammen om't De Ruyter yn 'e striid troch in kanonskûgel rekke wie. Syn [[rjochterskonk]] waard dêrby alhiel tebrizele en fan syn [[lofterfoet]] ferlear er de [[tean]]nen. De tebrizele skonk waard neitiid [[amputaasje|amputearre]], en yn 't earstoan liek it derop dat er syn ferwûnings oerlibje soe. Mar nei in pear dagen rekke er oanhelle mei [[erysipelas|wûnkoart]] om't de wûnen [[ynfeksje|ynfektearre]] wiene. Hy kaam in wike letter, op [[29 april]], oan board fan syn flaggeskip ''De Eendracht'', yn 'e [[Baai fan Syrakuse]], foar de eastkust fan [[Sisylje]], te [[ferstjerren]].
 
===Neisleep===
It [[stoflik omskot]] fan De Ruyter waard [[balseming|balseme]] mei [[speserijen|krûden]] en [[brandewyn]] en dêrnei opbiere yn 'e [[kajút]] fan ''De Eendracht''. It troch [[skipsdokter]] Johan Minnaart ferwidere [[yngewant]] soe earst yn 'e [[Katedraal fan Syrakuse]] [[begroeven]] wurde, mar op it lêste momint stieken de pleatslike [[preester]]s dêr in stokje foar om't De Ruyter in protestant wie. Dêrop waard in [[heuvel]]tsje op in [[lântonge]] mei útsicht op 'e [[baai]] as nij begraafplak útsocht, dêr't de begraffenis op [[1 maaie]] [[1676]] yn oanwêzichheid fan alle marine-ofsieren fan 'e ekspedysje plakfûn.
 
De Ruyter syn eskader bleau de rest fan it jier noch aktyf yn it Middellânske-Seegebiet, en kearde pas op [[16 febrewaris]] [[1677]] werom yn Amsterdam. De hiele rûte by de westkust fan Frankryk lâns liet Loadewyk XIV by wize fan earbetoan oan 'e sneuvele admiraal [[salútskot]]ten ôffjurje troch syn [[kustbatterij]]en. Kening Karel II fan Spanje ferhefte De Ruyter postúm ta [[hartoch]].