Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ neisleep
+ ferneamings, ferskes, keppelings, kategoryen
Rigel 170:
 
It hie earst de bedoeling west dat De Ruyter yn 'e [[Alde Tsjerke (Amsterdam)|Alde Tsjerke]] te Amsterdam begroeven wurde soe, dêr't earder ek al ferskate admiraals byset wiene, mar doe't bliken die dat dêr gjin romte mear wie, waard besletten om him ynstee yn 'e [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nije Tsjerke]] te begraven. De [[begraffenis]] fûn op [[18 maart]] [[1677]] plak yn oanwêzichheid fan in grut tal pommeranten. Willem III en Cornelis Tromp ûntbrieken lykwols. De steedhâlder liet him fertsjintwurdigje troch syn [[siktaris]] [[Constantijn Huygens]]. De Amsterdamske [[heechlearaar]] [[Petrus Francius]] droech op 'e begraffenis in [[treurdicht]] yn it [[Latyn]] foar, dat út krapoan tûzen dichtregels bestie.
[[File:Graf_van_de_Ruyter_in_de_Nieuwe_Kerk_in_AmsterdamPierre-Bizot-Joachim-Oudaen-Medalische-historie-der-republyk-van-Holland_MGG_0308.jpgtif|left|thumb|200px180px|It [[grêf|prealgrêf]] fan Michiel de Ruyter yn 'e [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nije Tsjerke]] yn [[Amsterdam]].]]
 
Pas yn [[1681]] waard it [[moarmer]]en [[prealgrêf]] fan De Ruyter foltôge, dat yn opdracht en op kosten fan de Steaten-Generaal ûntwurpen en makke wie troch de [[De Haach|Haachske]] [[byldhouwer]] [[Rombout Verhulst]]. Yn 'e te besichtigjen [[grêfkelder]] ûnder it prealgrêf lei De Ruyter yn in [[lead (metaal)|leadene]] [[deakiste]] dy't oan 'e boppekant foarsjoen wie fan in ramtwurk mei lytse rútsjes dy't yn it lead fette wiene. Troch dy rútsjes koene belangstellenden it balseme lichem fan 'e seeheld bewûnderje. Sawol kiste as lyk rekken op dy manear oantaaste troch focht en bleatstelling oan [[soerstof]]. Yn 'e rin 'e iuwen gie boppedat it [[glês]] fan 'e rútsjes stikken, en koe men it lichem oanreitsje, mei as gefolch dat it [[ûntbining]]sproses noch fierder oanboaze. Yn [[1881]] waard it stoflik omskot fan De Ruyter op kosten fan 'e [[Keninkryk fan de Nederlannen|Nederlânske steat]] op 'e nij kiste, en doe wie it út mei it gleskegnuven en oanreitsjen fan 'e seeheld.
 
Ferskate leden fan De Ruyter syn [[neiteam]] waarden letter ek yn 'e grêfkelder byset, de lêste, yn striid mei de doe jildende wet, dy't soks ferbea, noch op [[12 july]] [[1865]]. Yn [[1949]] waard de deakiste fan De Ruyter troch leden fan 'e famylje De Ruyter de Wildt iepene. Sawol de kiste as it lichem blieken yn tige minne steat te ferkearen, en de amputearre skonk wie sûnder dêr fierder oandacht oan te besteegjen njonken it lichem yn 'e kiste lein. De famylje besleat dat der nije kiste komme moast, en dat dy foargoed ôfsletten bliuwe moast. Guon [[sulver]]en [[lauwerkrâns]]en en [[palmtûke]]n, dy't op 'e âlde kiste lein wiene, waarden neitiid ek wer op 'e nije kiste pleatst. De by de krânsen hearrende linten hingje oan 'e wand fan 'e kelder.
[[File:Pierre-Bizot-Joachim-Oudaen-Medalische-historie-der-republyk-van-Holland_MGG_0308Graf_van_de_Ruyter_in_de_Nieuwe_Kerk_in_Amsterdam.tifjpg|right|thumb|180px200px|It [[grêf|prealgrêf]] fan Michiel de Ruyter yn 'e [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nije Tsjerke]] yn [[Amsterdam]].]]
 
==Ferneamings en oar earbetoan==
* Fan 'e ein fan 'e [[achttjinde iuw]] ôf hat de [[Keninklike Marine]] Michiel de Ruyter ferskate kearen eare troch skippen nei him te ferneamen.
* It [[doarp]] [[DeRuyter (New York)|DeRuyter]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[New York (steat)|New York]], súdeastlik fan it gruttere [[Syracuse (New York)|Syracuse]], is nei De Ruyter ferneamd.
* Yn [[1907]], ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]] en yn [[1957]] ferskynden der Nederlânske [[postsegel]]s mei de byltenis fan De Ruyter. (Under de oarloch besochten de [[Nazy-Dútslân|Dútske besetters]] te profitearjen fan 'e propagandistyske wearde fan 'e net bjuster oranjesinnige en faak tsjin Ingelân fjochtsjende seeheld.)
* Yn [[1966]] waard nei oanlieding fan 'e 350e bertedei fan De Ruyter it [[glês-yn-lead]]-De Ruyterrút ûnbleate yn 'e [[Grutte of Sint-Jacobstsjerke (Flissingen)|Grutte of Sint-Jakobstsjerke]] yn [[Flissingen]].
* It portret fan De Ruyter stie op it fan [[1970]] oant [[1977]] útjûne (brune) [[biljet]] fan hûndert [[Nederlânske gûne]].
* Yn [[1973]] skreau de [[Hongarije|Hongaarske]] [[auteur]] [[György Moldova]] de [[roman]] ''Negyven Prédikátor'' oer De Ruyter en syn befrijing fan 'e 26 Hongaarske predikanten.
* Yn [[1976]] fûnen nei oanlieding fan 'e 300e stjerdei fan De Ruyter ferskate [[betinking]]s plak.
* Yn [[2004]] einige De Ruyter op it sânde plak by de ferkiezing fan [[De Grutste Nederlanner]].
* [[2007]] wie it [[Michiel de Ruyterjier]], ta gelegenheid fan De Ruyter syn 400e bertedei.
* Yn [[maart]] [[2007]] ferskynde in libbenbeskriuwing fan Michiel de Ruyter yn [[strip]]foarm, tekene troch [[Marc Verhaegen]], ûnder de titel ''Het Geheim van Michiel de Ruyter''.
* Op [[24 maart]] [[2007]], de 400e bertedei fan De Ruyter, gie de ''Ouverture Michiel de Ruyter'', fan 'e Nederlânske [[komponist]] [[Henry Kelder]], yn [[premiêre]].
* Op [[24 novimber]] [[2007]] waard in [[planetoïde]] (12150) nei De Ruyter ferneamd. Dat [[himellichem]] hat in trochsneed fan sa'n 15 [[km]] en draait yn in [[baan (astronomy)|baan]] om 'e [[sinne]] tusken de [[planeten]] [[Mars (planeet)|Mars]] en [[Jupiter (planeet)|Jupiter]]. De Ruyter docht justjes mear as 5 jier en 2 moanne oer in omrin om 'e sinne.
* Yn [[2010]] fúzjearren it [[Sikehûs Walcheren]] en it [[Easterskeldesikehûs]] ta it [[Admiraal De Ruyter Sikehûs]], mei fêstigings yn [[Goes (plak)|Goes]], [[Flissingen]], [[Middelburch]] en [[Sieriksee]].
* Op [[26 jannewaris]] [[2015]] gie de Nederlânske [[histoaryske film|histoaryske]] [[film|spektakelfilm]] ''[[Michiel de Ruyter (film)|Michiel de Ruyter]]'' yn premiêre, dy't makke wie troch [[regisseur]] [[Roel Reiné]] en [[produsint]] [[Klaas de Jong (produsint)|Klaas de Jong]], mei yn 'e [[titelrol]] [[akteur]] [[Frank Lammers]].
* Yn [[2018]] binne der plannen om 'e basis fan it [[Korps Mariniers]] te ferhúzjen fan [[Seist]] nei Flissingen; de nije mariniers[[kazerne]] dêre moat de Michiel Adriaanszoon de Ruyterkazerne komme te hjitten.
 
== De Ruyter yn lieten en gedichten ==
=== ''In een Blauw Geruite Kiel'' ===
troch [[A.L. De Rop]] (N.B.: De Ruyter hat Ynje lykwols nea besocht)
[[File:Michielderuytercoffin.jpg|thumb|right|200px|De Ruyter syn [[deakiste]] yn 'e [[grêfkelder]] yn 'e [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nije Tsjerke]] yn [[Amsterdam]].]]
 
:''In een blauw geruite kiel
:''draaide hij aan 't grote wiel
:''de ga-a-a-anse dag.
:''maar Michieltjes jongenshart
:''leed ondragelijke smart
:''ahach, ahach, ahach.
 
:''Als matroosje vlug en net
:''Heeft hij voet aan boord gezet
:''Dat hoorde zo.
:''Naar Oostinje, naar de West
:''Jongens, dat gaat opperbest!
:''Hojo, hojo, hojo, hojo!
 
:''Daar staat Hollands admiraal
:''Nu een man van vuur en staal
:''De schrik der zee.
:'' 't Is een Ruiter naar den aard
:''Glorierijk zit hij te paard!
:''Hoezee, hoezee, hoezee, hoezee!
 
=== ''Lofgedicht'' ===
troch [[Gerard Brandt]]
:''Aenschouw den Heldt, der Staeten rechterhandt,
:''Den redder van 't vervallen vaderlandt,
:''Die in een jaer twee groote koningkryken,
:''Tot driemael toe de trotse vlag deedt strijken;
:''Het roer der vloot, den arm daer Godt door streê,
:''Door hem herleef de vrijheit en de vreê.
 
== Keppelings om utens ==
* {{nl}} [http://www.kb.nl/dossiers/deruyter/index.html Dossier Michiel de Ruyter (Keninklike Bibleteek)]
* {{nl}} [http://www.astronet.nl/deruyter.html Planetoïde (12150) De Ruyter]
* {{nl}} [http://www.amsterdam.nl/algemene_onderdelen/indexen/typisch_amsterdams/typisch_amsterdams?ActItmIdt=75199 Typysk Michiel de Ruyter op ''Amsterdam.nl'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://nl.wikipedia.org/wiki/Michiel_de_Ruyter ''Bronnen, noten en/of referenties'', op dizze side].
----
{{commonscat|Michiel de Ruyter}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Ruyter, Michiel Adriaenssoan de}}
[[Kategory:Nederlânsk seeman]]
[[Kategory:Nederlânsk admiraal]]
[[Kategory:Nederlânsk keapman]]
[[Kategory:Nederlânsk ûndernimmer]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch]]
[[Kategory:Persoan yn de Portegeeske Restauraasjeoarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Earste Ingelske Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Twadde Ingelske Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Trêde Ingelske Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Sweedske Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Frânske Oarloch]]
[[Kategory:Nederlânsk kriichsfinzene]]
[[Kategory:Siuwsk persoan]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is op it slachfjild]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1607]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1676]]