Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L klear
L →‎Jonkheid: By de marine wurdt sprutsen fan kanons
Rigel 41:
Tsjin 'e tiid dat er fyftjin jier wie, yn [[1622]], hie De Ruyter himsels opwurke ta ''schipper'', wat yn dy tiid de heechste [[ûnderofsier]]srang op in skip wie. Dat jiers waard er promovearre ta ''hoogbootsmansmaat'' en yn dy hoedanichheid fear er foar it earst út op in [[oarlochsskip]]. It is ûnbekend hoelang't dy earste seetsjinst duorre hat, mar it kin nea net al te lang west hawwe, mei't De Ruyter datselde jiers noch op 'e noed kaam fan in [[omke]] oan syn [[mem]]mekant. Dy omke wie [[kavalery|ruter]] yn it [[leger]] fan [[steedhâlder]] [[Maurits fan Oranje-Nassau]], dat op dat stuit by [[Kleef (stêd)|Kleef]] lei. Neffens de oerlevering soe it west hawwe om dizze man te earjen, dy't blykber in leaflingsomke fan him wie, dat De Ruyter letter 'De Ruyter' as efternamme oannaam. Guon histoarisy achtsje it wierskynliker dat de namme 'De Ruyter' ûntliend is oan it ''ruiten'' oftewol rôvjen fan skippen, sa't [[kaper]]s dat diene. De [[stavering]] fan dy namme stie trouwens net fêst, noch it derby brûken fan it [[tuskenfoechsel]] 'de'. Nei goed [[santjinde-iuwsk]] gebrûk skreau ek De Ruyter sels syn namme op alderhanne manearen. Pas yn 'e [[njoggentjinde iuw]] begûn men standert de staveringsfariant 'De Ruyter' te brûken.
 
Mei syn omke naam De Ruyter letter dat jier as 'bussjitter' diel oan 'e striid tsjin 'e Spanjerts by it [[Belis fan Bergen op Soom (1622)|Belis fan Bergen op Soom]]. No is 'bussjitter' in dûbelsinnige beneaming, dy't sawol '[[musketier]]' as '[[kanonnier]]' betsjutte kin, mar it wurdt frij algemien oannommen dat De Ruyter as kanonnier tsjinne, om't oan sokken altyd in tekoart wie en seelju der net selden foar oanlutsen waarden, dy't ommers op harren skippen faak ek ûnderfining mei [[kanon (wapen)|kanonnenkanons]] opdien hiene. De Ruyter holp by [[Bergen op Soom]], dêr't de famylje fan syn heit oarspronklik wei kaam, mei oan it [[ûntset]] fan 'e stêd fan 'e Spaanske [[belegering]].
 
===Karriêre as keapman en ûndernimmer===