Ferskil tusken ferzjes fan "In part fan dy"

L
red
(Nije Side: ''''''In part fan dy'''''' is in duet fan de Fryske sjongers Marcel Smit en Gerbrich van Dekken. De single waard op 1 maart 2013 as single presintearre yn it radioprogramma No...)
 
L (red)
''''''In part fan dy'''''' is in duet fan de Fryske sjongers [[Marcel Smit]] en [[Gerbrich van Dekken]].
 
De single waard op 1 maart 2013 as single presintearre yn it radioprogramma NoorderwynNoardewyn fan [[Omrop Fryslân]]. Marcel Smit en Gerbrich van Dekken songen it nûmer foar it earst as duet op it earste Frysk Sjongers Gala fan novimber 2012. It nûmer wie troch Marcel Smit skreaun as gitaarnûmer, mar waard troch [[Peter van der Zwaag]] omsetten yn in pianoarranzjemint. Yn de live ferzje spilet multy-ynstrumintalist Hubert Heeringa op fioele, mar op de single spilet er sopraansaksofoan. <ref>[http://www.allesplat.nl/muziek/muziektips/duet_in_part_fan_dy_officieel_gepresenteerd/?frame=0 Allesplat.nl]</ref>
 
Marcel Smit skreau it nûmer nei it sjen fan in ynterview mei pianist [[Billy Joel]]. Dat petear gie der oer dat minsken nei harren dea net ferdwine, mar trochbestean yn it ûnthâld fan oare minsken.