Keninkryk Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Fry1989 (oerlis | bydragen)
File renamed. (GlobalReplace v0.6.5)
Rigel 74:
It Hûs Tudor stoar yn [[1603]] út mei de dea fan Elizabeth I. Der ûntstie lykwols gjin opfolgingskrisis, mei't hja foartiid har [[efterneef]], de Skotske kening [[Jakobus VI fan Skotlân|Jakobus VI]], al oanwiisd hie as har [[erfgenamt]]. Sadwaande waard dy doe ek kening fan Ingelân ûnder de namme [[Jakobus I fan Ingelân|Jakobus I]]. Dêrmei kaam it [[Hûs Stuart]] op 'e Ingelske troan, en teffens ûntstie der sa in [[personele uny]] tusken Ingelân en Skotlân, hoewol't dy beide keninkriken fierders folslein apart faninoar bestjoerd waarden.
 
Jakobus syn soan [[Karel I fan Ingelân|Karel I]] oerskatte de macht fan 'e Ingelske [[monargy]]. Dat late ta de [[Ingelske Boargeroarloch]], dy't einige mei de nederlaach fan 'e [[royalisme|royalistyske]] partij en de [[rjochtsaak|berjochting]] en [[ûnthalzing]] fan Karel sels yn [[1649]]. Neitiid waard de [[Ingelske Republyk]] útroppen, dy't ûnder it liederskip fan 'e '[[beskermhear (Ingelân)|beskermhear]]' [[Oliver Cromwell]] yn ferskate foarmen alve jier bestie. Doe't Cromwell nei syn dea yn [[1658]] opfolge waard troch syn swakke soan [[Richard Cromwell|Richard]], wiene de dagen fan 'e [[republyk]] teld, en yn [[1660]] waard it Keninkryk Ingelân op 'e nij ynfierd by de [[Restauraasje fan it Hûs Stuart]] ûnder kening [[Karel II fan Ingelân|Karel II]].
[[File:Cromwell_at_Dunbar_Andrew_Carrick_Gow.jpg|right|thumb|230px|[[Oliver Cromwell]] op [[fjildtocht]]. Hy skafte de [[monargy]] ôf en feriene de [[Britske Eilannen]] yn 'e [[Ingelske Republyk]].]]