Abraham Lincoln: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 14:
Ut de súdlike steaten krige hy gjin inkelde stim. De [[Amerikaanske boargeroarloch]] dy’t yn april [[1861]] begûn wie, ferrûn faak ûngeunstich foar de [[uny]]. Washington waard faak bedrige. Neidat hy de ivich twifeljende generaal [[George McClellan]] ûntslein hie, naam hy sels it oerbefel op him. Lincoln wie populêr by de soldaten. As dy oer in misstân klagen, seinen se faak ‘as hy (Lincoln) it te witten komt dan hâld it fuortendaliks op’. Hy wie djip begien mei de hûnderttûzenen soldaten út beide kampen dy’t sneuvelen of swier ferwûne rekken.
[[Ofbyld:Lincoln statue.jpg|thumb|left|160px|Stânbyld fan Lincoln yn Washington|alt=]]
As presidint fan in lân dat yn in boargeroarloch siet, moast Lincoln faak deafûnnissendeafûnissen bekrêftigje. Dy deafûnnissendeafûnissen moasten soms ek bekrêftige wurde tsjin syn eigen soldaten fanwege desersje. Lincoln socht altyd nei in ekskús om it net te dwaan. Hy wie foaral tsjin de deastraf foar leffens; ‘dy earme jongelju soene harsels deaskrikke as wy harren deasjitten gongen’.
 
Lincoln bleau altyd fermoedsoenjend nei it suden. Wrâldferneamd wurdt syn taspraak (fan mar 288 wurden) dy’t hy op [[19 novimber]] [[1863]] hâlde op it earefjild fan [[Gettysburg]].
Dêr hie earder in beslissende slach west. Ta beslút sei Lincoln te hoopjen dat in regear fan it folk, troch it folk en foar it folk, net fan de ierdboaiem ferdwine soe. Hast in jier letter op [[1 jannewaris]] [[1863]] wie de [[proklamaasje fan emansipaasje]], dy’t in ein makke oan de slavernij yngong. Op [[9 april]] [[1865]] joech it suden himsels oer.
 
== Syn dea ==