Maaike Schuurmans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Maaike Schuurmans''' ([[Snits]], [[14 desimber]] [[1967]]) is in Frysk [[sjongster]] en [[aktrise]] út [[Snits]].
 
Maaike Schuurmans folge de Theaterakademy fan Amsterdam, dêr't se yn 1990 ôfstudearre yn de fakken ''Kabaret'' en ''Musical''. Se spile yn teäterproduksjes yn binnen- en bûtenlân. Sa spile se ûnder mear yn it kabaretprogramma Eurosuperfries fan [[Rients Gratama]], by it teäterselskip [[Tryater]] en yn feskate musicals. Se trede earst op yn Nederlân, ûnder oare as ''Lina Lamont'' yn in toanielferzje fan ''Singin ' In The Rain'' en yn de titelrol yn ''Peter Pan''.
 
Sûnt 1998 wurke Schuurmans ek yn Ingelân, Belgje en Dútslân. Yn Essen wie se de ferteller yn de musical ''Joseph and the Amazing Technicolor Dreamcoat''. By de Dútse première fan ''Dûns fan de Fampieren'' yn 2000 in [[Stuttgart]], stie se as ''Magda'' op it poadium. Yn Hamburg spile Schuurmans de ''barones von Waldstätten'' yn ''Mozart'' en yn ''Cats'' de rol fan ''Grizabella'' by in toer troch Dútslân. Meardere kearen wie se te sjen op de Bad Hersfelder Festspiele, lykas ''Anita'' yn [[West Side Story]] en as ''Panter Bagheera'' yn in muzikale ferzje fan [[The Jungle Book]]. Yn 2008 krige se de Hersfeld-priis foar har rol as ''Lucy Harris'' yn de musical ''Jekyll & Hyde''. Dêrnei spile Schuurmans yn 2010 - 2011 by it Steatstheater fan Kassel yn de musical ''Into the Woods'' en 2014 yn de komeedzje fan Friedrich Dürrenmatt ''De besite fan de Alde Dame yn teäter Ronacher yn Wenen. Dêr spile hja ek Miss Andrews yn de muzikale ferzje fan [[Mary Poppins]].
Yn 2016 naam Maaike Schuurmans de rol fan ''Madame Giry'' oer yn de Hamburger musical ''Love Never Dies''.
 
Yn 2000 toerde Maaike Schuurmans troch Nederlân mei de musical [[SimmerTime]]. De live-opnames fan dit konsert waarden útbrocht op in CD, wat har in gouden plaat oplevere. Begjin 2006 gie dehar earste soloshow fanyn Schuurmanspremiêre mei lieten fan Burt Bacharach yn premiêre. ''Anyoane who had a Heart'' - dat is de namme fan harren show - wie ek de titel fan har earste solo-cd.
Maaike Schuurmans is foaral aktyf as toanielaktrise en is net folle op de Nederlânske telefyzje. Se wennet tsjintwurdich yn Wenen.<ref>[https://www.theapolis.de/de/ Tjeapolis.de]</ref>
 
As sjongster yn it Frysk waard se benammen bekend troch har optreden op [[Simmer 2000]] mei ûnder oaren [[De Kast]]. Mei dy band song se ek ''Wa 't ik bin'' yn de film De Fûke.
 
== Filmografy ==
* 1995: [[De Gouden Swipe (film)|De gouden swipe]]
Line 13 ⟶ 16:
 
== Diskografy (karút) ==
* 2000: ''Wa't ik bin'' (mei [[De Kast]]) – CD
* 2006: ''Anyone Who Had a Heart'' - CD
 
Line 23 ⟶ 26:
* [http://www.maaikeschuurmans.nl/ Hiemside fan Maaike Schuurmans]
* [http://www.streektaalzang.nl/strk/frie/friemscn.htm Maaike Schuurmans] by streektaalzang.nl mei diskofrafy
* [https://www.theapolis.de/maaikeschuurmans Maaike Schuurmans] by [[Theapolis]]
-----
{{reflist}}