Wiebe Kaspers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Alfêst
No edit summary
Rigel 28:
 
Wiebe Kaspers slagge yn 2010 foar de piano jazz&pop-oplieding oan it ArtEZ konservatoarium. Yn 2012 slagge er by Artez foar de masteroplieding muzykteäter. Dêrnei spile hy mei syn muzykteäterduo Hammer & Kaspers en trede op mei syn solokonsert ''Muziek!''<br>
Yn 2013 presintearre Kaspers yn it radioprogramma [[Noardewyn]] fan [[Omrop Fryslân]] syn debútsingle ''It Gouden Fjild''. It wie in bewurking fan ''Fields of gold'' fan Sting en waard opnommen troch [[Nico Outhuijse]], mei [[Syb van der Ploeg]] as produsint. Wiebe wie yn de kunde komd mei Syb van der Ploeg doe’t dy it earste solokonsert fan Wiebe bywenne yn de tsjerke fan Wiebe syn bertedoarp Jorwert, dêr’t Syb him koart dêrfoar nei wenjen setten hie. Yn 2015 toerdentoeren Syb en Wiebe mei it programma ''De toon van de tijd''. <ref>[https://waddenland.groningen.nl/agenda/syb-van-der-ploeg-en-wiebe-kaspers Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers]</ref>
 
== Band Wiebe ==
Mei syn band ''Wiebe'' makket er progressive popmuzyk, mei Ingelske en Fryske teksten. Wiebe Kaspers docht ''lead vocals'' en ''keys'', Daan Slagter spilet op drums en docht ''backing vocals'' lykas Florian den Hollander dy’tdy ’t bas en moog-syntesizer spilet.
 
=== Nei sa'n dei ===
Harren debútalbum ''Nei sa’n dei'' ferskynde yn febrewaris 2016. Yn it nûmer ''Mooi klaar mee'' lit it trijemanskip fan moderne tweintigers hearre dat se hielendal klear binne mei de 'quarterlifekrisis'. <ref>[https://harmonie.nl/agenda/wiebe-kaspers/706 Webside fan De Harmonie]</ref> Mei syn debútalbum ''Nei sa’n dei'' toerdetoere Wiebe yn 2015 mei syn teäterkonsert ''Het vrije land''.
 
=== Delta ===
De namme fan it twadde album ''Delta'' ferwiist nei de Grykse letter delta, dy’t symboal stiet foar it sifer fjouwer. It is ek it ferburgen fjirde diel fan de op de hoes ôfbylde trijehoek. Op ''Delta'' steane 12 tracks, 3 x 3 tracks en in ferburgen suite fan ek 3 nûmers. De lietsjes hawwwehawwe allegear te krijen mei de quarterlifekrisis fan 25-jierrigen. Dêrom stiet in ôfbyld fan Rubik's Piramide op de foarkant fan de albumhoes. Op it album binne trije ferhaallinen of tema’s te ûntdekken: leafde, freonskip en karrière. Boppedat hawwe alle lietsjes in titel dy’t út trije wurden bestiet, op ien liet nei, nammentlik ''Three''. Yn dat liet komme de ferhaallinen gear en dat duorret dan wer 3 minuten en 33 sekonden. Op de plaat stiet in gastbydrage fan [[Elske DeWall]], en in liet dat skreaun waard yn gearwurking mei Syb van der Ploeg. <ref>[http://www.gezien-gehoord.nl/component/tags/tag/wiebe-kaspers-,.html Oer ''Delta'']</ref>
 
=== Erkenning ===
Neidat Wiebe ûnder oare by de 3FM Serious Talent-band ''When We Are Wild'' spile hie, kaam hy mei ''Wiebe'' yn 2015 yn de finale fan de [[Lytse Priis fan Fryslân]]. <ref>[https://www.frieslandpop.nl/backstage/profiel/wiebe-kaspers/ Frieslandpop.nl]</ref>
Yn 2016 en 2017 waarden se nominearre foar de [[Bernlefpriis]]. Foar harren fernijende 360º klip ''Help, help, help'' krige de band de Omrop Fryslân Klipkar Award by de Fryske Popawards.
Yn 2018 waard it nûmer ''Wat is er mis met luisteren'' fan Kaspers mei SypSyb van der Ploeg en Gé Reinders nominearre foar de Annie M.G. Schmidtpriis. <ref>[https://www.zwartekat.nl/onderwerp/wiebe-kaspers/ Zwartekat.nl oer: ''Wiebe Kaspers Nominaties Annie M.G. Schmidtprijs bekend'']</ref>
 
== Teäter ==
Wiebe Kaspers wie jierrenlang op paad as iene helte fan it teäterduo Hammer & Kaspers. Mei teätermakster [[Inez Timmer]] spile Wiebe yn 2017 de teaterthrillerteäterthriller ''Stockholm! Of in inkele reis Sabeare'' yn hûskeamers en lytse poadiapoadiums. <ref>[https://www.lc.nl/friesland/Wiebe-doet-20-18-concerten-in-huiskamers-22866278.html ''Wiebe doet 20 + 18 concerten in huiskamers'', yn: Ljouwerter Krante]</ref> Yn it stik wurdt in jonge tweintiger ûntfierd troch in âldere dame. It skript foar dy teäterfoarstelling waard skreaun troch Tjerk Kooistra, winner fan meardere [[Gouden Gurbe]]s foar syn rezjy by de Iepenlofstspullen fan Jorwert. <ref>[http://www.noordoostfriesland.nl/locaties/dantumadiel/nieuws/stockholm-syndroom-inez-timmer-ontvoert-wiebe-kaspers/ ''Stockholmsyndroom: Inez Timmer ontvoert Wiebe kaspersKaspers'']</ref>
 
== Greidebern ==