Wiebe Kaspers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 27:
'''Wiebe Kaspers''' ([[Jorwert]], [[1990]]) is in Fryske [[pianist]], [[sjonger]] en multy-ynstrumintalist út [[Goutum]].
 
Wiebe Kaspers slagge yn 2010 foar de piano jazz&pop-oplieding oan it ArtEZ konservatoarium. Yn 2012 slagge er by ArtezArtEZ foar de masteroplieding muzykteäter. Dêrnei spile hy mei syn muzykteäterduo Hammer & Kaspers en trede op mei syn solokonsert ''Muziek!''<br>
Yn 2013 presintearre Kaspers yn it radioprogramma [[Noardewyn]] fan [[Omrop Fryslân]] syn debútsingle ''It Gouden Fjild''. It wie in bewurking fan ''Fields of gold'' fan Sting en waard opnommenopnomd troch [[Nico Outhuijse]], mei [[Syb van der Ploeg]] as produsint. Wiebe wie yn de kunde komd mei Syb van der Ploeg doe’t dy it earste solokonsert fan Wiebe bywenne yn de tsjerke fan Wiebe syn bertedoarp Jorwert, dêr’t Syb him koart dêrfoar nei wenjen setten hie. Yn 2015 toeren Syb en Wiebe mei it programma ''De toon van de tijd''. <ref>[https://waddenland.groningen.nl/agenda/syb-van-der-ploeg-en-wiebe-kaspers Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers]</ref>
 
== Band Wiebe ==
Rigel 37:
 
=== Delta ===
De namme fan it twadde album ''Delta'' ferwiist nei de Grykse letter delta, dy’tdy ’t symboal stiet foar it sifer fjouwer. It is ek it ferburgen fjirde diel fan de op de hoes ôfbylde trijehoek. Op ''Delta'' steane 12 tracks, 3 x 3 tracks en in ferburgen suite fan ek 3 nûmers. De lietsjes hawwe allegear te krijen mei de quarterlifekrisis'problemen fan 25-jierrigen. Dêrom stiet in ôfbyld fan Rubik'sde Piramide fan Rubik op de foarkant fan de albumhoes. Op it album binne trije ferhaallinen of tema’s te ûntdekken: leafde, freonskip en karrière. Boppedat hawwe alle lietsjes in titel dy’tdy ’t út trije wurden bestiet, op ien liet nei, nammentlik ''Three''. Yn dat liet komme de ferhaallinen gear en dat duorret dan wer krekt 3 minuten en 33 sekonden. Op de plaat stiet in gastbydrage fan [[Elske DeWall]], en in liet dat skreaun waard yn gearwurking mei Syb van der Ploeg. <ref>[http://www.gezien-gehoord.nl/component/tags/tag/wiebe-kaspers-,.html Oer ''Delta'']</ref>
 
=== Erkenning ===
Neidat Wiebe ûnder oare by de 3FM Serious Talent-band ''When We Are Wild'' spile hie, kaam hy yn 2015 mei syn band ''Wiebe'' yn 2015 yn de finale fan de [[Lytse Priis fan Fryslân]]. <ref>[https://www.frieslandpop.nl/backstage/profiel/wiebe-kaspers/ Frieslandpop.nl]</ref>
Yn 2016 en 2017 waarden se nominearre foar de [[Bernlefpriis]]. Foar harren fernijende 360º klip ''Help, help, help'' krige de band de Omrop Fryslân Klipkar Award by de Fryske Popawards.
Yn 2018 waard it nûmer ''Wat is er mis met luisteren'' fan Kaspers mei Syb van der Ploeg en Gé Reinders nominearre foar de Annie M.G. Schmidtpriis. <ref>[https://www.zwartekat.nl/onderwerp/wiebe-kaspers/ Zwartekat.nl oer: ''Wiebe Kaspers Nominaties Annie M.G. Schmidtprijs bekend'']</ref>
 
== Teäter ==
Wiebe Kaspers wie jierrenlang op paad as iene helte fan it teäterduo Hammer & Kaspers. Mei teätermakster [[Inez Timmer]] spile Wiebe yn 2017 de teäterthriller ''Stockholm! Of in inkele reis Sabeare'' yn hûskeamers en lytse poadiums. <ref>[https://www.lc.nl/friesland/Wiebe-doet-20-18-concerten-in-huiskamers-22866278.html ''Wiebe doet 20 + 18 concerten in huiskamers'', yn: [[Ljouwerter Krante]]]</ref> Yn it stik wurdt in jonge tweintiger ûntfierd troch in âldere dame. It skript foar dy teäterfoarstelling waard skreaun troch Tjerk Kooistra, winner fan meardere [[Gouden Gurbe]]s foar syn rezjy by de Iepenlofstspulleniepenlofstspullen fan Jorwert. <ref>[http://www.noordoostfriesland.nl/locaties/dantumadiel/nieuws/stockholm-syndroom-inez-timmer-ontvoert-wiebe-kaspers/ ''Stockholmsyndroom: Inez Timmer ontvoert Wiebe Kaspers'']</ref>
 
== Greidebern ==
Yn 2017 makke Wiebe Kaspers mei skoalbern út de [[Greidhoeke]] it liet ''Nim my mei dy mei''. It wie ûnderdiel fan in projekt oer de efterútgong fan de [[skries]] en it ferletferlies fanoan bioferskaat yn it lânskip. It liet giet oer in jonge dy’t op bêd leit en bûten de skries roppen heart. It liet waard datyn jier2017 de heechste binnenkommer yn de [[Fryske Top 100]] fan [[Omrop Fryslân]].
 
== Diskografy ==