1987: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 6:
* [[1 jannewaris]] - It riden op de fyts mei reflektoaren aan de sydkant fan de bannen, de saneamde fytsbânreflektor, wurdt ferplicht steld.
* Om heal jannewaris hinne sucht [[Nederlân]] ûnder in ekstreme kjeldperioade. De temperatuer komt op in soad plakken sels oerdei net boppe de -10° út en yn kombinaasje mei in hurde wyn is it sa ûnlijich dat it [[Keninklik Nederlâns Meteorologysk Ynstitút|KNMI]] foar it earst warskôget thús te bliuwen.
*[[20 jannewaris]] - Op it hichtepunt fan 'e [[Libaneeske Gizelderskrisis]] wurdt [[Terry Waite]], de gesant fan 'e [[aartsbiskop]] fan [[Canterbury]], dy't stjoerd wie om te bemiddeljen by de frijlitting fan 'e [[gizeling (misdriuw)|gizelders]], sels yn gizeling nommen.
* [[Paul Rosenmöller]] is as bestjoerder fan it Ferfiersbûn [[FNV]] de driuwende krêft efter in wiken duorjende havenstaking.
* [[31 jannewaris]] - Foar it earst yn de skiednis wurdt in Nederlânske spylfilm ûnderskieden mei in [[Academy Award|Oscar]]. ''[[De Oanslach]]'' fan [[Fons Rademakers]] wurdt bekroand as de bêste net-Ingelsktalige film fan 1986.
* [[1 maart|1]]-[[2 maart]] - Benammen de provinsje [[Drinte]] wurdt troffen troch in ekstreem soad izel. Foarwerpen wurde bedutsen troch in iislaach fan op syn minst 1 sintimeter dik. Beammen en heechspanningsmêsten knappe ôf.
*[[6 maart]] - Foar de [[Belgje|Belgyske]] [[kust]] sinkt de [[fearboat]] [[MS Herald of Free Enterprise|MS ''Herald of Free Enterprise'']], wêrby't 193 opfarrenden om it libben komme.
* [[6 maaie]] - De Frysktalige punkband [[Strawelte]] jout syn earste optreden.
* [[Dearsum]] krijt in grutte wynturbine
* [[9 septimber]] - [[Ferdi Elsas|Ferdi E.]] ûntfiert [[Ahold]]-topman [[Gerrit Jan Heijn]] en fermoardet him noch deselde dei. De ûntfiering hâldt Nederlân maonnenlang yn de besnijing, oant yn [[april]] [[1988]] Ferdi E. oppakt wurde kin.
* [[19 oktober]] - De [[beurskrach]] op [[Swarte Moandei (1987)|Swarte Moandei]] docht belizzers beevje. Nea earder sakken wrâldwiid de koersen op ien dei mei mear as 20%.
*[[18 novimber]] - By de [[brân yn it King's Cross-metrostasjon]] yn [[Londen]] komme 31 minsken om.
*[[8 desimber]] - Under de [[Palestina|Palestinen]] yn 'e troch [[Israel]] besette gebieten, it [[Westjordaanlân]] en de [[Gaza-stripe]], brekt in [[opstân]] út, dy't de namme [[Earste Intifada]] kriget.
* ''sûnder datum'' - [[Paul Rosenmöller]] is as bestjoerder fan it Ferfiersbûn [[FNV]] de driuwende krêft efter in wiken duorjende havenstaking.
* ''sûnder datum'' - [[Dearsum]] krijt in grutte wynturbine.
 
== Berne ==