1960-er jierren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L +
Rigel 29:
 
[[Ekonomy]]sk gie it mei de wrâld poerbêst yn 'e sechstiger jierren. Tsjin 'e ein fan 'e [[1950-er jierren]] wie yn it teheistere [[Jeropa]] de weropbou nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] foar it meastepart ôfrûne, wêrnei't in ûnbidige ekonomyske ''[[heechkonjunktuer|boom]]'' begûn. De oarloch en weropbou tegearre hiene yn hiel Jeropa in nivellearjend effekt op 'e [[klasse (maatskippij)|klassemaatskippij]] hân, en tsjin 'e 1960-er jierren hiene in soad lju út 'e [[arbeidersklasse]] yn [[West-Jeropa]] jild foar sokke moderne [[lúkse]] artikels as in [[radio]], [[tillefyzje]], [[kuolkast]] en [[auto]]. Ek yn it [[Eastblok]] gie de ekonomy sterk foarút yn 'e sechstiger jierren. En nei de trage groei yn 'e fyftiger jierren belibben de [[Feriene Steaten]] yn 'e sechstiger jierren in grutte oplibbing. It jild dat dêrmei frijkaam, waard net inkeld ynset foar de finansiering fan 'e [[Fjetnamoarloch]] en oare operaasjes yn it ramt fan 'e [[Kâlde Oarloch]], mar ek foar it [[Apollo-programma]], in projekt fan 'e [[NASA]], dat yn [[1969]] yn it ramt fan 'e [[Romtewedrin]] late ta de [[Apollo 11|earste moannelâning]].
[[File:Hilo after Tsunami 1960.jpg|right|thumb|250px|[[Hilo (Hawaï)|Hilo]], yn [[Hawaï]], yn [[1960]], nei de [[tsûnamy]] dy't feroarsake waard troch de [[ierdbeving fan Valdivia (1960)|ierdbeving fan Valdivia]], yn [[Sily]].]]
 
==Wichtichste foarfallen==
;[[1960]]
*[[1 jannewaris]] - [[Kameroen]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[4 jannewaris]] - [[Denemark]], [[Eastenryk]], it [[Feriene Keninkryk]], [[Noarwegen]], [[Portegal]], [[Sweden]] en [[Switserlân]] rjochtsje de [[Jeropeeske Frijhannelsassosjaasje]] (EFTA) op.
*[[13 febrewaris]] - [[Frankryk]] bringt foar it earst mei súkses in [[atoombom]] ta ûntploffing.
*[[21 maart]] - Yn [[Súd-Afrika]] fynt it [[Bloedbad fan Sharpeville]] plak as de [[plysje]] it fjoer iepenet op [[negroïde|swarte]] [[demonstraasje (protest)|demonstranten]].
*[[27 april]] - [[Togo]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[22 maaie]] - De [[ierdbeving fan Valdivia (1960)|ierdbeving fan Valdivia]], yn [[Sily]], is swierste [[ierdbeving]] dy't ea fêststeld is, mei in krêft fan 9,5 op 'e [[skaal fan Richter]]. Hy feroarsaket in [[tsûnamy]] fan 25 [[meter|m]] heech dy't de Sileenske [[kust]] teheisteret en de [[Grutte Oseaan]] oerstekt om op 'e [[Hawaï-eilannen]] de [[haven]]stêd [[Hilo (Hawaï)|Hilo]] mei de grûn lyk te meitsjen en dêrnei ferwuostgings oan te rjochtsjen op 'e kust fan [[Japan]]. Der komme 1.000 oant 7.000 minsken om.
*[[23 maaie]] - De [[Israel]]yske [[premier]] [[David Ben Gurion]] makket bekend dat de [[Dútslân|Dútske]] [[oarlochsmisdie]]diger [[Adolf Eichmann]] troch de Israelyske [[geheime tsjinst]] út [[Argentynje]] (dêr't er nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] syn taflecht socht hie) [[ûntfierd]] is.
*[[27 maaie]] - By [[steatsgreep yn Turkije (1960)|in steatsgreep]] yn [[Turkije]] nimt it [[leger]] de macht oer.
*[[26 juny]] - [[Britsk-Somalilân]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]] ûnder de namme [[Steat Somalilân]].
*[[26 juny]] - [[Madagaskar]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[30 juny]] - De [[Demokratyske Republyk Kongo]], de eardere [[Belgyske Kongo]], wurdt ûnôfhinklik fan [[Belgje]].
*[[1 july]] - [[Somaalje]], it eardere [[Italjaansk-Somalilân]], wurdt ûnôfhinklik fan [[Itaalje]] en ferienet himsels mei de [[Steat Somalilân]], it eardere [[Britsk-Somalilân]].
*[[20 july]] - De [[Malineeske Federaasje]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[28 july]] - It [[Reade Skisma]] tusken de [[Sovjet-Uny]] en de [[Folksrepublyk Sina]] fynt plak. De beide [[kommunistysk]]e grutmachten krije spul en ferbrekke de ûnderlinge relaasjes.
*[[1 augustus]] - [[Benyn]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[3 augustus]] - [[Niger]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[5 augustus]] - It lettere [[Boerkina Faso]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]] ûnder de namme [[Opper-Folta]].
*[[7 augustus]] - [[Ivoarkust]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[11 augustus]] - [[Tsjaad]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[13 augustus]] - De [[Sintraal-Afrikaanske Republyk]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[15 augustus]] - De [[Republyk Kongo]], de eardere [[Frânske Kongo]], wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[16 augustus]] - [[Syprus]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[17 augustus]] - [[Gabon]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[20 augustus]] - [[Senegal]] makket him los fan 'e [[Malineeske Federaasje]] en wurdt in ûnôfhinklik lân.
*[[14 septimber]] - By [[steatsgreep yn de Demokratyske Republyk Kongo|in steatsgreep]] yn 'e [[Demokratyske Republyk Kongo]] komt [[kolonel]] [[Mobutu Sese Seko|Joseph-Desiré Mobutu]] oan 'e macht.
*[[22 septimber]] - De rompsteat fan 'e [[Malineeske Federaasje]] giet fierder ûnder de namme [[Republyk Maly]].
*[[13 oktober]] - Der docht him yn 'e [[Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes]] yn [[New York (stêd)|New York]] in ferneamd ynsidint foar, wêrby't [[Sovjet-Uny|Sovjet-lieder]] [[Nikita Chrûsjtsjov]] syn [[skoech]] útdocht en dêrmei op it [[sprekstuolte]] omtimmeret om syn ûntkenning krêft by te setten nei't de fertsjintwurdiger fan 'e [[Filipinen]] oppenearre hat dat yn it ramt fan 'e [[dekolonisaasje]] ek de [[Eastblok]]lannen harren selsstannigens weromkrije moatte.
*[[14 oktober]] - Yn [[Nederlân]] wurdt bekend dat ûnder [[Grinslân]] in ûnbidich grut [[ierdgas]]fjild ûntdutsen is.
*[[1 oktober]] - [[Nigearia]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[8 novimber]] - De [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokraat]] [[John F. Kennedy]] wint de [[Amerikaanske presidintsferkiezings 1960|Amerikaanske presidintsferkiezings]] en ferslacht dêrby syn [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske]] tsjinstanner [[Richard Nixon]]. Kennedy wurdt de earste [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[presidint fan de Feriene Steaten]].
*[[28 novimber]] - [[Mauretaanje]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[14 desimber]] - Achttjin [[Jeropa|Jeropeeske]] lannen rjochtsje yn 'e mande mei [[Kanada]] en de [[Feriene Steaten]] de [[Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling]] (OESO) op.
[[File:Berlin_Wall_1961-11-20.jpg|right|thumb|250px|De bou fan 'e [[Berlynske Muorre]], yn [[1961]].]]