1960-er jierren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 86:
*[[17 desimber]] - [[Anneksaasje fan Goä]]: [[Yndia]]aske [[troepen]] falle [[Goä]] en [[Daman en Diû]] binnen, gebieten mei-inoar de [[koloanje]] [[Portegeesk-Ynje]] foarmje. It [[Portegal|Portegeeske]] koloniale bestjoer wurdt ferdreaun en de gebieten wurde troch Yndia [[anneksearre]].
[[File:Cuban missiles.jpg|right|thumb|250px|[[Foto's]] fan [[raket|raketsilo's]] op [[Kuba]], makke troch [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[spionaazje]]fleantugen. De oanfier út 'e [[Sovjet-Uny]] wei fan [[raket]]ten mei [[atoombom]]men om yn dy silo's op te stellen, en de Amerikaanske blokkade fan dy oanfier, joech oanlieding ta de [[Kubakrisis]].]]
 
;[[1962]]
*[[1 jannewaris]] - [[Samoä]] (yn 't earstoan noch ûnder de namme West-Samoä) wurdt ûnôfhinklik fan [[Nij-Seelân]].
*[[8 jannewaris]] - Yn [[Nederlân]] fynt de [[Treinramp by Harmelen]] plak, wêrby't 93 minsken omkomme.
*[[9 febrewaris]] - De [[Feriene Steaten]] formalisearje de rol dy't Amerikaanske militêre adviseurs oan 'e kant fan [[Súd-Fjetnam]] spylje yn 'e [[Fjetnamoarloch]].
*[[20 febrewaris]] - [[Astronaut]] [[John Glenn]] wurdt de earste [[Feriene Steaten|Amerikaan]] dy't yn in [[baan (astronomy)|baan]] om 'e [[Ierde]] sirkelet.
*[[18 maart]] - Mei de [[Ferdraggen fan Évian]] komt in ein oan 'e bloedige [[Algerynske Oarloch]] dy't de [[Frankryk|Frânsen]] yn harren [[koloanje]] [[Algerije]] tsjin 'e Algerynske [[nasjonalist]]en fiere.
*[[3 july]] - [[Algerije]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Frankryk]].
*[[6 augustus]] - [[Jamaika]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[31 augustus]] - [[Trinidad en Tobago]] wurde ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[30 septimber]] - De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[John F. Kennedy]] lit federale troepen yngripe as [[gûverneur]] [[Ross Barnett]] fan [[Mississippy (steat)|Mississippy]] in [[rjochter]]lik [[fûnis]] negearret om [[James Meredith]] as earste [[negroïde]] [[studint]] ynskriuwe te litten oan 'e [[Universiteit fan Mississippy]].
*[[9 oktober]] - [[Uganda]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[16 oktober|16]]-[[28 oktober]] - De [[Sovjet-Uny]] besiket [[raket]]ten mei [[atoombom]]men nei bûnsgenoat [[Kuba]] te bringen en se dêr op te stellen. De [[Feriene Steaten]] wolle dat tsjin eltse priis foarkomme en blokkearje de oanfier fan 'e raketten. Mei dizze [[Kubakrisis]] komt de wrâld gefaarlike ticht by in [[oarloch]] tusken de beide supermachten.
*[[20 oktober]] - De [[Sineesk-Yndiaaske Oarloch]] brekt út as [[troepen]] fan 'e [[Folksrepublyk Sina]] de Yndiaaske steaten [[Kasjmier]] en [[Aruchal Pradesh]] binnenfalle.
*[[21 novimber]] - De [[Sineesk-Yndiaaske Oarloch]] einiget mei in klinkende oerwinning foar [[Sina]]. De Sinezen ûntromje daliks it meastepart fan it ferovere gebiet, mar hâlde [[Aksai Chin]], in diel fan [[Kasjmier]], foargoed beset.
[[File:Martin_Luther_King_-_March_on_Washington.jpg|right|thumb|250px|As hichtepunt fan 'e [[Mars op Washington]], yn [[1963]], hâldt de [[negroïde|swarte]] [[minskerjochten|minskerjochte]]-[[aktivist]] [[Martin Luther King]] syn [[taspraak]] ''[[I Have a Dream]]'' foar in kliber fan mear as in miljoen minsken.]]
[[File:Kennedyb.jpg|right|thumb|250px|De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[John F. Kennedy]] (midden) in pear minuten foar't er yn [[1963]] yn [[Dallas (Teksas)|Dallas]] [[moard op John F. Kennedy|fermoarde waard]].]]