1960-er jierren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 147:
*[[24 novimber]] - [[Belgje|Belgyske]] [[kommando's]] befrije yn 'e [[Demokratyske Republyk Kongo]] in groep fan 60 [[Feriene Steaten|Amerikanen]] en 800 Belgen dy't yn [[Stanleystad]] [[gizeling (misdriuw)|gizele]] waarden troch [[rebel]]len. By de operaasje falle in protte deaden.
[[File:Checking house during patrol.jpg|right|thumb|250px|In [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[militêr]]e pratrûlje trochsiket ûnder de [[Fjetnamoarloch]] in [[hûs]] op 'e siik nei leden fan 'e [[Viet Cong]].]]
 
;[[1965]]
*[[7 febrewaris]] - Yn it ramt fan 'e [[Fjetnamoarloch]] fiert de [[Amerikaanske Loftmacht]] foar it earst [[bombardemint]]en út op [[Noard-Fjetnam]].
*[[18 febrewaris]] - [[Gambia]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[21 febrewaris]] - [[Moard]] op 'e kontroversjele [[negroïde|swarte]] [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[aktivist]] [[Malcolm X]].
*[[8 maart]] - De earste [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] gefjochtstroepen arrivearje yn [[Súd-Fjetnam]] om aktyf ynset te wurden by de striid yn it ramt fan 'e [[Fjetnamoarloch]].
*[[18 maart]] - De [[Sovjet-Uny|Sovjet]]-[[kosmonaut]] [[Aleksej Leonov]] makket as earste [[minske]] in [[romtewanneling]].
*[[21 maart]] - Begjin fan 'e troch de [[Amerikaanske Boargerrjochtebeweging]] organisearre [[Marsen fan Selma nei Montgomery]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Alabama]].
*[[28 april]] - De [[Feriene Steaten]] dogge [[Amerikaanske ynfal yn de Dominikaanske Republyk (1965)|in ynfal]] yn 'e [[Dominikaanske Republyk]].
*[[26 juny]] - De [[Maldiven]] wurde ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[6 augustus]] - De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[Lyndon B. Johnson]] ûndertekenet de [[Nasjonale Stimrjochtwet fan 1965]], wêrmei't it yllegaal wurdt om op lykfol hokker wize tsjin te hâlden dat minsken gebrûk meitsje fan harren [[stimrjocht]] (wat yn it [[Amerikaanske Suden]] oant no ta struktureel barde om [[negroïde ras|swarten]] harren rjochten te ûntnimmen).
*[[9 augustus]] - [[Singapoer]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Maleizje]].
*[[11 augustus]] - Yn [[Los Angeles]] brekt yn 'e [[negroïde|swarte]] [[wyk]] [[Watts (Los Angeles)|Watts]] de [[Opskuor fan Watts]] út, wêrby't 36 deaden falle en foar [[$]]175 miljoen oan skea oanrjochte wurdt.
*[[6 septimber]] - De [[Yndiaask-Pakistaanske Oarloch (1965)|Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965]] brekt út. [[Yndia]]aske [[troepen]] falle [[Pakistan]] binnen en marsjearje op nei de miljoenestêd [[Lahoare]].
*[[9 septimber]] - De [[orkaan]] [[Orkaan Betsy|Betsy]] rjochtet slimme skea oan yn 'e [[Feriene Steaten]], yn 'e krite by de [[kust]] fan 'e [[Golf fan Meksiko]] lâns. Der falle 81 deaden en der wurdt foar [[$]]1,4 miljard oan skea oanrjochte.
*[[22 septimber]] - Nei de [[Yndia]]aske ferovering fan [[Lahoare]] moat [[Pakistan]] ynbine. Der wurdt in [[wapenstilstân]] sletten, dy't yn 'e praktyk in ein makket oan 'e [[Yndiaask-Pakistaanske Oarloch (1965)|Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965]].
*[[1 oktober]] - Yn [[Yndoneezje]] mislearret in [[kommunistysk]]e [[steatsgreep]] (de saneamde [[Oktoberrevolte]]), ûnder lieding fan [[kolonel]] [[Oentoeng]], it haad fan 'e [[liifwacht]]en fan [[presidint]] [[Soekarno]]. Neitiid [[Yndonezyske massamoard fan 1965-1966|komt der in massamoard]] op gong, wêrby't nei skatting 500.000 oant 3 miljoen minsken ombrocht wurde: net allinnich kommunisten, mar elts dy't fan kommunistyske sympatyen fertocht wurdt.
*[[9 novimber]] - By de [[Black-out fan 1965]] falt yn acht [[Amerikaanske steaten|steaten]] yn it [[noardeasten]] fan 'e [[Feriene Steaten]] en yn 'e [[Kanadeeske provinsje]] [[Ontario]] in [[jûn]] de [[elektrisiteit]] út. Njoggen [[moanne (tiid)|moannen]] letter is der in ''baby boom''.
*[[11 novimber]] - De [[Republyk Rodeezje]] ferklearret him ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[27 novimber]] - Oan 'e [[Mars op Washington foar Frede yn Fjetnam]], in grutte [[demonstraasje (protest)|demonstraasje]] tsjin 'e [[Fjetnamoarloch]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[haadstêd]] [[Washington, D.C.]], dogge sa'n 25.000 minsken mei.
[[File:Vietnamprotestors.jpg|right|thumb|230px|In demonstraasje tsjin 'e [[Fjetnamoarloch]].]]