Skotwûne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 4:
De aard fan in skotwûne wurdt feroarsake troch de kombinaasje fan in stikmannich faktoaren. Yn it foarste plak giet it dêrby om 'e [[kinetyske enerzjy]] fan 'e [[kûgel]] (oftewol de krêft fan 'e ynslach). Dy kin [[wittenskip]]lik omskreaun wurde as KE = m•v<sup>2</sup>/2, wêrby't KE de kinetyske enerzjy is, m de [[massa]] fan 'e kûgel en v de [[faasje]] fan 'e kûgel. Mei dy berekkening kin ynsichtlik makke wurde wêrom't kûgels mei in swierder gewicht en/of dy't mei in hegere faasje ynslane, mear skea oanrjochtsje as kûgels fan deselde grutte dy't minder swier binne en/of har minder fluch fuortbewege. Oare wichtige faktoaren dêr't men rekken mei hâlde moat, binne de [[gier (draaiïng)|gier]] (draaiïng), en de eventuële [[ferfoarming (ballistyk)|ferfoarming]] of [[fragmintaasje (ballistyk)|fragmintaasje]] fan 'e kûgel.
 
It direkte gefolch fan in skotwûne is ornaris slim [[bloed|blieden]], dat mooglik mank giet mei it yn [[shock]] reitsjen fan it slachtoffer. Yn dy sitewaasje krije de [[orgaan (lichemsdiel)|organen]] dy't it [[lichem]] draaiende hâlde, te min [[soerstof]] oanlevere om't de [[bloedsirkulaasje]] fersteurd wurdt troch [[bloedferlies]]. Slimmer noch is it as de kûgel in krúsjaal lichemsdiel rekket, lykas it [[hert]] of de [[long]]en, of as it [[sintraal senuwstelsel]] skansearre rekket troch in ynslach yn 'e [[wringe]] of de [[harsens]]. De meast foarkommende direkte [[dea]]dsoarsakendeadsoarsaken dy't folgje op it tabringen fantroch in skotwûne binne: [[deablieden]], [[ûnderkuolling]] feroarsake troch in [[Pneumotoraks|klaplong]], katastrofale ferwûning oan it hert of de gruttere [[bloedfet]]ten en skea oan 'e harsens of it sintraal senuwstelsel. Bykommende slimme (mar net libbensbedriigjende) skea wurdt by skotwûnen tabrocht oan 'e [[hûd]]. As men yn it [[gesicht]] rekke is en de ferwûning oerlibbet, kriget men dêr in slimme [[groede]] wêrfoar't letter faak [[plastyske sjirurgy]] nedich is.
 
{{boarnen|boarnefernijing=