Huldrych Zwingli: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
red
Rigel 1:
[[File:Ulrich-Zwingli-1.jpg|thumb|''Huldrych Zwingli'']]
[[File:Signature of Huldrych Zwingli.svg|thumb|''Hantekening'']]
'''Huldrych Zwingli''' (ek '''Ulrich Zwingli'''; * [[1 jannewaris]] [[1484]] yn [[Wildhaus]]; † [[11 oktober]] [[1531]] yn [[Kappel am Albis]]) wie in [[Switserlân|Switserske]] teoloog[[teolooch]] en de earste [[Zürich (stêd)|Züricher]] herfoarmer. Ut de Zürichske en [[Sjenêve|Sjeneefske]] [[reformaasje]] komt de Grifformearde Tsjerke fuort. De teology fan Zwingli is yn de twadde generaasje troch [[Heinrich Bullinger]] en [[Jehannes Kalvyn]] fierder droegen.
 
==Biografy ==
Rigel 8:
Ulrich Zwingli wie in soan fan de boer en lândrost Johann Ulrich Zwingli (1454–1513) en Margaretha Bruggmann (± 1458–1519), dy't as eardere widdo foar de twadde kear mei Zwingli troud wie. Hy wie it tredde bern en hie teminsten njoggen bruorren en susters. Hjoeddedei is it bertehûs fan Zwingli as in museum ynrjochte. Al yn de âldens fan seis jier ferliet er syn bertedoarp om fjouwer jier as learling by syn omke yn [[Weesen]] te wenjen. Yn 1494 gyng er nei de [[Latynske skoalle]] yn [[Basel]] en letter nei de Latynske skoalle yn [[Bern (stêd)|Bern]]. Fanwegen syn grutte musikale oanlis woene de [[Dominikanen]] him graach yn it kleaster opnimme, mar syn heit fersette him dêrtsjin.
=== Stúdzje yn Wenen (1498–1500) ===
Yn 1498 ferliet Zwingli Bern en yn de âldens fan fyftjin jier sette er útein mei in stúdzje oan de Universiteit fan Wenen; dêr skreau er him yn as ''Vdalricus Zwinglij de Glaris''. Hy studearre oan de artystenfakulteitartystefakulteit, dêr't er nei de gewoane stúdzje in soarte fan basisoplieding yn de Sân frije Keunsten (''septem artes liberales'') folge. Dan yn it simmersemester fan 1500 liet er him nochris ynskriuwe as ''Vdalricus Zwingling de Lichtensteig''.
=== Stúdzje yn Basel (1502–1506) ===
Yn 1502 meldetmeldt Zwingli him ûnder eksakt deselde namme oan by de Universiteit fan Basel en set dêr útein mei de stúdzje [[Teology]]. Hy studearre dêr oant 1506 en slúte de stúdzje dêr ôf mei de titel ''Magister Artium'' (''Master of Arts''). Nei it eksamen studearre Zwingli noch seis moannen teology en gyng dêrnei lykas in soad oaren yn dy tiid sûnder in ôfsletten teologystúdzje yn de Tsjerke oan de slach. Yn septimber 1506 waard Zwingli wijd ta preester.
=== Pastoar yn Glarus (1506–1516) ===
Yn de neisimmer fan 1506 waard Zwingli keazen as de liedende pastoar fan [[Glarus]]. Der kinne ferskate redenen west ha om de 22-jierrige Zwingli te beroppen. Mooglik wied er by de ynwenners al oanrikkemandearre, mar it kin ek dat de lju harren eigen preester kieze woene om net it útstel fan de biskop fan Konstanz ôf te wachtsjen. Eins soe nammentlik de ynfloedrike koarhear fan de proasdij fan Zürich, Heinrich Göldi (1496–1552), de [[prebende]] (ynkomsten fan de parochy) fan de biskop krije. Dêr hie Göldi nammentlik al in aardich bedrach foar nei Konstanz oermakke. Foarmeel wie Göldi as besitter fan de prebende ek de pastoar fan Glarus woarn, mar hy woe net nei Glarus ferhûzjeferhúzje om't er de tsjerklike funksje allinnich as in soarte fan ynvestearing beskôge. De ynwenners fan Glarus hiene fansels net in soad op mei lju dy't allinne de tsjerklike ynkomsten neijoegen, sadat hja in eigen kandidaat sochten dy't se yn Zwingli fûnen. Nei't de kar op Zwingli fallen wie waard it foar Göldi dreech om it amt fan pastoar tsjin it sin fan de parochianen op him te nimmen. Om net mei lege hannen te einigjen easke Göldi sadwaande in hege finansjele kompinsaasje. Zwingli moast dêrfoar by de bewenners jild opnimme en de ôfbetelling fan it kredyt soe him noch lang heuge.
 
By de kredytferliening oan Zwingli wiene de ynwenners fan Glarus rynsk, mar wat de pastorij oanbelanget hie it allegear wol wat better kind. Hja wisten mar al te goed dat it ûnderkommen tekoart skeat en doe't Zwingli yn 1516 it oanslach oanfrege, ûnthieten se him in bettere pastorij te bouwen as er bliuwe soe.
Rigel 18:
De parochy fan Glarus omfieme ek de doarpen [[Riedern (Switserlân)|Riedern]], [[Netstal]], [[Ennenda]] en [[Mitlödi]]. Glarus en Riedern hiene likernôch 1.300 ynwenners en foar de geastlike fersoarging wurk Zwingli tegearre mei noch trije of fjouwer [[Kapelaan|kapelanen]]. Wat Zwingli allegear by de ein hie yn Glarus is net in soad oer bekend. Oer krityk op de Tsjerke like doe noch gjin sprake te wêzen. Hy lies de misse en joech [[absolúsje]] fan de sûnden. Yn 1512 skreau er in fersyk oan [[paus Julius II]] en frege om in [[ôflaat]] foar de bewenners fan Glarus. Zwingli wie ek aalmoezenier en naam yn de jierren 1512-1515 foar de paus tsjin de Frânsen yn [[Lombardije]] diel oan de fjildtochten fan de [[Italjaanske Krigen]], benammen by de Slach fan Marignano.
 
De boeresoan Zwingli like tige begien te wêzen mei it gewoane folk. Yn de rin fan de tiid koed er al syn parochianen, mar mei inkelde famyljes hied er mear kontakt as gewoan en wied er peterfaar foar guon bern. Syn tsjerklike belutsenens die ek bliken út syn fûleindige stribjen om in splinterke fan it Wiere Krús nei Glarus te heljen, dêr't er lang om let yn wist te slagjen. Foar in wichtich [[relyk]] as in fragmint fan it krús dêr't Jezus oan stoar wie wol in weardich ûnderkommen nedich en dus liet er de âlde tsjerke yn grutter meitsje mei de nei it relyk ferneamde Krúskapel. De ynwenners fan Glarus hiene it lykwols net oer de Krúskapel mar oer de Zwinglikapel.
 
Yn syn jierren yn Glarus studearre Zwingli fierder en mei grutte iver lies er de wurken fan de antike klassikers en [[tsjerkefaar]]s. Boppedat learde er [[Gryksk]] en sa koed er de grûntekst fan it [[Nije Testamint]] lêze, dy't [[Desidearius Erasmus|Erasmus fan Rotterdam]] yn in krityske útjefte publisearre hie. Troch de [[Humanisme|humanist]] learde Zwingli in oare bedoeling yn de bibelske teksten te sykjen en te werkennen. Sa fûn er in nije, foar him befrijende tagong ta de Hillige Skrift. Ek al lei Glarus isolearre, dochs wist er nauwe kontakten te ûnderhâlden mei de gelearden fan syn tiid en hy wie altiten op de hichte fan de publikaasjes fan nije boeken. Oan it ein fan syn tiid yn Glarus besiet Zwingli it doedestiidske ymposante oantal fan mear dan 100 boeken.
Rigel 27:
 
=== Plebaan yn Einsiedeln (1516–1519) ===
Yn 1516 berôp Diebold fan Geroldseck Zwingli as plebaan en preker yn it as beafeartsplak ferneamde [[kleaster Einsiedeln]], dêr't er him op 14 Aprilapril 1516 oanmelde. Dêr begûn Zwingli him yn syn preken te fersetten tsjin it dêr fêststelde misbrûk fan de folksfrommens, de beafeart en tsjin de sûnt 1518 yn Switserlân wurkjende ôflaatpreker Bernhardin Samson en hy rôp de biskoppen fan Sitten en Kostanz op om de Tsjerke mear yn oerienstimming mei it Wurd fan God te bringen. Fanwegen syn ûnderfinings by de fjildtocht yn Itaalje naam er boppedat Erasmus' oertsjûging ''dulce bellum inexpertīs'' (Kriich is swiet foar dyjingen dy't it nea meimakke ha) oer, in biedwurd dy't er yn syn sprekwurdenútjefte fan Erasmus ûnderstrepe.
 
Zwingli hie eins nei syn ferbliuw yn Einsiedeln syn pastoarsfunksje yn Glarus wer opnimme moatten, mar yn 1519 naam er it beslút ynstee dêrfan in berop oan de Grutte Munster fan Zürich oan te nimmen. Syn stúdzjes en ûnderfinings yn Glarus en Einsiedeln hiene de oan de Rome sa trouwe preester feroare. Dy ûntjouwing liede Zwingli nei oare ynsichten en Zwinglihy wie in kritikus mei in skerpe tonge tsjin de tsjerklike misstannen woarn.
 
=== Plebaan oan de Grutte Dom fan Zürich (1519–1531) ===
Rigel 45:
 
=== Twadde dispút fan Zürich (1523) ===
In twadde dispút fûn plak fan 2 oant 28 oktober 1523. Yn oanwêzigens fan 900 tsjûgen waard der praat oer de byldenferearingbyldeferearing en de misse. De oanlieding fan it dispút wie de preek tsjin it ferearjen fan bylden en de dêrút folgjende byldenstoarmbyldestoarm. Besletten waard om de bylden binnen in heal jier út de tsjerken de ferwiderjen, sadat de minsken troch mear preken op dizze stap taret wurde koene. De byldenstoarmbyldestoarm fûn sadwaande net ynienen, mar yn alle rêst plak.
 
=== Belidenis fan it leauwe en de Bibel fan Zürich ===
[[File:Titel Bibel Zwingli zürich.jpg|thumb|''Bibel fan Zürich (1535)'']]
Yn 1525 publisearre Zwingli syn belidenis fan it leauwe "''De vera et falsa religione''" (oers.: Oer it wiere en falske leauwe) en stjoerde dêr in eksimplaar fan nei kening [[Frâns I fan Frankryk|Frâns I]]. Alhoewol't Zwingli it oer in soad saken iens wie mei [[Maarten Luther|Luther]] en oare Dútske herfoarmers, feroaren syn ideeën oer de [[liturgy]] radikaal en wiisde hy de fysike oanwêziggens fan Kristus yn de kommuny ôf. Fanôf 1525 wie de reformaasje en de fernijing fan de earetsjinst neffens de protestantske yn Zürich gebrûk. It Nachtmiel waard yn beide foarmen fierd. Bylden wiene ferwidere en it selibaat en de roomske misse ôfskaft. EarmensoarchEarmesoarch waard betelle út fûnsen dy't frijmakke wiene troch de ûnteigening fan kleasters en relgieuze stiftingen yn it gebiet dêr't de stêd Zürich it foar it sizzen hie. EkynEk yn 1525 waard it koarhearenstiftkoarhearestift fan de Grutte Munster feroare yn in proasdij, om sa de foarming fan mear grifformearde teologen mooglik te hâlden. Hja moasten de útlis fan de Bibel leare en de kennis yn Dútsktalige preken oan it folk oerdrage. De Tsjerke fan Zürich stie ûnder lieding fan Zwingli.
 
Yn nauwe gearwurking mei [[Leo Jud]] sette Zwingli tusken 1524 en 1529 de Bibel oer yn de federale taal. Dy oersetting is tsjintwurdich bekend as de Bibel fan Zürich. De Bibel fan Zürich is dêrmei de âldste protestantske oersetting fan de hiele Bibel. It wurk waard tusken 1524 en 1529 troch Christoph Froschauer printe en wurdt dêrom ek wol Froschauer-bibel neamd. Yn 1531 ferskynde der ek in ryk yllustrearre útjefte.