Haadmenu iepenje

Changes

No change in size ,  1 jier lyn
 
== Prehistoarje ==
De earste [[Neolitikum|neolityske]] beskaving fan Sina wurdt troch archeologen de [[Yangshao-kultuer]] neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west, ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere ''"hege löss-flakten"'' yn de tsjintwurdige provinsjes [[Shanxi]], [[Shaanxi]] en [[Gansu]]. Sy beskikten al oer klean fan jute of sydeside, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de [[baarch]] en [[hûn]] domestisearre.
 
De folgjende faze yn de Sineeske skiednis is de [[Longshan-kultuer]], ferneamd nei it plak dêr't as earste fynsten dyn binne fan dizze typyske kultuer. It [[skiep]] en de [[ko]] waard domestisearre en de ferbou fan [[rys]] dy syn yntree. Troch de fynsten fan ferskate soarten grêven docht bliken dat harren kultuer al sosjaal differentisearre wie. De Longshan-kultuer wurdt derom ek wol sjoen as de basis fan de earste [[histoarje|histoaryske]] beskaving fan de Sina, dy fan de [[Shang-dynasty|Shang]].
7.481

edits