Meksiko-Stêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5:
| ôfbyldingstekst = De Paseo de la Reforma sjoen fanôf Chapultepec.
| ynwennertal = 8.851.080 <small>(2010)</small>
| oerflak = 1485 km²
| befolkingstichtens = 5.960,3/ km²
| stêdekloft =
| hichte = 2240-3990 m
| lân = [[Meksiko]]
| bestjoerlike ienheid 1 =
| namme bestjoerlike ienheid 1=
| bestjoerlike ienheid 2 =
| namme bestjoerlike ienheid 2=
| boargemaster =
| stêdsyndieling =
| stifting = *13 maart [[1325]]: Tenochtitlan<br />
* 13 augustus [[1521]]: Ciudad de México
* 18 novimber [[1824]]: Federaal distrikt
Rigel 28:
 
== Skiednis ==
De stêd waard yn [[1325]] as [[Tenochtitlan]] troch de [[Azteken]] stifte. De leginde wol hawwe dat har stamgod [[Huitzilopochtli]] it plak oanwiisde dêr't de op dat stuit noch nomadyske Azteken har festigje moasten, troch in [[Earn (rôffûgel)|adelaarearn]] op in [[Kaktusfamylje|kaktus]] in [[slang (bist)|slang]] opfrette te litten. It tafreel stiet ôfbylde op it wapenskild fan de flagge fan Meksiko. Dat barren wie op in eilân yn it [[Tekskokomar]], dat dêr stiften de Azteken har haadstêd. De stêd wreide him rillegau út oer oare eilannen yn itde mar, sadat der in soarte fan [[Feneetsje]] ûntstie. Op har hichtepunt hie Tenochtitlan 200.000 oant 300.000 ynwenners en wie it op [[Parys]] en [[Konstantinopel]] nei de grutste stêd fan de wrâld.
 
Yn [[1519]] berikte de Spaanske [[konkwistadore]] [[Hernán Cortés]] de stêd. Yn it earst oanearstoan waard er freonlik wolkom hjitten, mar letter waard er de stêd útjage. Nei in belis fan moannen joech de stêd har op [[13 augustus]] [[1521]] oer. It waard de haadstêd fan it ûnderkeninkryk [[Nij-Spanje]] en nei [[1821]] fan it selstannich Meksiko, alhoewol't út reden fan boargeroarloggen oare steden tydlik ek haadstêd west hawwe. Yn [[1847]] waard Meksiko-stêd beset troch de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] en yn [[1863]] troch de [[Frankryk|Frânsen]].
 
Yn de [[20e iuw]] naam it ynwennertal tige ta, en wie de stêd in skoft de grutste fan de wrâld. Yn [[1968]] waarden de [[Olympyske Simmerspullen 1968|Olympyske Spullen]] yn Meksiko-stêd organisearre, mar dat jier bringt yn Meksiko fral it [[bloedbad fan Tlatelolco]] te binnen, dat twa wiken foar de iepening fan de Spullen barde. Op [[19 septimber]] [[1985]] waard de stêd rekke troch in swiere [[ierdskodding]] (it episintrum lei besuden de stêd yn [[Michoacán]]), dêr't 5.000 (neffens de regearing) oant 20.000 deaden by foelen. Boppedat rekken tsientûzenen dakleas.
Rigel 37:
 
== Demografy ==
Al sûnt it begjin fan de Kristlike jiertelling is de Delling fan Meksiko ien fan de meast tichtbefolke gebieten fan it Amerikaansk kontinint. De agglomeraasje meksikoMeksiko-stêd hat no sa'n 20 miljoen ynwenners, hetit Federaal Distrikt 6,5 miljoen. It ynwennertal fan it Federaal Distrikt is sûnt 1980 sa'n bytsje gelyk bleaun, mar de foarstedenfoarstêden groeie noch omraak. It migraasjesaldo fan it sintrum fan de stêd is licht negatyf.
 
It Federaal Distrikt is it gebiet mei it heechste ynkommen de persoan en mei de heechste [[yndeks fan minslike ûntjouwing]] fan Meksiko. De wiken yn it westen fan de stêd (Polanco, Condesa, Las Lomas de Chapultepec, San Ángel) hawwe yn it generaal de measte wolfeart; de wiken yn it easten op de earde marboaimmarboaiem binne it earmst. Dy east-westferdieling fan wolfeart jildt ek foar de foarsteden, de eastlike foarstedenfoarstêden [[Sancristóbal Ecatepec de Morelos]], [[Ciudad Nezahualcóyotl]] en [[Chalco]] jilde as earm, wylst Tlalnepantla, Naucalpan de Juárez en Ciudad López Mateos it relatyf better dogge.
 
De taal dy't it meast sprutsen wurdt is it [[Spaansk]]. Fanâlds wurdt ek [[Nahuatl]] yn Meksiko-stêd sprutsen. Op it heden binne der noch mar 37.450 persoanen, dat is 0,44 prosint, dy't Nahuatl as memmetaal hawwe. Oare yndiaanske talen dy't dêr sprutsen wurde binne [[Otomí (taal)|Otomí]], [[Miksteeks]], [[Zapoteeks]] en [[Mazahua (taal)|Mazahua]]. De lju dy't dy talen brûke komme út oare dielen fan Meksiko. Hurde sifers binne der net, mar der wurdt tocht dat [[Ingelsk]] en [[Dútsk]] minstens likefolle sprekkers hawwe as de yndiaanske talen.
 
90 % fan de befolking is [[Roomsk-katolike tsjerke|roomsk-katolyk]], 7 % hat in oare godtsjinst en trije posintpersint hat gjin religy. Dy sifers binne sa'n bytsje gelyk as dy fan it oarepart fan Meksiko.
 
=== Berne yn Meksiko-Stêd ===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan bertejier--->
* [[Octavio Paz]] (1914-1998), [[dichter]], [[skriuwer]] en [[Nobelpriis]]winner
* [[Sasha Rionda]] (1977), [[presintatrise]], [[nijslêzeresse]] en [[ferslachjouster]]
 
=== Stoarn yn Meksiko-Stêd ===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan stjerjier--->
* [[Octavio Paz]] (1914-1998), [[dichter]], [[skriuwer]] en [[Nobelpriis]]winner
Rigel 59:
 
De Avenida de los Insurgentes, dy't noard-súd troch de stêd rint, soe de langste avenue yn de wrâld wêze. De Avenida krúst yn it sintrum de Paseo de la Reforma, dy't wol de '[[Seine]] fan beton' neamd wurdt. Op rotondes yn de Paseo steane tal fan monuminten, sa as de [[Ángel de la Independencia]], dat ek tsjinnet as mausoleum foar in tal ûnôfhinklikheidsstriders. Oan de Paseo de la Refoma stiet ek de [[Torre Mayor]], it heechste gebou fan Latyns-Amearika. Oan de westkant fan de Paseo leit Chapultepec, in grut park op in hichte. Fanâlds is dat it plak dêr't de ynwenners ferdivedaasje sykje; de Azteekske keizers hienen dêr al in residinsje en de Spaanske ûnderkeningen lieten dêr it [[Chapultepec (paleis)|Paleis fan Chapultepec]] sette. Nei de ûnôfhinklikheid waard it paleis een kazerne, en noch wer letter it paleis fan [[Maksimiliaan fan Meksiko|keizer Maksimiliaan]]. No is it in museum. It Nasjonale Antropologymuseum, dat in grut tal bysûndere pre-Kolumbiaanske foarwurpen hat, stiet yn dit park, lykas de residinsje fan de presidint, Los Pinos.
 
 
Fierder nei it noarden, yn [[Tlatelolco]], de âlde Azteekske merkstêd, leit it Plein fan de Trije Kulturen. Dêr tichtby is ek de Basilyk fan Guadalupe, boud nei de ferskining fan de [[Faam fan Guadalupe]] yn [[1531]] op dat stee. De Basilyk lûkt jierliks miljoenen pylgers.