Meksiko-Stêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 60:
De Avenida de los Insurgentes, dy't noard-súd troch de stêd rint, soe de langste avenue yn de wrâld wêze. De Avenida krúst yn it sintrum de Paseo de la Reforma, dy't wol de '[[Seine]] fan beton' neamd wurdt. Op rotondes yn de Paseo steane tal fan monuminten, sa as de [[Ángel de la Independencia]], dat ek tsjinnet as mausoleum foar in tal ûnôfhinklikheidsstriders. Oan de Paseo de la Refoma stiet ek de [[Torre Mayor]], it heechste gebou fan Latyns-Amearika. Oan de westkant fan de Paseo leit Chapultepec, in grut park op in hichte. Fanâlds is dat it plak dêr't de ynwenners ferdivedaasje sykje; de Azteekske keizers hienen dêr al in residinsje en de Spaanske ûnderkeningen lieten dêr it [[Chapultepec (paleis)|Paleis fan Chapultepec]] sette. Nei de ûnôfhinklikheid waard it paleis een kazerne, en noch wer letter it paleis fan [[Maksimiliaan fan Meksiko|keizer Maksimiliaan]]. No is it in museum. It Nasjonale Antropologymuseum, dat in grut tal bysûndere pre-Kolumbiaanske foarwurpen hat, stiet yn dit park, lykas de residinsje fan de presidint, Los Pinos.
 
Fierder nei it noarden, yn [[Tlatelolco]], de âlde Azteekske merkstêd, leit it Plein fan de Trije Kulturen. Dêr tichtby is ek de Basilyk fan Guadalupe, boud nei de ferskining fan de [[Faam fan Guadalupe]] yn [[1531]] op dat stee. De Basilykbasilyk lûkt jierliks miljoenen pylgers.
 
De keunstnerswiken Coyoacán en San Ángel lizze yn it suden fan de stêd. Dêr binne in protte skilderingen fan [[Diego Rivera]] te finensjen, mar ek skilderingen fan oare [[muralisme|muralisten]] binne yn de hiele stêd te finen. Ek yn Coyoacán lizze de kampus fan de Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko en it Aztekenstadion. Coyocán wie ek de wyk dêr't [[Leon Trotski]] fermoarde waard. Syn eardere wente is no in museum. De binnenstêd fan Meksiko is mei [[Xochimilco]] opnaam yn de list fan [[Wrâlderfgoedlist|WrâlderfgoedWrâlderfguod]] fan de [[UNESCO]].
 
== Swierrichheden ==
Rigel 68:
Meksiko-stêd is boud yn de Delling fan Meksiko en wurdt oan alle kanten omjûn fan fulkanen (û.o. de [[Popocatépetl]]). Dat hat fan gefolgen dat [[loftfersmoarging]], sa as ''[[smog]]'' hingjen bliuwt. Fral winterdeis, as de loft boppe it dal kâld is en de waarme lucht út de stêd (troch [[ynversjelaach|ynversje]]) net opstige kin, is de luchtfersmoarging slim. De Popocatépetl, dy't yn de Azteekske en koloniale perioade út de stêd wei goed te sjen wie, kin no troch de ''smog'' allinne noch út en troch sjoen wurde.
 
De ynstabile ûndergrûn foarmet ek in miljeuprobleem. Doe't de Azteken Tenochitlan stiften bestie de stêd úút eilantsjes yn itde [[Tekskokomar]]. Dat mar is yn de rin fan de iuwen opdrûge of drûchlein. De grûn is lykwols noch altyd ynstabyl, op guon plakken sakket de stêd 25 sintimeter it jier. De Ángel de Independencia bygelyks, hat al in paer kear ekstra treppen krige om boppe de grûn te bliuwen. Trochdat de stêd sa leech leit, wurdt de ôffier fan ôffalstoffen tige behindere. Wat der oer is fan itde Tekskokomar is dêrtroch tige [[fergif]]tich en dat soarget wer foar swierrichheden yn de drinkwetterfoarsjenning. Der is wolris útsteld om in piiplieding fan [[Veracruz Llave|Veracruz]] oan de [[Golf fan Meksiko]] nei Meksiko-stêd oan te lizzen om it wetterprobleem op te lossen, mar it die bliken dat dat net te dwaan en in slompe jild kostje soe.
 
In protte wenwiken hawwe in soad kriminaliteit en der binne in protte strjitbern, neffens guon sifers wol 50.000. Meksiko hat it op ien nei heechste oantal ûntfieringen de 100.000 ynwenner fan de wrâld. De kriminaliteitssifers sakje wol wat, mar de - [[korrupsje|korrupte]] - plysje kin it probleem noch altyd amper oan. It oantal [[moard]]en yn Meksiko-stêd is lykwols relatyf leech foar sa'n grutte stêd.
 
[[Ofbyld:Metrobús Set Dominguez.jpg|thumb|left|200px|[[Metrobús (Meksiko-Stêd)]]]]
In oar soarte probleem is de ferkearsgaos. Meksiko-stêd is al ien fan grutste steden yn de wrâld, mei 22 miljoen ynwenners, en waakst noch hieltyd. Dêr is wol in wiidweidich metrosysteem mar yn de spitsoeren kin dy it tal reizgers amper oan. Nije metrolinen of oare foarmen fan iepenbier ferfietferfier binne faak al efterhelle op it stuit dat se klear binne, alhoewol't okkerdeis in oantal eksperiminten mei heechweardich ipenbieriepenbier ferfier de druk wol wat fan de tsjettel helle hawwe.
 
De lofthaven fan de stêd is [[Benito Juárez International Airport]], der is in metrosysteem en der ride [[trolleybus]]sen.
Rigel 80:
=== Underwiis ===
[[Ofbyld:UNAM Ciudad Universitaria.jpg|thumb|220px|Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko (UNAM)]]
De [[Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko]] (UNAM) is mei benei 300.00 studinten de grutste universiteit fan de stêd en sels fan hiel Latynsk-Amearika. De foarneamstefoarnaamste kampus fan de UNAM, [[Ciudad Universitaria]], is festigefêstige yn it suden fan de stêd. It [[Nasjonaal Polytechnysk Ynstitút]] (IPN), dat him meast rjochtet op de technyske wittenskippen, is de twadde universiteit fan de stêd. Yn 1976 waard in nije universiteit oprjochte om de groeiende fraach nei heger ûnderwiis yn de mjitte te kommen: de [[Autonome Metropolitaanske Universiteit]] (UAM). De UAM hat trije kampussen, yn it noarden (Azcapotzalco), yn it súdeasten (Iztapalapa) en yn it suden (Xoximilco). Yn 2002 rjochte [[Andrés Manuel López Obrador]] fannijs in stedsuniversiteit op, de [[Autonome Universiteit fan Meksiko-Stêd]] (UACM). Oare ferneamde universiteiten binne it [[Kolleezje fan Meksiko]], it [[Technologysk Autonoom Ynstitút fan Meksiko]] (ITAM) en de [[Ibero-Amerikaanske Universiteit]].
 
=== Media ===
Rigel 87:
== Sport ==
[[Ofbyld:Estadio Azteca 07a.jpg|thumb|right|200px|[[Aztekenstadion]]]]
De stêd is de thúsbasis foar mear as ien fuotbalklupsfuotbalklup, sa as [[Club América]], [[Atlante]], [[Cruz Azul]] en [[Pumas UNAM]]. Tn it [[Aztekenstadion]], thúsbasis fan América en Atlante, is twaris de finale fan it wrâldkampioenskip fuotbal organisearre. Op de kampus fan de [[Nasjonale Autonome Universiteit fan Meksiko]] is it [[Universitêr Olympysk Stadion]], thúsbasis fan de Pumas UNAM en boud foar de Olympyske Spullen fan [[1968]]. De [[hurfytsen|hurdfytsbaan]] fan Meksiko-stêd is de heechst lizzende fan de wrâld. Omdat de luchtwjerstânloftwjerstân dêrtroch leech is, wurd dêr faak besocht it [[Wrâldoererekord (hurdfytsen)|wrâldoererekord]] te ferbrekken. U.o. [[Eddy Merckx]], [[Francesco Moser]] en [[Leontien van Moorsel]] hawwe hjir it wrâldoerekord ferbrutsen.
 
== Partnersteden ==
Rigel 99:
* [[San Salvador (stêd)|San Salvador]] ([[El Salvador]])
* [[Seoel]] ([[Súd-Korea]]), sinds 1992
 
 
{{commonscat|Mexico City}}