Steven de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
fan de Nederlânske Wikipeda oerset
Rigel 4:
'''Steven de Jong''' ([[Skarsterbrêge]], [[26 juny]] [[1962]]) is in súksesfolle [[Fryslân|Fryske]] [[filmregisseur|regisseur]] en produsint fan (spyl)films. De Jong folge de "Media Akademy" in [[Hilfertsom]] en makke dêrnei namme mei ferfilmingen fan meast Fryske ûnderwerpen. As regisseur makke er sawol jeugdfilms as films foar folwoeksenen.
 
== Filmografy (as regisseur) ==
 
== Biografy ==
=== Jonge jierren en start filmkarrière ===
De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op [[de Jouwer]]. Dêr kaam letter in cd-winkel op [[It Hearrefean (plak)|It Hearrenfean]] by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn [[Hilfertsom]] en makke dêrnei namme mei in soaad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn [[Zeg 'ns Aaa]]. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan [[Joop van den Ende]] en [[John de Mol jr.|John de Mol]], as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder [[Goede Tijden Slechte Tijden]], [[De Erfenis]] en [[Paardenmagazine]].<ref name="biografie">[http://www.stevendejongfilms.nl/steven-de-jong/ Biografy Steven de Jong] op de offisjele webside fan Steven de Jong. Opfrege op 19 novimber 2015.</ref>
 
=== Selsstannich ===
Yn 1995 sette de Jong in eigen produksjemaatskippij op, ''Steven Dejong Producties''. Hy produsearre, regisearre en skreau it senario foar tsientallen films en telefysyproduksjes, wêrûnder [[Spijkerhoek]], [[De Hel van ’63]], [[De scheepsjongens van Bontekoe (film)|De Scheepsjongens van Bontekoe]] en [[Snuf de Hond]].
 
Hy wie dêrnei aktyf as regisseur en as bestjoerder fan syn trije produksjemaatskippijen. Tegearre mei [[Dick van den Heuvel]] skriuwt hy faak de senario's. De Jong is ek foarsitter fan de [[Stichting Frysk Filmfûns]].
 
== Prijzen ==
Yn 2000 wûn De Jong de 'Televizierring' foar [[Westenwind (telefyzjerige)|''Westenwind'']] foar syn wurk as regisseur en creative producer. Foar syn rezje- en aktearwurk foar [[De Fûke]] krige hy de Stimulânspriis, en ek 2 [[Gouden Keal (filmpriis)|Gouden Keal]]-nominaasjes. Mei syn films wûn hy ferskate oare prizen, wêrûnder in ''platinafilm'' foar [[De schippers van de Kameleon (film)|De schippers van de Kameleon]], in ''gouden film'' foar [[De scheepsjongens van Bontekoe (film)|De Scheepsjongens van Bontekoe]], [[Kameleon 2]] en [[De Hel van '63]], en in tal lokale prizen as de ''[[Cinekid]] bêste film'' foar [[Penny's Shadow]] en de titel ''Best Art & Director'' op it [[Bagdad International Film Festival]].
 
== Filmografy (as regisseur) ==
=== Spylfilms ===
* ''[[Stuk!]]'' - [[2014]]