Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 101:
Marije ferwachte blykber dat har efternicht Elizabeth har helpe soe om 'e Skotske troan te weroverjen, mar dy hie datoangeande gjin haast, en oardere dat der earst in ûndersyk komme moast nei it hâlden en dragen fan 'e Konfederearre Hearen en oangeande de fraach oft Marije skuldich wie oan 'e moard op Darnley. Underwilens waard Marije earst fêstholden op it Kastiel fan [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]] en dêrnei op it Kastiel fan [[Castle Bolton|Bolton]], wylst har oanhingers yn Skotlân in boargeroarloch útfochten mei Moray-en-dy. Moray lei oan 'e ûndersykskommisje as bewiismateriaal tsjin Marije de saneamde [[Kistkebrieven]] (''Casket Letters'') foar, acht net-ûndertekene brieven dy't Marije oan Bothwell skreaun hawwe soe, twa houlikskontrakten en ien of mear [[leafde]]s[[sonnet]]ten, dy't fûn wêze soene yn in kistke mei dêrop it monogram fan Frâns II fan Frankryk. Marije ûntkende dat se de brieven skreaun hie en riddenearre dat har hânskrift maklikernôch ferfalske wurde koe.
 
[[File:MaryQueenOfScots_bedchamber_Bolton.jpg|thumb|right|Bedrach fan Mary yn [[Castle Bolton]] dêr't se yn 1568 hâlden waard]]
De Kistkebrieven wurde sjoen as fan krúsjaal belang om te bepalen oft Marije sels yndirekt de hân hie yn 'e moard op Darnley, mar sa gau't Moray dermei op 'e lapen kaam, waarden se in ynset fan in polityk spultsje. Tsjintwurdich kin net mear bewiisd wurde oft se autentyk of ferfalske wiene, mei't de Frânsktalige orizjinelen ferneatige binne (wierskynlik yn [[1584]] troch Jakobus VI) en de Frânsk- en Ingelsktalige oerlevere kopyen gjin komplete set foarmje. De measten fan Marije har [[biograaf|biografen]] (lykas [[Antonia Fraser]], [[Alison Weir]] en [[John Guy (histoarikus)|John Guy]]) binne ta de konklúzje kommen dat de brieven nei alle gedachten òfwol folsleine ferfalskings wiene, òf dat der beskuldigjende passaazjes oan besteande brieven tafoege wiene. De Kistkebrieven wiene al foàr [[desimber]] [[1567]] fûn, mar wiene nea iepenbier makke om it finzen setten fan Marije te ûnderbouwen. Pas doe't Elizabeth fan Ingelân in ûndersykskommisje ynstelde, kamen Moray-en-dy dermei foar 't ljocht. Neffens skiedkundige [[Jenny Wormald]] wiist dy tsjinnichheid derop dat der wier bewiis tsjin Marije yn 'e brieven stie, wylst Alison Weir mient dat it bewiist dat Marije har tsjinstanners tiid nedich wiene om bewiismateriaal tsjin har te fabrisearjen.
[[File:Mary_Queen_of_Scots_by_Nicholas_Hilliard_1578.jpg|left|thumb|200px|Marije portrettearre ûnder har finzenskip.]]