Klant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
In '''klant''' is de ôfnimmer fan [[guod (ekonomy)|guod]] of fan in [[tsjinst (ekonomy)|tsjinst]] fan in [[leveransier]]. Yn begjinsel is it sa dat dêr in foarm fan [[betelling]] foaroer stiet, dy't faak, mar net altyd, yn in foarm fan [[jild]] (kontant of troch in oermakking) foldien wurdt. Foar in protte [[organisaasje]]s binne klanten in wichtige boarne om, itsij direkt, itsij yndirekt, ynkomsten te krijen, sadat se [[omset]] meitsje kinne.
 
It [[wurd]] 'klant' komt fan it [[Frânsk]]e ''client'', dat oarspronklik de betsjutting hie fan "belangstellende". In lettere [[lienwurd|ûntliening]] fan datselde Frânske wurd is '''kliïnt''', dat beskôge wurde kin as in wat [[deftichheid|deftiger]] klinkend [[eufemisme]] foar 'klant'. Alle klanten of kliïnten byinoar wurde ek wol oantsjut as de '''kliïntêle'''.
 
Yn guon sektoaren fan 'e [[ekonomy]] wurde klanten mei oare termen oantsjut: