Feanterij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sneuper (oerlis | bydragen)
Sneuper (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
 
== Heechfean ==
Bekende Nederlânske heechfeanterijen binne yn it súdeasten fan [[Grinslân]] en it easten fan [[Drinte]]. Hjir lei eartiids it Nederlânske part fan it grutste [[sompe]]gebiet fan Noardwest-Europa; it [[Boertanger Fean]]. Foar de feanterij binne dêr in soad [[feanfeart|kanalen]] groeven en grutte [[feankoloanje]]s stifte. It fean waard drûge en brûkt as brânstof; turf. De [[feanmoas]]turf út de heechfeangebieten is mear as leechfeanturf geskikt as brânstof. It hat in relatyf hege ferbaarningswearde, der komme net folle ruotdieltsjes frij by it ferbaarnen en oars as by de swevellucht dy't by it ferbaarnen fan leechfean frijkomt stjonkt it ek net folle. Boppedat sitte der net folle stammen en stobben yn. Turf fan heechfean waard brûkt yn it bedriuwslibben en de húshâlding.
 
De feankoloanjes waarden, neist mei lokale arbeiders, befolke troch in soad minsken út it westen fan Nederlân, wat noch blykt út plaknammen lykas [[Nij-Amsterdam (Drinte)|Nij-Amsterdam]] en [[Hollânskefjild]]. Yn Drinte leit it gebiet dat yn Nederlân it lêst ferfeante waard: It [[Bargerfean]], noardeast fan [[Schoonebeek]]. Hjir waard foar it lêst fean ôfgroeven yn [[1992]]. Dat barde net mear foar brânstof, dit fean wie bedoeld as grûnstof foar [[Túnturf|turfstruisel]] dat brûkt waard as grûnferbetterder, it meitsjen fan [[Aktive koal|Norit]], en in [[pigmint]]: ''Drintsk Swart''. It Bargerfean is net hielendal ferfeante, dat der is noch libben Heechfean.