François Haverschmidt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 25:
[[Ofbyld:Leeuwarden Piet Paaltjens.jpg|thumb|Boarstbyld fan François Haverschmidt yn Ljouwert ([[Jentsje Popma]])]]
{{of|de dichter en predikant|de ornitolooch en jurist|François Haverschmidt (1906-1987)}}
'''François Haverschmidt''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[14 febrewaris]] [[1835]] – [[Skiedaam]], [[19 jannewaris]] [[1894]]) wie in [[dichter]] en [[dûmny]]. As dichter wie er ferneamd ûnder de namme '''Piet Paaltjens'''.
 
== Famylje ==
François Haverschmidt waard 1835 berne op de [[Foarstreek]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] as tredde soan en sechde fan sân bern fan de apteker/wynhanneler [[Nicolaas Theodorus Haverschmidt]] en Geeske Bekius. Hy hie op dat stuit lykwols mar ien broer; syn âlden hienen in eardere soan François, berne [[24 maaie]] [[1829]], tweintich dagen nei de berte ferlern.
 
De famyljenamme wie troch François syn pake, Johannes Harmanus, gearstald út de nammen ''Haver'' en ''Schmidt'', wat mûglik de reden wie dat François dy letter sels skreau as ''HaverSchmidt''. De namme waard lykwols troch de [[boargerlike stân]] mei lytse 's' skreaun.
Rigel 38:
Nei syn ôfstudearjen besleat Haverschmidt om dochs mar dûmny te wurden. Hy koe net maklik in plak krije, oant [[Foudgum]] frij kaam. Yn [[1859]] die er dêr syn yntree. Syn traktemint wie 700 gûne sadat er net oan trouwen hoegde te tinken.
 
De ferhâlding mei de nije gemeente wie net bêst. Haverschmidt liet blike dat er frijsinnich wie en de gemeente wie otterdoks. Boppedat koe hyer him net ynlibje yn de opfettings fan syn gemeente. Hy hat wol besocht om brêgen te slaan, mar dat is him net slagge.
 
Haverschmidt libbe wer op as er yn in lyksinnige gemeente preekje mocht of as er frege waard foar nutslêzings. Hoewol't hyer ôfskie nommen hie fan Piet Paaltjens, hat er in swiere tiid trochmakke yn de Foudgumer pastorije. Syn ûnwissens en beslútleazens hawwe dêr ek in grutte rol by spile.
 
== Lettere libben ==
[[Ofbyld:Snikken_en_grimlachjes.jpg|thumb|right|Snikken en grimlachjes]]
[[Ofbyld:Auke_Hettema_-_Piet_Paaltjens_-_1960.JPG|thumb|right|Byld by [[Auke Hettema]] fan François Haverschmidt yn Leien]]
Yn [[1862]] krige er in berop nei [[De Helder]]. Hy hat it oannommen en yn Foudgum is er noch ferloofd. Op [[6 augustus]] [[1863]] is er yn Utert boaske mei Jacoba Osti.
 
Yn [[1894]] hat ds. Haverschmidt, dy't yntusken in berop nei [[Skiedam]] krigen hie, dêr yn in swiere [[Klinyske depresje|depresje]] in ein oan syn libben makke.
 
==Bibliografy==