Muntsjesyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 9:
| webstee = [http://www.kollumerzwaag.nl Webstee Kollumersweach]
}}
[[Ofbyld:Muntsjesyl.JPG|thumb|right|300px|''[[Slûs fan Muntsjesyl]] yn it Syldjip'']]
[[Ofbyld:Rustroest.jpg|thumb|250px|''Rust Roest yn 2009'']]
'''Muntsjesyl''', earder ''Muontsjesyl'', is it meast eastlike fan de 12 [[doarp|doarpen]] yn de gemeente [[Kollumerlân]]. It doarp hat likernôch 500 ynwenners.
Rigel 20:
Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsiuwen ûntstien is by de yn [[1476]] troch Sistersjinzer mûntsen fan [[Gerkeskleaster]] sleine slûs yn de [[Lauwers]], dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de [[16e iuw]] waard ferdigeningsskâns oanlein. De bouw fan de tsjintwurdige slûs yn [[1741]] foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it [[Syldjip]] en de [[Muntjesylster Ryd]].
 
==Bouwurken==
=== Herfoarme tsjerke ===
It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. Dy is der kommen mei in subsydzje fan de Steaten yn 1655. It liket derop dat de Boerumers der net folle foar fielden, want der is tsien jier oer de bou dien. Op 13 augustus 1665 hold ds. Johannes de Grauw syn earste preek yn de nije tsjerke. Oant 1856 ta waarden de tsjerketiden oanjûn troch in hoarn. Der waard om de safolle tiid wer wat oan de tsjerke ferboud. Yn 1899 waard besletten om it ris goed oan te pakken. De arsjitekt [[H.A. Zondag]] krige de opdracht om in fernijde tsjerke te ûntwerpen. Zondag liet him ynspirearje troch de [[Renessânse]].
[[Boerum]] en Muntsjesyl foarmje altyd noch in tsjerklike kombinaasje.
Line 26 ⟶ 27:
Muntsjesyl hat in oargel út om [[1755]] hinne. Wa't it boud hat is net bekend. Wis is dat de barokke kast makke is foar rooms-katolike [[skûltsjerke]] 'In den Toren' te [[Amsterdam]] . Fia de grifformearde tsjerke yn [[Ommen]] is it yn Muntsjesyl te lâne kommen. Yn 1985 hat de oargelbouwer A.J. Opten it ûnder hannen hân.
 
=== GifformeareOare tsjerkebouwurken ===
De grifformearde tsjerke, dy't tsjerklik ta Grinslân rekkene wurdt, boude yn 1913/14 in nije tsjerke. It ûntwerp wie fan de bekende Grinzer tsjerke-arsjitekt [[Egbert Reitsma]].
 
== Mûne ==
Yn it doarp stiet de yn [[1856]] boude [[nôtmole|nôtmûne]] [[Rust Roest]], dy't ek wol de Muntsjesylster Mûne neamd wurdt. De mûne is in reiddekte achtkante stellingmûne mei stiennen ûnderbou.
 
Deunby Muntsjesyl stiet de [[slûs fan Muntsjesyl]], in [[ryksmonumint]] út [[1882]].
 
== Mienskip ==
Line 44 ⟶ 46:
* kuorbalklup ''De Lauwers''
 
== Sjoch ek ==
* [[Slûs fan Muntsjesyl]]
{{Boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|M. de Vries-Adema}} - ''Munnekezijl-Beeld van een dorp''