Kay Lenz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
{{Akteur
| ôfbylding = Kay-lenz-trailer.jpg
| ôfbyldingstekst = Kay Lenz yn de trailer fan ''Breezy''
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme = Kay Ann Kemper
| nasjonaliteit = {{Flagge US|border}} [[FSA|Amerikaansk]]
| berne = [[4 maart]] [[1953]]
| berteplak = [[Los Angeles]]
| stoarn =
| stjerplak =
Line 14 ⟶ 13:
| jierren aktyf = 1972-no
| prizen =
| webside = {{en}} [https://www.imdb.com/name/nm0001464/ IMDb-profyl Kay Lenz]
}}
'''Kay Ann Lenz''' ([[Los Angeles]], [[4 maart]] [[1953]]) is in [[FSA|Amearikaansk]] [[aktrise]].
 
== Libben en wurk ==
===Jonkheid===
Lenz waard berne yn Los Angeles as dochter fan Ted Lenz, in produsint/kommintator en Kay Miller Lenz, model/radiotechikus. Se ferskynde op telefyzje as lytse poppe dy't troch in gast fêstholden waard yn in [[Telefyzjeprogramma|programma]] dat har heit produsearre.
 
===Wurkpaad===
Lenz begûn har karriêre mei optredens yn trije ôfleveringen fan ''This Is the Life'' doe't se 14 wie. Dêrnei ferskynde geregeld yn soksoarte tf-shows lykas ''The Andy Griffith Show'' (ûnder de artystenamme Kay Ann Kemper), ''Opie's Group'' (1967) en ek yn poadiumproduksjes. Se hie in lytse rol (as Kay Ann Kemper op de titelrol) yn ''American Graffiti'' (1973) as Jane, in famke by in dûns. As aktrise krige hja erkenning foar har titelrol prestaasje as de frijfochten geast yn ''Breezy'', regisearre troch [[Clint Eastwood]], dy't [[William Holden]] tige fêsthâld.
 
Lenz hie gastoptredens yn ''The Streets of San Francisco'', ''Gunsmoke'', ''MacGyver'', ''McCloud'', ''Cannon'', ''Petrocelli'' en spile in haadrol yn de film ''White Line Fever'' (1975) foardat hja yn 1976 ''[[Casting|cast]]'' waard foar de minyrige ''Rich Man, Poor Man'', dêr't se foar op de nominaasje kaam te stean foar in [[Emmy Award]]. Ek yn de ferfolchrige, ''Rich Man, Poor Man Book II'' (1977) hold se har rol. Sûnt de jierren tachtich hat hja gastrollen spile yn tal fan [[telefyzjesearje]]s.
 
Yn 1984 ferskynde hja yn [[Rod Stewart]]s [[fideoklip]] foar it liet "Infatuation". Se wûn in [[Emmy]] yn 1989 foar ''Midnight Caller''. Teffens waard se nominearre foar in Emmy foar har rol as flinke abbekaat Maggie Zombro yn it plysje/rjochtbankdrama ''Reasonable Doubts''.
 
===Priveelibben===